Anne Koopmans

Frysk skriuwer en learaar (1933-2004)

Anne Koopmans (Hallum, 30 oktober 1933 - Drachten, 28 novimber 2004) wie in Frysk skriuwer en learaar.

Anne Koopmans

Syn heit wie bakker. Nei de MULO gyng er nei de Rykskweekskoalle yn Ljouwert, hy krige dêr les fan minsken dy’t letter namme meitsje soene as Frysk dichter of cartoonist lykas Jan J. Bijlsma, Reinder Rienk van der Leest en Cor Hoekstra (Cork). Earst stie er twa jier oan in skoalle yn it Twentske Rijssen. Echt goed foldie it him dêr net, nei twa jier wie er werom yn Fryslân en kaam er ek werom yn de skoallebanken; op syn 24ste folge er noch de lêste twa klassen fan de HBS oan it Saailân yn Ljouwert. Dêrnei waard er learaar Frânsk, wiskunde en tekenjen oan de mafû op De Gordyk. In pear jier letter krige er in beneaming yn it Gelderske Brummen, mar wist al ridlik gau dat syn takomst yn Fryslân lei. Sûnt 1965 fertsjinne er as learaar de kost yn Drachten. Om’t it mei syn sûnens net goed gie, moast Koopmans yn 1988 syn baan yn it ûnderwiis opjaan.

Yn 1987 joech Anne Koopmans him op foar in skriuwkursus by it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum). Oant dan ta hie er kwalik wat skreaun, mar hy blykte talint te hawwen en op oanrieden fan syn dosint Bouke Oldenhof stjoerde er in ferhaal yn foar de Rely Jorritsma-priisfraach. Yn 1992 krige er in Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Sipke syn lêste reis en yn 1993 wûn er deselde priis foar syn fers Dimpte haven en waard syn ferhaal ‘Apparaten’ datselde jier bekroand mei in priis yn de dialektewedstriid fan de Nederlandse dialektendag yn ’s Hertogenbosch.

Hy debutearre mei it ferhaal ‘Gesellich’ yn moanneblêd De Strikel yn 1992. De Strikel pleatste, oant it blêd ophold te bestean begjin 1996, sawat alle moannen in ferhaal fan syn hân. Dêrnjonken ferskynden ferhalen fan him yn Hjir, Frysk & Frij en De Holder. Yn 1995 waard in seleksje fan syn ferhalen bondele, se kamen yn boekfoarm út ûnder de titel Fryslân boppe. De bondel wie in grut súkses, yn 2005 kaam de 4e printinge op de merk. It titelferhaal Fryslân boppe is tagelyk ek it langste, de lingte fan de ferhalen fariearret tusken de 5 en de 25 siden. De ûndertitel, Humoristyske ferhalen giet net op foar elk ferhaal, guon binne absurdistysk en oaren hawwe in tryste ûndertoan.
Anne Koopmans hat nei it útkommen fan syn boek noch inkelde ferhalen publisearre yn ûnder oaren de beide Strikelboeken dy’t ferskynden neidat it blêd net mear útkaam. Fan skriuwen kaam net folle mear, wol wie er noch aktyf as skilder en muzikant, hy hat jierren fioele en akkordeon spile yn de dixielandband ‘De Jasbeskermers’.

Ferhalebondel
  • Fryslân boppe (2e pr. 1995, 3e pr. 1996, 4e pr. 2005)
Prizen
  • 1992 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Sipke syn lêste reis)
  • 1993 : Rely Jorritsma-priis (fers: Dimpte haven)
  • 1993 : Bekroand ferhaal: Apparaten, yn de dialektewedstriid fan de Nederlandse Dialectendag yn ’s Hertogenbosch

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: