De Fryske Marren
De Fryske Marren (offisjeel Frysk; Nederlânsk: De Friese Meren) is in gemeente yn it suden fan Fryslân. It haadplak en grutste plak fan De Fryske Marren is De Jouwer. Oare gruttere plakken binne Balk, De Lemmer en Sint-Nyk. Ek de stêd Sleat heart by de gemeente, dy't in oerflak fan likernôch 560 km² hat (wêrfan 198 km² oan wetter). De Fryske Marren hat 51.938 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).
Skiednis
bewurkje seksjeDe Fryske Marren is ûntstien op 1 jannewaris 2014 troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. Ek it doarp Terherne is op dyselde deis, by it opdoeken fan 'e gemeente Boarnsterhim, by De Fryske Marren kommen te hearren. De plakken Haskerdiken en Nijbrêge binne lykwols fan it eardere Skarsterlân oergien nei de gemeente It Hearrenfean.
Namme
bewurkje seksjeDe namme ferwiist nei de Fryske marren. De Nederlânske ferzje fan dizze namme, De Friese Meren, waard brûkt as wurknamme en ynearten ek as offisjele gemeentenamme. De gemeenterie hat it foech om 'e namme fan in gemeente te feroarjen, dat de wurknamme wie net definityf. Tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezings is der in referindum holden. Bewenners mochten dêrby sels ek in namme yn tsjinje. Fan 'e ynwenners keas 42,4% foar de Nederlânske namme De Friese Meren, 41,6% foar de Fryske namme 'De Fryske Marren', 2,9% foar 'Marrelân' en 1,8% foar 'Sudergoa'.
Yn it koälysjeakkoard tusken FNP en CDA waard lykwols dochs besletten om foar de Fryske namme 'De Fryske Marren' te kiezen. De FNP wie by de gemeenteriedsferkiezings de grutste partij wurden en syn doel wie en kies foar in Fryske namme. Koälysjepartner CDA stimde dêrmei yn. De FNP ferdigenet syn stânpunt mei it argumint dat in mearderheid fan 'e befolking (53%) him yn it referindum útspriek foar in Fryske namme, wêrby't men de oare beide Fryske nammefoarstellen meirekkenet. Boppedat is de FNP de grutste partij wurden en stie dúdlik yn it partijprogram dat dy foar in Fryske namme wie.
De foarstelde nammeferoaring waard op 23 april 2014 troch de nij ynstelde gemeenterie bekrêftige mei 19 tsjin 12 stimmen en gie op 1 july 2015 yn. Der kaam wat opskuor tsjin de nammeferoaring. De benammen út ûndernimmers besteande stifting 'Vrienden van de Friese Meren'[1] fierden noch in efterhoedegefjocht tsjin wat neffens harren sizzen jildfergriemen wie, mar krigen har sin net.
Plakken
bewurkje seksjeDer binne 51 plakken yn de gemeente, wêrfan Sleat de iennichste stêd is.
- Buorskippen yn De Fryske Marren
- Marren en puollen yn De Fryske Marren
De Fluezen, Goaiïngarypster Puollen, Grutte Brekken, De Holken, De Kûfurd, Langwarder Wielen, Aldhôf, Sleattemermar, Snitser Mar en Tsjûkemar hearre by de Fryske marren.
Kanalen en sleatten
bewurkje seksjeIt besjen wurdich
bewurkje seksje- It Yr. D.F. Woudagemaal op De Lemmer stiet op de list fan wrâlderfgoed fan UNESCO.
- Ryksmonuminten top 3: Sleat (50 monumenten), Balk (33 monuminten) en De Lemmer (29 monuminten).
- Rysterbosk by Riis yn Gasterlân.
- Lemsterslûs op De Lemmer.
Kultuer
bewurkje seksjePolityk
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan De Fryske Marren bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij | ferkiezings 2018[2] | ferkiezings 2022[3] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
CDA | 23,8 | 8 | 18,8 | 6 |
FNP | 20,0 | 7 | 20,5 | 7 |
VVD | 12,7 | 4 | 11,0 | 4 |
PvdA | 12,3 | 4 | 9,1 | 3 |
GrienLinks | 8,5 | 2 | 8,0 | 2 |
D66 | 7,1 | 2 | 4,5 | 1 |
NCPN | 6,3 | 2 | 4,9 | 1 |
KristenUny | 5,6 | 1 | 4,1 | 1 |
BFM | 3,7 | 1 | 5,5 | 2 |
KFM | - | - | 9,5 | 3 |
FvD | - | - | 4,1 | 1 |
ûnjildich & blanko | 0,6 | 0,3 | ||
opkomst/totaal sitten | 57,5% | 31 | 57,7% | 31 |
Gemeenteliet
bewurkje seksjeYn septimber 2014 waard it gemeenteliet wrâldkundich makke. Skriuwer is Sieger Bijsterveld fan De Jouwer.
- It is it lân dêr't ik grutsk op bin,
- fan wetter bosk en greide.
- It binn' ús eigen Fryske Marren,
- it lân fan myn hert.
- It is it plakje yn ús Fryslân,
- it binn' De Fryske Marren!
- It is it folk dêr't ik grutsk op bin,
- de frjemden en de freonen,
- bewenners fan De Fryske Marren,
- it folk fan myn hert.
- It binn' de minsken fan ús Fryslân,
- en fan De Fryske Marren.
- Bewenners fan De Fryske Marren,
- it folk fan myn hert.
- It is it plakje yn ús Fryslân,
- it binn' De Fryske Marren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|