Gardner Dozois
Gardner Dozois (útspr.: [ˈgaːɹdnəɹ doʊˈzwɑː], likernôch: "gaar-dnur doo-zwaa"; folút: Gardner Raymond Dozois; Salem (Massachusetts), 23 july 1947 – Philadelphia, 27 maaie 2018) wie in Amerikaansk skriuwer en redakteur fan benammen science fiction-literatuer. Hy wurke fan 1984 oant 2004 as haadredakteur fan it tydskrift Asimov's Science Fiction en stie benammen bekend om syn gearstalling fan in grut tal blomlêzings mei koarte ferhalen (fan oare auteurs), net inkeld op it mêd fan science fiction, mar ek fan fantasy en horror. Dozois wûn 16 kear de prestizjeuze Hugo Award, de wichtichste priis foar science fiction- en fantasyliteratuer, en dêropta ek 2 kear in Nebula Award, 1 kear in World Fantasy Award en mar leafst 43 kear in Locus Award. Hy waard yn 2011 opnommen yn 'e Science Fiction Hall of Fame.
Gardner Dozois | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gardner Raymond Dozois | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 july 1947 | |
berteplak | Salem (Massachusetts) | |
stoarn | 27 maaie 2018 | |
stjerplak | Philadelphia (Pennsylvania) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | science fiction, as red. ek fantasy | |
bekendste wurk(en) |
Asimov's Science Fiction The Year's Best Science Fiction | |
prizen | 16× Hugo Award 2× Nebula Award 1× World Fantasy Award 43× Locus Award | |
jierren aktyf | 1970 – 2018 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeDozois waard yn 1947 berne yn Salem, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, yn in famylje fan Frânsk etnysk komôf. Hy slagge yn 1965 foar syn eineksamens oan 'e middelbere skoalle Salem High School. Fan 1966 oant 1969 tsjinne er ûnder de Fjetnamoarloch yn it Amerikaanske Leger, mei de funksje fan sjoernalist. Nei't er ôfswaaid wie, sette Dozois him nei wenjen yn New York-Stêd, dêr't er begûn te wurkjen as redakteur op it mêd fan science fiction-literatuer. Neffens himsels fielde er him al fan bern ôf oan ta dat sjenre oanlutsen as manear om oan 'e lytsboargerlikheid fan syn berteplak te ûntsnappen.
Karriêre
bewurkje seksjeAs skriuwer brocht Dozois benammen koarte fiksje út. Ien fan syn koarte ferhalen waard yn septimber 1966 troch Frederik Pohl publisearre yn it tydskrift If. Dêrnei ferskynden der pas wer (fjouwer) ferhalen fan him yn 1970, wêrûnder trije yn 'e blomlêzingsrige Orbit, fan Damon Knight. Dozois wûn twaris de Nebula Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal: yn 1983 foar The Peacemaker en yn 1984 foar Morning Child. Syn koarte ferhalen waarden sammele yn fjouwer ferhalebondels: The Invisable Man (1977), Slow Dancing through Time (1990), Morning Child and Other Stories (2004) en When the Great Days Come (2011). Twa oare bondels, Geodesic Dreams (1992) en Strange Days (2001), befetsje werpublikaasjes fan syn bêste ferhalen.
Romans meitsje in folle behindiger diel fan Dozois syn oeuvre út. As solo-skriuwer produsearre er mar ien roman, Strangers (1978). Dêrnjonken skreau er Nightmare Blue (1977) mei George Alec Effinger en Hunter's Run (2008) mei George R.R. Martin en Daniel Abraham. In fjirde roman, City under the Stars, dy't er tegearre mei Michael Swanwick skreau, waard yn 2020 postúm publisearre. Swanwick foltôge ek in lang fraachpetear mei Dozois, wêryn't eltse publikaasje út syn lange karriêre op 't aljemint kaam. It krige de titel Being Gardner Dozois: An Interview by Michael Swanwick, en waard publisearre yn 2001. It wûn de Locus Award foar non-fiksje en wie in finalist foar de Hugo Award foar bêste oanbesibbe literatuer.
