Cowgirlhâlding

(Trochferwiisd fan Cowgirl (seksposysje))

De cowgirlhâlding, soms ek wol de amazônehâlding neamd of simpelwei (be)riden, is in sekshâlding wêrby't de penetrearjende sekspartner op 'e rêch leit en de ûntfangende partner oerskrank oer dyjinge hinne sit en him 'beriidt' as in soarte fan cowgirl of amazône (froulike ruter). Nau besibbe sekshâldings binne de sittende cowgirlhâlding, de lotushâlding, de omkearde cowgirlhâlding, de omkearde misjonarishâlding en de lapdancesekshâlding.

De cowgirlhâlding.

Neiere beskriuwing

bewurkje seksje

Yn 'e folgjende beskriuwing sil foar de ienfâld de penetrearjende sekspartner de man neamd wurde en de ûntfangende sekspartner de frou. Mei't de cowgirlhâlding sawol foar faginale seks as foar anale seks brûkt wurde kin, giet itselde op foar twa homoseksuele manlike sekspartners, en likegoed foar twa lesbyske froulike sekspartners as hja gebrûk meitsje fan in foarbyndildo.

By de cowgirlhâlding leit de man ornaris plat op 'e rêch, mar it is ek mooglik dat er in mear sittende posysje hat. De frou sit oerskrank oer him hinne, sadat se har fagina rjocht boppe syn penis hâldt. Dan kringt hy by har binnen en beweecht sy op en del op syn ereksje. De frou kin dêrby op 'e knibbels sitte en dus op 'e ûnderskonken stypje, mar it is ek mooglik dat se yn 'e hoksen sit en stipet op har fuotsoallen. De penetraasje kin op ferskillende wizen bewurkmastere wurde: troch fysyk op en del te bewegen, wêrby't de hoeke fan 'e beweging ferskille kin, mar ek troch op 'e manlike sekspartner sitten te bliuwen en inkeld fan foarren nei efteren of sydlings hinne en wer te widzjen. De frou kin ek hielendal net bewege en har manlik partner it wurk dwaan litte. As hy op in hurd oerflak leit, lykas de flier of in taffelblêd, wol dat net bot, mar as it oerflak dêr't er op leit meijout, lykas in bêd of in bank, slagget it wol. Ek kin de frou har bekken wat optille, sadat der foar har partner romte ûntstiet om omheech te stjitten.

 
De omkearde misjonarishâlding werjûn op in akwarel fan Johann Nepomuk Geiger (1840).

De cowgirlhâlding jout de froulike sekspartner mear bewegingsfrijheid en kontrôle as de mear gebrûklike misjonarishâlding, wêrby't se plat op har rêch leit mei de manlike sekspartner boppe-op har. Sy kin yn dit gefal it ritme en tempo fan 'e faginale stimulaasje bepale en teffens de doer en djipte fan 'e penetraasje. In oar foardiel fan 'e cowgirlhâlding oer de misjonarishâlding is dat de man himsels net hoecht te ûnderstypjen, sadat er de hannen frij hat om oare erogene sônes fan 'e frou te stimulearjen, lykas har boarsten, spiennen, stuten of klitoris. Oars as by de misjonarishâlding linet it lichem fan 'e manlike sekspartner net op dat fan 'e frou, wat in grut foardiel is as de froulike partner swier is. Oars as by de hûntsjeshâlding kinne de sekspartners by de cowgirlhâlding eachkontakt behâlde.

Omkearde misjonarishâlding

bewurkje seksje

De omkearde misjonarishâlding ferskilt mar sa'n bytsje fan 'e cowgirlhâlding, dat er ornaris net as in oare sekshâlding werkend wurdt. Ynstee fan it boppelichem rjocht of skean omheech te hâlden, lykas by de cowgirlhâlding, flijt de froulike partner har boppeliif by de omkearde misjonarishâlding del op it boppelichem fan har sekspartner, sadat har boarsten op syn boarstkas rêste. Dit is de omkearde foarm fan 'e misjonarishâlding, mei de frou boppe en de man ûnder, wylst by de misjonarishâlding de frou ûnder en man boppe leit.

De omkearde misjonarishâlding wurdt yn 'e regel brûkt sadat de beide sekspartners ûnder it hawwen fan seksuele omgong tongtútsje kinne. Dizze posysje set lykwols ek mear druk op 'e fenusheuvel en klitoris fan 'e froulike partner. As de man syn skonken wider útinoar docht, kin de frou harres dêrtuskenyn lizze. Yn dy hâlding kin hja de druk op syn penis fergrutsje troch har billen tsjininoaroan te triuwen. Sa wurdt har fagina nauwer mar kin se dochs sels noch it tempo en de djipte fan 'e penetraasje bepale.

 
In ôfbylding fan 'e lotushâlding.

Sittende cowgirlhâlding

bewurkje seksje

By de sittende cowgirlhâlding nimme de beide sekspartners likernôch deselde lichemshâlding oan as by de cowgirlhâlding, mei it ferskil dat de man rjochtop sit, bgl. op in stoel of in bank, ynstee fan dat er plat op 'e rêch leit. De frou sit oerskrank oer him hinne en har lichemshâlding is dus persiis deselde as by de 'gewoane' cowgirlhâlding.

