Jotam (Hebriuwsk: יוֹתָם; "God is folmakke") wie in kening fan it keninkryk Juda. Syn regear en wurdt tusken 750 f.Kr. en 742 f.Kr. datearre.

Kening Jotam fan Juda

Jotam wie de soan fan kening Oezzia en Jerûsa, in dochter fan Zadok. Om't Oezzia nei in konflikt mei de prysters yn de timpel mei melaatskens straft en fan de mienskip ôfsûndere waard, moast Jotam it bestjoer oant de dea fan syn heit as regint waarnimme. Nei de dea fan Oezzia waard Jotan ta kening kroand en hy bleau lykas syn heit trou oan de God fan Israel. It folk lykwols die oan ôfgoaderij, mar dat liet kening Jotam fierder gewurde.

De kening liet de boppepoarte fan de timpel bouwe en wurk útfiere oan de muorre fan de Ofel, in smelle hichte súdlik fan de timpelberch. Ek joech de kening opdracht ta de bou fan stêden yn it berchlân en fersterkingen yn de bosken. In oerwinning op de Ammoniten levere de kening trije jier in grutte skatting op, itjinge syn macht fierder fuortsterke. Tidens syn regear krige Juda ek lêst fan it bûn tusken kening Rezin fan Aram en kening Pêkach fan Israel.

Jotam bestjoerde it lân sechtjin jier en waard opfolge troch syn soan Achaz.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bibelboek 2 Keningen 15:32-38
  2. Bibelboek 2 Kroniken 27