As redakteur sette Dozois syn karriêre yn 'e 1970-er jierren útein mei wurk foar tydskriften as Galaxy Science Fiction, If, Worlds of Fantasy en Worlds of Tomorrow. Yn 1984 waard Dozois haadredakteur fan it tydskrift Asimov's Science Fiction. Neitiid begûn er him mear dwaande te hâlden mei it redigearjen fan oarmans wurk en publisearre er sels minder. Foar (benammen) syn wurk by Asimov's wûn er de prestizjeuze Hugo Award foar bêste profesjonele redakteur fyftjin kear yn 'e santjin jier tusken 1988 en syn pinsjonearring yn 2004.
Dozois skreau ek resinsjes oer boeken foar it tydskrift Locus. Boppedat brocht er in grut tal blomlêzings fan oarmans wurk út, faak yn gearwurking mei oaren. Sa sette er yn 1984 útein mei de rige The Year's Best Science Fiction, wêrfan't er úteinlik 35 edysjes publisearre. Mei Sheila Williams brocht er fan 1989 ôf in rige blomlêzings út mei de bêste koarte fiksje dy't yn Asimov's Science Fiction ferskynd wie. Mei Jack Dann fersoarge er foar Ace Books in lange rige tematyske blomlêzings mei selsútlizzende titels lykas Aliens!, Mermaids! en Clones, wêrfan't de earste al yn 1980 ferskynde. En fan 2009 oant 2015 redigearre er tegearre mei George R.R. Martin in stikmannich blomlêzings mei ferhalen út ferskillende sjenres fan spekulative fiksje.
Neffens George R.R. Martin wie Dozois de wichtichste en ynfloedrykste science fiction-redakteur sûnt John W. Campbell. Koarte ferhalen dy't hy útornearre foar edysjes fan syn rige The Year's Best Science Fiction hiene ein 2015 44 Hugo Awards, 41 Nebula Awards, 32 Locus Awards, 18 Theodore Sturgeon Awards en 10 World Fantasy Awards wûn. Sels wûn Dozois mei syn wurk yn totaal 43 Locus Awards, 16 Hugo Awards, 10 Science Fiction Chronicle Awards, 2 Nebula Awards, en 1 World Fantasy Award (foar de blomlêzing Dangerous Women, út 2014, mei George R.R. Martin). Syn koarte novelle Counterfactual wûn yn 2006 de Sidewise Award for Alternate History. Yn 2016 wûn er foar syn hiele oeuvre de Edward E. Smith Memorial Award for Imaginative Fiction (better bekend as de Skylark Award) fan 'e New England Science Fiction Association (NESFA). Yn 2011 waard Dozois ynhuldige as lid fan 'e Science Fiction Hall of Fame.
Priveelibben
bewurkje seksjeDozois troude omtrint 1970 mei Susan Casper; harren houlik duorre oant har ferstjerren yn 2017.
Yn 2004 rekke Dozois swierferwûne doe't de taksy wêryn't er weromkearde fan in honkbalwedstryd fan 'e Philadelphia Phillies by in ferkearsûngemak belutsen rekke. Dêrtroch miste er dat jiers foar it earst yn desennia de science fiction-konvinsje Worldcon, mar hy bettere wer hielendal op.
Op 6 july 2007 waard Dozois oan it hert operearre en krige er in fiiffâldige bypass. In wike letter krige er komplikaasjes dy't de dokters derta brochten om by him in defibrillator te ymplantearjen.
Ferstjerren
bewurkje seksjeDozois kaam op 27 maaie 2018 yn 'e âlderdom fan 70 jier yn in sikehûs yn syn wenplak Philadelphia te ferstjerren oan in ynfeksje dy't him troch syn hiele lichem ferspraat hie.
