Lekkum

De ferzje fan 2 mai 2011 om 09.38 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (ôfbylden)

Lekkum is in doarp yn de gemeente Ljouwert, noard fan de stêd oan de Dokkumer Ie. It doarp hat likernôch 469 ynwenners (1 jannewaris 2005). Oant 1 jannewaris 1944 makke Lekkum diel út fan de gemeente Ljouwerteradiel. Lekkum hat in beskerme doarpsgesicht.

de himrik fan Lekkum
Tsjerke 2011
Dorpshûs De Weeme 2011

Tusken 1768 en 1898 stie hjir de state Ieburch dy't bouwe litten is troch skipsbouwer Tiete Hylkes Tromp (1704-1785) út Wâldsein. Syn grêfstien leit yn it tsjerkje fan Lekkum mar mei de wat foarnamere namme fan syn memmes kant: Tiete van Hettinga Tromp.

Mienskip

Lekkum foarmet mei de doarpen Snakkerbuorren en Miedum al ieuwen lang ien mienskip. De trije doarpen wurde ek wol De Trije Doarpen neamd. Der bestean in soad gearwurkingen tusken de doarpen, benammen op it mêd fan kultuer. Sa bestiet der it mienskiplike doarpsblêd De Kobbeflecht. De trije doarpen hawwe ek ien doarpsferiening, 'Doarpsbelang' dy't him ynset foar de belangen fan de doarpsbewenners. It doarpshûs hjit De Weeme.

De Professor Wassenberghskoalle is de basisskoalle fan it doarp. Everwinus Wassenbergh (1742-1826) is yn Lekkum berne en wie professor yn Frjentsjer. Hy hat him tige ynsetten foar it Frysk en leit yn Lekkum begroeven.

Ferienings

  • De Trije Doarpen - toaniel
  • Reitsje Him - keatsen

Befolking

Ferskaat

  • De Bulleloop is in hurdrinwedstryd yn Lekkum.
  • East fan it doarp stiet de Bullemûne, in poldermole út 1825.

Strjitten

Buorren, Canterlantswei, Cuperusstrjitte, De Bult, De Tromp, Ieboarchpaad, It Anker, Kealledykje, Lekkumerwei, Mearsterpaad, Michaelpaad, Miedwei, Tabedykje, Terp, Tsjerkepaad, Weme.

Sjoch ek

Keppeling om utens