Diken
Diken is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren oan de eastkant fan De Kûfurd. It leit west fan Langwar en eastlik fan De Kûfurd.
Diken | ||
Klokkestoel | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 45 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8528 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 43' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Diken yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Diken hat 45 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarpke is oarspronklik in boerestreek oan de eastkant fan De Kûfurd, mei in stik of wat opfearten en liket oerflakkich besjoen in útbuorren fan Langwar. Alde kaarten litte lykwols sjen dat de histoarje fan it âlde streekdoarpke ‘binnen de diken’ wol wat yngewikkelder west hawwe moat. ‘Inde Dycken’ (1664), in heale iuw letter ‘De Dyken’ neamd en no dus Diken, hie har eigen himrik, dy 't neffens W.T. van der Leij rûn oant de westkant fan De Kûfurd. Dat wiist op de ûntginningsskiednis en in relaasje mei Smelbrêge tichtby Wâldsein. De Kûfurd wie trouwens wol sa ûndjip dat fee en feedriuwers der trochhinne wâdzje koenen. No farre in soad boaten fan De Lemmer oer De Kûfurd nei de Fryske marren. De bebouwing oan de westkant fan De Kûfurd krige nei de oarloch in nije doarpsnamme: Koufurderrige.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Diken part fan ynearsten de gritenij en nei 1851 de gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei wie it part fan de gemeente Skarsterlân dy't yn 2014 wer opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
Obbema
bewurkje seksjeUnder Diken stie it Obbemahûs. De krekte lokaasje is net bekend. It "Obbe huys yn dy Dycken" waard foar it earst yn 1491 neamd. Yn 1491 slagge it Hartman Harincxma fan Heech it Obbemahûs te feroverjen mei mar njoggen soldaten, doe 't de eigener mei syn frou nei tsjerke wie. Syn frou wie in dochter fan Epe Tiestes Hettinga en hy kaam om syn dochter en skoansoan help te jaan. In ûnberoaide Hartman smiet ta ferdigening stien fan de muorre ôf nei ûnderen, mar hy waard "met een busse geschoeten in zyn hooft, dat hy terstont neder viel, ende bleeff doot". [2]
Tsjerke
bewurkje seksjeDiken wie eartiids in doarp mei in tsjerke dy't om 1650 hinne al ferrinnewearre wie en yn 1720 net mear as in ruïne wie. De oerbliuwsels fan de tsjerke waarden sjoen dat se neat mear wurdich wiene dat er net op ôfbraak ferkocht waard, dat in gelikense sitewaasjes yn dy tiid gauris al it gefal wie.
By de tsjerke stie de klokkestoel dy't nei it ôfbrekken fan de tsjerke op it tsjerkhôf stean bleaun wie. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok jatten en omraand yn Dútslân. De klokkestoel waard dêrnei ôfbrutsen en yn 1984 fannijs opboud mei in nije klok. Yn 2002 waard it tsjerkhôf renovearre.
Mienskip
bewurkje seksjeBekende ynwenners
bewurkje seksje- Ed Nijpels - kommissaris fan de keninginne fan Fryslân (2002-2008) wenne foar in skoft yn Diken.
Befolking
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|