Demintens
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Demintens (fan it Latynske dementia), ek wol omskreaun as 'yn jin (twadde) bernskens wêze', is in samling fan oandwaningen dy't karakterisearre wurde troch in kombinaasje fan mearfâldige steuringen yn de ferstanlike fermogens (wêrûnder it ûnthâld), stimming en hâlden en dragen. Demintens komt foar by klinyske syndromen dy't troch ferskillende harsensykten feroarsake wurde kinne.
De spesifike kenmerken fan de ferskillende kombinaasje wurde troch aard, lokalisaasje en earnst fan de ôfwikingen yn de harsens bepaald.
Foarmen fan demintens
bewurkje seksje- Sykte fan Alzheimer: komt it meast foar (65% fan misken mei demintens), eartiids ek (pre)senile demintens of dementia (prae)senilis neamd;
- Faskulêre demintens: feroarsake troch CVA's en/of skansearre wite stof;
- Lewy-body-demintens en Parkinson-disease-dementia (PDD). By de sykte fan Parkinson wurde "Lewy bodies", insluitsels fan aaiwytôfbrekprodukten, yn de senuwsellen fan de substantia nigra ('swarte stof') fûn; by dizze foarmen fan demintens wurde se ek yn de bast fan de harsens fûn. By Lewy body-dementie begjint demintens al ier yn it sykteproses; fan Parkinson-disease-dementia (PDD) wurdt sprutsen at deminsjeferskynsels earst yn de rin fan de sykte fan Parkinson foarkomme.
- Chorea fan Huntington
- Frontotemporale demintens: oantaasting fan de frontale en temporale parten fan it brein. Meast bekende foarm is de sykte fan Pick (sjoch ek: Arnold Pick).
- Normal Pressure Hydrocephalus: it oanmeitsjen en ôffieren fan likwor (harsensfocht) is fersteurd.