Wurk
bewurkje seksjeFiksje
bewurkje seksjeAs skriuwer
bewurkje seksje- romans
- 1975 – Nightmare Blue (mei George Alec Effinger)
- 1978 – Strangers
- 2008 – Hunter's Run (mei George R.R. Martin en Daniel Abraham)
- 2020 – City under the Stars (mei Michael Swanwick)
- ferhalebondels
- 1977 – The Visible Man
- 1990 – Slow Dancing through Time
- 1992 – Geodesic Dreams
- 2001 – Strange Days
- 2004 – Morning Child and Other Stories
- 2011 – When the Great Days Come
- los ferskynde koarte ferhalen
- 1970 – A Dream at Noonday
- 1971 – A Special Kind of Morning
- 1971 – Chains of the Sea
- 1971 – Horse of Air
- 1972 – A Kingdom by the Sea
- 1972 – Machines of Loving Grace
- 1973 – Strangers
- 1981 – Disciples
- 1983 – A Traveler in an Antique Land
- 1983 – The Peacemaker
- 1984 – Morning Child
- 1985 – The Gods of Mars (mei Jack Dann en Michael Swanick)
- 1999 – A Knight of Ghosts and Shadows
- 2002 – The Hanging Curve
- 2005 – When the Great Days Came
- 2005 – Shadow Twin (mei George R.R. Martin en Daniel Abraham)
- 2006 – Counterfactual
- 2018 – Neanderthals
As redakteur
bewurkje seksje- blomlêzings
- 1972 – A Day in the Life
- 1976 – Future Power (mei Jack Dann)
- 1977 – Another World: Adventures in Otherness
- 1980 – Aliens! (mei Jack Dann)
- 1982 – Unicorns! (mei Jack Dann)
- 1984 – Magicats! (mei Jack Dann)
- 1984 – The Year's Best Science Fiction: First Annual Collection
- 1985 – Bestiary! (mei Jack Dann)
- 1985 – The Year's Best Science Fiction: Second Annual Collection
- 1986 – Mermaids! (mei Jack Dann)
- 1986 – Sorcerers! (mei Jack Dann)
- 1986 – The Year's Best Science Fiction: Third Annual Collection
- 1987 – Demons! (mei Jack Dann)
- 1987 – The Year's Best Science Fiction: Fourth Annual Collection
- 1988 – Dogtales! (mei Jack Dann)
- 1988 – Ripper (mei Susan Casper)
- 1988 – The Year's Best Science Fiction: Fifth Annual Collection
- 1989 – Seaserpents! (mei Jack Dann)
- 1989 – The Year's Best Science Fiction: Sixth Annual Collection
- 1989 – Time Travelers from Isaac Asimov's Science Fiction Magazine
- 1989 – Transcendental Tales from Isaac Asimov's Science Fiction Magazine
- 1990 – Dinosaurs! (mei Jack Dann)
- 1990 – The Year's Best Science Fiction: Seventh Annual Collection
- 1991 – Isaac Asimov's Aliens
- 1991 – Isaac Asimov's Mars
- 1991 – Isaac Asimov's Robots (mei Sheila Williams)
- 1991 – Little People! (mei Jack Dann)
- 1991 – Magicats II (mei Jack Dann)
- 1991 – The Year's Best Science Fiction: Eighth Annual Collection
- 1992 – Isaac Asimov's Earth (mei Sheila Williams)
- 1992 – Modern Classics of Science Fiction
- 1992 – The Year's Best Science Fiction: Ninth Annual Collection
- 1992 – Unicorns II (mei Jack Dann)
- 1993 – Dragons! (mei Jack Dann)
- 1993 – Future Earths: Under African Skies (mei Mike Resnick)
- 1993 – Future Earths: Under South American Skies (mei Mike Resnick)
- 1993 – Invaders! (mei Jack Dann)
- 1993 – Isaac Asimov's SF Lite
- 1993 – Isaac Asimov's War
- 1993 – The Year's Best Science Fiction: Tenth Annual Collection
- 1994 – Horses! (mei Jack Dann)
- 1994 – Isaac Asimov's Cyberdreams
- 1994 – Mammoth Book of Contemporary SF Masters
- 1994 – Modern Classic Short Novels of Science Fiction
- 1994 – The Year's Best Science Fiction: Eleventh Annual Collection
- 1995 – Angels! (mei Jack Dann)
- 1995 – Dinosaurs II (mei Jack Dann)
- 1995 – Isaac Asimov's Ghosts (mei Sheila Williams)
- 1995 – Isaac Asimov's Skin Deep (mei Sheila Williams)
- 1995 – Killing Me Softly
- 1995 – The Year's Best Science Fiction: Twelfth Annual Collection
- 1996 – Hackers (mei Jack Dann)
- 1996 – Isaac Asimov's Vampires (mei Sheila Williams)
- 1996 – The Year's Best Science Fiction: Thirteenth Annual Collection
- 1997 – Dying for It
- 1997 – Isaac Asimov's Christmas (mei Sheila Williams)
- 1997 – Isaac Asimov's Moons (mei Sheila Williams)
- 1997 – Modern Classics of Fantasy
- 1997 – The Year's Best Science Fiction: Fourteenth Annual Collection
- 1997 – Timegates (mei Jack Dann)
- 1998 – Clones (mei Jack Dann)
- 1998 – Immortals (mei Jack Dann)
- 1998 – Isaac Asimov's Camelot (mei Sheila Williams)
- 1998 – Isaac Asimov's Detectives (mei Sheila Williams)
- 1998 – Nanotech (mei Jack Dann)