Lotushâlding

bewurkje seksje

Nau oan 'e sittende cowgirlhâlding besibbe is de lotushâlding. Dat is yn algemiene sin in ferwizing nei in sittende lichemshâlding dy't ûntstien is yn 'e Yndyske Aldheid en tsjintwurdich sterk assosjearre wurdt mei meditaasje yn 'e religieuze tradysjes fan it hindoeïsme, jaïnisme en boedisme. It liket wol wat op 'e yn it Westen bekendere kleanmakkerssit, mar by de lotushâlding wurde de fuotten krúslings op 'e boppeskonken pleatst.

De lotushâlding as sekshâlding wykt dêr wat fanôf; dêrby sit de man rjochtop, mooglik yn 'e algemiene lotushâlding of yn 'e kleanmakkerssit, mar hy kin ek gewoan mei de knibbels opheech en de fuotsoallen op 'e flier sitte. De frou sit by him op 'e skurte, mei de foarkant fan har lichem nei him ta en mei de skonken om syn mul hinne. Se sit dus net oerskrank op har knibbels of yn 'e hoksen; ynstee rêst har folle gewicht op 'e skurte fan har sekspartner en kin sy har fuotten efter syn ûnderrêch kruse. Wylst se seksuele omgong hawwe, omearmje de beide sekspartners inoar, sadat se mei de boppelichems tsjininoar oan bewege. Dit wurdt beskôge as in tige yntime wize om seks te hawwen.

 
In ôfbylding fan 'e omkearde cowgirlhâlding troch Mihály Zichy1911).

Omkearde cowgirlhâlding

bewurkje seksje

De omkearde cowgirlhâlding (Ingelsk: reverse cowgirl position), of ek wol de omkearde amazônehâlding, is itselde as de cowgirlhâlding, mei as ferskil dat de froulike partner hjirby mei it gesicht nei de fuotten en de rêch nei it gesicht fan har manlike partner ta sit. As se har dan efteroer op him deljaan soe, sadat se mei de rêch op him leit, kinne se tegearre maklik op 'e side rôlje en ûntstiet de leppeltsje-leppeltsjehâlding.

Krekt as by de cowgirlhâlding kin de frou by de omkearde cowgirlhâlding op 'e knibbels sitte, mar ek yn 'e hoksen. Nei't sy of har manlike sekspartner syn penis yn har fagina nei binnen laat hat, kin se rjocht of skean op en del bewege, mar ek foaroer lynje om fan foarren nei efteren of sydlings hinne en wer te bewegen. De man kin dêrby de skonken plat dellizze of de knibbels omheech bringe om him better ôfsette te kinnen. Foar de man fielt de omkearde cowgirlhâlding restriktiver om't syn ereksje omheech stekke wol, mar by dizze sekshâlding omleech bûgd wurdt. Krekt as by de cowgirlhâlding bepaalt de froulike sekspartner it tempo en de doer en djipte fan penetraasje.

It is by de omkearde cowgirlhâlding makliker as by de gewoane cowgirlhâlding foar de frou om har skonken tusken dy fan 'e man yn te pleatsen en sa har fagina nauwer te meitsjen. Fierders soe de omkearde cowgirlhâlding wêze om it G-plak, in gefoelich diel fan 'e faginawand, te stimulearjen. De frou kin yn dizze posysje ek tagelyk sels troch fingerjen har klitoris stimulearje.

Lapdancesekshâlding

bewurkje seksje

De lapdancesekshâlding of omkearde sittende cowgirlhâlding liket sterk op 'e omkearde cowgirlhâlding, mei it ferskil dat de man rjochtop sit, yn 'e regel op in stoel. De frou sit mei har rêch nei him ta op syn skurte, oerskrank of tusken syn skonken yn. De namme fan dizze sekshâlding is ûntliend oan 'e lapdance, in foarm fan net-penetratyf sekswurk wêrby't (faak) deselde lichemshâlding oannommen wurdt troch in stripper en har klant.

Dûbele cowgirlhâlding

bewurkje seksje

De dûbele cowgirlhâlding, of ek wol de dûbele amazônehâlding, is in sekshâlding foar in trio, wêrby't de man plat op 'e rêch lizzen giet, wylst de beide froulju op him sitten geane, ien op syn penis en de oare op syn gesicht. Dit is in ferminging fan faginale seks en orale seks. De froulju kinne dêrby mei it gesicht deselde kant út wize, wat betsjut dat de frou dy't op it gesicht fan 'e man sit, mei de rêch nei de oare frou ta sit. It is ek mooglik dat de frou dy't op it gesicht fan 'e man sit, mei it gesicht nei de oare frou ta sit. Dat makket tongtútsjen en it stimulearjen fan boarsten, spiennen en klitoris tusken de beide froulju ûnderling mooglik.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.