Joeri Krotkov
Joeri Vasilevitsj Krotkov (Kûtaisi, Georgje, 11 novimber 1917 - 26 desimber 1981) wie in Sovjet-Russysk dramaturch en romanskriuwer. Hy wurke as KGB-agint en rûn yn 1963 oer nei it Westen.
Joeri Krotkov | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Joeri Vasilevitsj Krotkov | |
nasjonaliteit | Sovjet | |
berne | 11 novimber 1917 | |
berteplak | Kûtaisi | |
stoarn | 26 desimber 1981 | |
wurk | ||
sjenre | Romans |
Krotkov waard berne yn Kûtaisi, de twadde stêd fan Georgië, en helle syn BA yn literatuer oan de Universiteit fan Moskou. Hy wurke foar TASS en Radio Moskou. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie er as KGB-agint ynformaasje-ofsier yn Berlyn, Dútslân. Yn 1956 wied er senarioskriuwer yn Moskou en noch hieltyd KGB-agint. Hy waard selektearre as ien fan de haadaginten yn de ferliedingsoperaasje tsjin Maurice Dejean, de Frânske ambassadeur yn de USSR, en dy syn frou. Krotkov moast de frou ferliede wylst ferskate froulike aginten itselde diene mei har man.
Krotkov fielde him skuldich oer de selsmoard fan de Frânske attasjee Louis Guibaud, dy't ek te meitsjen krige mei sa'n ferliedings-/kompromysoperaasje. Om reden dêrfan rûn er 13 septimber 1963 yn Londen oer nei it Westen. Yn 1964 stie er boarch foar KGB-ofsier Joeri Nosenko. Syn ynformaasje soe laat hawwe ta de ûntmaskering fan John Watkins, Kanadeesk ambassadeur yn de Sovjet-Uny.
Fan 1967 oant 1968 wenne er yn München, dêr't er omropper by it radiostasjon "Freedom" wie. Yn 1969 ferhuze er nei de Feriene Steaten en waard romanskriuwer. Hy libbe dêr ûnder de skûlnamme George Carlin. Hy skreau dêr I Am From Moscow (1967), The Red Monarch: Scenes From the Life of Stalin (1979), en De Nobel Prize (1980). Dat lêste boek ferskynde yn 1981 yn it Nederlânsk mei de titel De Nobelprijs.
Op grûn fan it boek The Red Monarch ferskynde yn 1983 de komeedzjefilm mei deselde namme.
Wurk
bewurkje seksje- 'Soldaat fan de wrâld': toanielstik yn trije bedriuwen. 1952
- I Am from Moscow. A View of the Russian Miracle. New York E. P. Dutton and Co. 1967
- The Nobel Prize. Londen, Hamish Hamilton. 1980. — Roman oer de barrens nei't Boris Pasternak Nobelpriis foar de Literatuer krige.
- The Red Monarch: Scenes From The Life Of Stalin. New York. 1979.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|