Ferearing
Ferearing is in aktiviteit dy't troch minsken ûndernommen wurdt om utering te jaan oan harren tawijing oan ien of mear godheden. By foarâldenferearing giet it om jins fergoade foarâlden, by idolatry om fergoade foarwerpen en by soölatry om fergoade bisten.
Ferearing kin yndividueel dien wurde, mar ek mienskiplik, yn in formele of ynformele groep. Foar sawol yndividuele as mienskiplike ferearing kin men in ritueel brûke, wat betsjut dat de foarm dy't de ferearing oannimt, yn 't foar fêstlein is. Sa'n ritueel kin bgl. it opdragen fan in gebed, it útfieren fan in offerritueel of it sjongen fan in hymne wêze. Yn it kristendom nimt formele ferearing oer it algemien de foarm oan fan 'e earetsjinst op snein yn tsjerke. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke sprekt men ynstee fan mis.
As der sprake is fan in formele groep, is der ek faak immen dy't de lieding oer de ferearing hat. Hoe't sa'n persoan neamd wurdt, ferskilt nei religy; it kin gean om in sjamaan, medisynman, dûmny, pastoar, preester, rabbyn, imaam, ensfh. In algemienere beneaming foar sa'nent is foargonger.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |