Anna fan Saksen
Anna fan Saksen (23 desimber 1544, Dresden - 18 desimber 1577, Dresden) wie in dochter fan Maurits fan Saksen en Agnes fan Hessen, en de twadde frou fan Willem fan Oranje. Hja trouden yn Leipzig op 24 augustus 1561.
- Dizze side giet oer de twadde frou fan Willem fan Oranje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Anna fan Saksen (betsjuttingsside).
It houlik tusken Anna fan Saksen en Willem fan Oranje wie min en op 14 desimber 1571 waard Anna twongen yn te stimmen mei in skieding. Anna waard ferfolgens kranksinnig ferklearre en har bern waarden fan har ôfnommen. De tiid fan libben dy't oerbleau brocht hja troch yn in tichtmitsele keamer yn it paleis fan de Saksyske keurfoarst yn Dresden. Troch útputting stoar sy dêr yn 1577. Hja leit yn Meißen begroeven.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |