Blanke-Man-Regearret-Him

Blanke-Man-Regearret-Him (Ingelsk: White-Man-Runs-Him; Kriesk: Baaishtashíilinkuluush; Lodge Grass (Montana), ±1858 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 2 juny 1929) wie in Krieske kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Blanke-Man-Regearret-Him
persoanlike bysûnderheden
echte namme Baaishtashíilinkuluush
oare namme White Man Runs Him
nasjonaliteit Kriesk
Amerikaansk
berne ±1858
berteplak Lodge Grass (Montana)
stoarn 2 juny 1929
stjerplak yn it Krieë Reservaat (Montana)
etnisiteit Kriesk
wurkpaad
berop/amt ferkenner
jierren aktyf 1876
reden
  bekendheid
oanwêzich by de
   Slach oan de Little Bighorn

Blanke-Man-Regearret-Him waard omtrint 1858 berne yn 'e neite fan it plak dêr't no it doarp Lodge Grass leit, yn it suden fan 'e steat Montana, as de soan fan Bollehaadman en Biedt-Har-Reade-Doek-Oan. Hy stie ek wol bekend as Wite-Bizon-Dy't-Him-Omdraait, en wie in lid fan 'e Grutte Tipy Clan fan 'e Krieën.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 melde Blanke-Man-Regearret-Him himsels op 10 april 1876 by it Krieske Agintskip oan as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Datoangeande wied er ien fan tsientallen Krieske manlju dy't har by de Amerikanen joegen, mei't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, dêr't it Amerikaanske Leger tsjin focht, de tradisjonele fijannen fan 'e Krieën wiene. Blanke-Man-Regearret-Him soe in healjier by it Amerikaanske 7e Ynfanteryrezjimint tsjinje, mar op 21 juny waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, as ien fan in ôfdieling fan seis Krieske ferkenners. De oaren wiene Giet-Foarút, Krolhier, Hierrige Mokassin, Wite Swan en Heal Giel Gesicht. Dy lêste hie de lieding oer it seistal.

 
Eardere Yndiaanske ferkenners besykje yn 1913 it slachfjild oan 'e Little Bighorn. F.l.n.rj. Blanke-Man-Regearret-Him, Hierrige Mokassin, Krolhier en Giet-Foarút.

By de fjildtocht fan it 7e Kavaleryrezjimint yn 'e twadde helte fan juny wie Blanke-Man-Regearret-Him as ferkenner aktyf ûnder luitenant Charles Varnum. Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippen de seis Krieske ferkenners Varnum en Custer nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôgen se Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. De luitenant-kolonel besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan syn rezjimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong.

Om't se derfan oertsjûge wiene dat de slach net te winnen wie, begûnen de seis ferkenners harren legerunifoarmen út te dwaan. Doe't Custer witte woe wat dat moast, fertelden se him dat se as krigers stjerre woene en net as soldaten. Dat antwurd skeat Custer yn it ferkearde kielsgat, mei't er it as fatalisme beskôge. Sadwaande ûnthefte er likernôch in oere foar it begjin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn Blanke-Man-Regearret-Him en de oare fiif ferkenners út harren tsjinst. Dêrmei rêde er har it libben, want de slach wie yndie net te winnen, en Custer sels en it grutste part fan syn mannen waarden troch in oermacht oan Lakota, Sjajinnen en Arapaho op in heuvel besingele en oan de lêste man ta útrûge.

Blanke-Man-Regearret-Him loek him yn 'e mande mei Giet-Foarút, Hierrige Mokassin en Slacht-Dy-Bear, in Arikara-ferkenner, by de heuvelrêch lâns werom, en se joegen har by it detasjemint fan it 7e Kavaleryrezjimint dat ûnder befel stie fan majoar Marcus Reno. Dêrmei waarden se koart yn 'e slach behelle, mar oerlibben dat treffen. Nei de Amerikaanske nederlaach joegen se har by de troepen fan kolonel John Gibbon.

 
Pauline Small, langjierrich bestjoerster fan 'e Krieë Stamme en in pakesizzer fan Blanke-Man-Regearret-Him, giet foarop mei de Krieëflagge yn 'e hân by de optocht dêr't de Krieë-Merke mei iepene wurdt.

Letter libben en dea

bewurkje seksje

Nei't er syn tiid as ferkenner útstjinne hie, fêstige Blanke-Man-Regearret-Him him deunby syn berteplak Lodge Grass yn it Krieë Yndianereservaat. Hy wie de styfpake fan Joe Medicine Crow, in histoarikus dy't letter de ferhalen fan 'e âldman as basis brûke soe foar in boek oer de Slach oan 'e Little Bighorn. Teffens wie Blanke-Man-Regearret-Him de pake fan Pauline Small, dy't yn 1966 as earste frou yn it bestjoer fan 'e federaal erkende Krieë Stamme keazen waard.

Syn status as oerlibbene fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn skonk Blanke-Man-Regearret-Him letter yn syn libben in beskate bekendheid, en hy hie sels in kameoroltsje yn 'e Hollywood-western Red Raiders, út 1927. Hy wenne de rest fan libben yn 'e Delling fan 'e Bighorn yn it Krieë Reservaat fan súdlik Montana, op mar inkele kilometers ôfstân fan it plak fan 'e ferneamde fjildslach. Dêr stoar er yn 1929, yn 'e âlderdom fan likernôch 71 jier. Blanke-Man-Regearret-Him waard begroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn.

Syn eachtsjûgeferslach fan 'e fjildslach is fêstlein yn it boek The Custer Myth, fan C. Graham (side 20-24), en ek yn It Is a Good Day to Die: Indian Eyewitnesses Tell the Story of the Battle of the Little Bighorn, fan Herman J. Viola en Jan Shelton Danis, út 2001. In lytse poel yn 'e neite fan Lodge Grass stiet pleatslik bekend as Baaishtashíilinkuluush Alaaxúa ("Dêr't Blanke-Man-Regearret-Him Him Ferburch"). In beekje yn dy krite, mei as namme Baaishtashíilinkuluush Isalasáh te, is ek nei him ferneamd, en stiet yn it Ingelsk bekend as Whiteman's Creek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.