Galje
Galje is de namme dêr't eartiids (troch de Romeinen) it westlike part fan Jeropa mei oantsjutten waard. It is in gebiet dat oerienkomt mei it moderne Frankryk, Belgje, it westen fan Switserlân en dielen fan Nederlân en Dutslân westlik fan de Ryn. Gallia is noch hieltiten de Grykske namme foar Frankryk. De bewenners fan Galje, de saneamde Galjers binne ek bekend as Kelten en jilde as de oarspronklike befolking foar in grut part fan Jeropa.
Bewenners
bewurkje seksjeYn de Romeinske tiid wennen de Galjers oer hiel Jeropa ferspraat en sprutsen hja ferskate Keltiske dialekten. Guons fan harren wennen op de flakten fan noard-Itaalje, it saneamde Gallia Cisalpina (Galje oan dizze kant fan de Alpen) en Feneetsje. Oare Kelten emigrearren oer de Pyreneeën hinne, nei it noarden en westen fan Spanje, dêr't sy har mei de Ibearyske oerbewenners fermingen ta it folk fan de Keltiberiërs, dat in oan it Galysk besibbe taal spruts.
It gebiet waard ûnderferdield yn:
- Gallia Cisalpina (Súd Alpen)
- Gallia Transpadana (Noard Po)
- Gallia Cispadana (Súd Po)
- Gallia Transalpina (westlik fan de Alpen)
- Gallia Narbonensis provincia
- Gallia Comata (tusken Ryn & Pyreneeën)
- Gallia Belgica
- Gallia Aquitania
- Gallia Celtica
Yn sawat al dy "Galje's" waarden dialekten fan deselde Keltiske taal sprutsen. Yn Aquitania waard lykwols in folslein oate taal sprutsen, besibbe oan it Baskysk en (wierskynlik) ek oan it distiid útstoarne Iberysk. It is om geografyske redenen dat Caesar dat diel ta "Gallia Comata" rekkene.
Skiednis
bewurkje seksjeGalje waard troch de Romeinen beset yn de perioade tusken 58 f.Kr. - 51 f.Kr., neidat Caesar de Galyske stammen yn dat gebiet ferslein hie. Hy skreau syn ûnderfinings yn in boek Commentarii de bello Gallico (Ferslaggen oer de Galyske oarloch). Dy oarloch koste oan mear as in miljoen Galjers it libben en sawat in miljoen minsken waard ta slaaf makke. It gebiet waard dêrnei as in Romeinske provinsje bestjoerd mei Lyon as haadstêd. Fan dy tiid ôf hawwe de Galjers ûnder grutte ynfloed fan de Romeinen stean en waarden sy Romanisearre. Stadichoan waard taal en brûkmen fan de Romeinen oernaam. De Keltyske taal waard ynnommen troch it Latyn dat oan de basis leit fan it moderne Frânsk.
Fan de 3e iuw ôf rûn it Romeinske gesach, troch tanimmende druk fan ynfallende Germaanske stammen, tebek. Op 31 desimber 406 stutsen ferskate Germaanske stammen de Ryn oer, en set de ynvaazje fan Galje útein (sjoch: it Grutte Folksferfarren. Yn 486 kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Galje, doe't de Romeinsk hearsker Syagrius ferslein waard troch de Franken.