- 1998 – Roads Not Taken: Tales of Alternate History (mei Stanley Schmidt)
- 1998 – The Good Old Stuff: Adventure SF in the Grand Tradition
- 1998 – The Year's Best Science Fiction: Fifteenth Annual Collection
- 1999 – Armageddons (mei Jack Dann)
- 1999 – Future War (mei Jack Dann)
- 1999 – Isaac Asimov's Halloween (mei Sheila Williams)
- 1999 – Isaac Asimov's Solar System (mei Sheila Williams)
- 1999 – Isaac Asimov's Valentines (mei Sheila Williams)
- 1999 – Isaac Asimov's Werewolves (mei Sheila Williams)
- 1999 – The Good New Stuff: Adventure SF in the Grand Tradition
- 1999 – The Year's Best Science Fiction: Sixteenth Annual Collection
- 2000 – Aliens Among Us (mei Jack Dann)
- 2000 – Explorers: SF Adventures to Far Horizons
- 2000 – Isaac Asimov's Mother's Day (mei Sheila Williams)
- 2000 – Isaac Asimov's Utopias (mei Sheila Williams)
- 2000 – The Furthest Horizon: SF Adventures to the Far Future
- 2000 – The Year's Best Science Fiction: Seventeenth Annual Collection
- 2001 – Genometry (mei Jack Dann)
- 2001 – Isaac Asimov's Father's Day (mei Sheila Williams)
- 2001 – Space Soldiers (mei Jack Dann)
- 2001 – The Year's Best Science Fiction: Eighteenth Annual Collection
- 2001 – Worldmakers: SF Adventures in Terraforming
- 2002 – Beyond Flesh (mei Jack Dann)
- 2002 – Future Sports (mei Jack Dann)
- 2002 – Supermen: Tales of the Posthuman Future
- 2002 – The Year's Best Science Fiction: Nineteenth Annual Collection
- 2003 – Future Crimes (mei Jack Dann)
- 2003 – The Year's Best Science Fiction: Twentieth Annual Collection
- 2004 – A.I.s (mei Jack Dann)
- 2004 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-First Annual Collection
- 2005 – Best of the Best: 20 Years of The Year's Best Science Fiction
- 2005 – Beyond Singularity (mei Jack Dann)
- 2005 – Galileo's Children: Tales of Science vs. Superstition
- 2005 – One Million A.D.
- 2005 – Robots (mei Jack Dann)
- 2005 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Second Annual Collection
- 2006 – Escape from Earth (mei Jack Dann)
- 2006 – Escape From Earth: New Adventures in Space (mei Jack Dann)
- 2006 – Futures Past (mei Jack Dann)
- 2006 – Nebula Awards Showcase 2006
- 2006 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Third Annual Collection
- 2007 – Best of the Best, Volume 2: 20 Years of The Year's Best Short Science Fiction Novels
- 2007 – Dangerous Games (mei Jack Dann)
- 2007 – Galactic Empires
- 2007 – The New Space Opera (mei Jonathan Strahan)
- 2007 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Fourth Annual Collection
- 2007 – Wizards (mei Jack Dann)
- 2007 – Wizards: Magical Tales from the Masters of Modern Fantasy (mei Jack Dann)
- 2008 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Fifth Annual Collection
- 2009 – Songs of the Dying Earth (mei George R.R. Martin)
- 2009 – The Dragon Book (mei Jack Dann)
- 2009 – The New Space Opera 2 (mei Jonathan Strahan)
- 2009 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Sixth Annual Collection
- 2010 – Songs of Love and Death (mei George R.R. Martin)
- 2010 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Seventh Annual Collection
- 2010 – Warriors (mei George R.R. Martin)
- 2011 – Down These Strange Streets (mei George R.R. Martin)
- 2011 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Eighth Annual Collection
- 2012 – The Year's Best Science Fiction: Twenty-Ninth Annual Collection
- 2013 – Dangerous Women (mei George R.R. Martin)
- 2013 – Old Mars (mei George R.R. Martin)
- 2013 – The Year's Best Science Fiction: Thirtieth Annual Collection
- 2014 – Rogues (mei George R.R. Martin)
- 2014 – The Year's Best Science Fiction: Thirty-First Annual Collection
- 2015 – Old Venus (mei George R.R. Martin)
- 2015 – The Year's Best Science Fiction: Thirty-Second Annual Collection
- 2016 – The Year's Best Science Fiction: Thirty-Third Annual Collection
- 2017 – The Book of Swords
- 2017 – The Year's Best Science Fiction: Thirty-Fourth Annual Collection
- 2018 – The Book of Magic
- 2018 – The Year's Best Science Fiction: Thirty-Fifth Annual Collection
Non-fiksje
bewurkje seksje- 1977 – The Fiction of James Tiptree, Jr.
