Utfierend produsint

(Trochferwiisd fan Útfierende produsinten)

In útfierend produsint of yn it Ingelsk executive producer, is immen dy't in beskate managementfunksje beklaaid by it op kommersjele wize meitsjen (produsearjen) fan films, tillefyzjeprogramma's, radioprogramma's, muzyk of kompjûterspultsjes. Ofhinklik fan it oangeande medium en de organisatoaryske opbou fan it bedriuw dêr't hy of sy foar wurket, is sa'nent belêstge mei tafersjoch op it jild dat bestege wurdt oan 'e produksjes of mei tafersjoch op it jild dat fertsjinne wurdt mei de produksjes. Yn it lêste gefal giet de útfierend produsint oer bgl. de auteursrjochten en/of de royaltys. It berop fan útfierend produsint is benammen bekend út 'e filmyndustry; dêr geane sokken oer it algemien oer it budget foar de film, en wurkje se, oars as 'gewoane' filmprodusinten, net op 'e filmset. Saken dy't ta it wurk fan in útfierend produsint hearre, binne û.m. it meitsjen fan in produksjeplan en it lieding jaan oan in produksjeteam. De útfierend produsint is de einferantwurdlike foar de hiele produksje, en fungearret as oansprekpunt binnen de filmstudio foar it nimmen fan wichtige beslissings.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.