- 1993 – Writing Science Fiction & Fantasy (red. mei Stanley Schmidt en Sheila Williams)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjejier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
1971 | Nebula Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | A Dream at Noonday |
1972 | Hugo Award | nominearre | bêste novelle | A Special Kind of Morning |
Nebula Award | nominearre | bêste koarte novelle | A Special Kind of Morning | |
nominearre | bêste koarte ferhaal | Horse of Air | ||
1973 | Hugo Award | nominearre | bêste koarte novelle | A Kingdom by the Sea |
Nebula Award | nominearre | bêste koarte novelle | A Kingdom by the Sea | |
1974 | Hugo Award | nominearre | bêste novelle | Chains of the Sea |
Jupiter Award | nominearre | bêste novelle | Chains of the Sea | |
Nebula Award | nominearre | bêste novelle | Chains of the Sea | |
1974 | Hugo Award | nominearre | bêste novelle | Strangers |
Jupiter Award | nominearre | bêste novelle | Strangers | |
1977 | Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing (mei Jack Dann) | Future Power |
1979 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | Strangers |
1982 | Nebula Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | Disciples |
1984 | Hugo Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | The Peacemaker |
Locus Award | 2e plak | bêste koarte ferhaal | The Peacemaker | |
Nebula Award | wûn | bêste koarte ferhaal | The Peacemaker | |
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste koarte ferhaal | The Peacemaker | |
1985 | Nebula Award | wûn | bêste koarte ferhaal | Morning Child |
Science Fiction Chronicle Award | 2e plak | bêste koarte ferhaal | Morning Child | |
1986 | Locus Award | 2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 2nd Annual Collection |
Nebula Award | nominearre | bêste koarte ferhaal (mei Jack Dann en Michael Swanick) | The Gods of Mars | |
1987 | Hugo Award | nominearre | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 3rd Annual Collection | |
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1988 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 4th Annual Collection | |
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
World Fantasy Award | nominearre | spesjale priis: bêste blomlêzing | Asimov's Science Fiction-blomlêzings | |
1989 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 5th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | 2e plak | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1990 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 6th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1991 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 7th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Readercon Award | wûn | fakmanskip as skriuwer | Slow Dancing through Time | |
Science Fiction Chronicle Award | 2e plak | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1992 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | 2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 8th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1993 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 9th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1994 | Hugo Award | nominearre | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 10th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1995 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 11th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1996 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 12th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | 2e plak | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1997 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 13th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
1998 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 14th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Science Fiction Chronicle Award | wûn | bêste profesjonele redakteur (tydskrift) | Asimov's Science Fiction | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing | Modern Classics of Fantasy | |
nominearre | spesjale priis: bêste redakteur fan blomlêzings | n.f.t. | ||
1999 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | 2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 15th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2000 | Asimov's Readers Poll | 2e plak | bêste koarte novelle | A Knight of Ghosts and Shadows |
Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. | |
Locus Award | 2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 16th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2001 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 17th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Nebula Award | nominearre | bêste koarte novelle | A Knight of Ghosts and Shadows | |
2002 | Hugo Award | nominearre | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 18th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2003 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 19th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2004 | Hugo Award | wûn | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 20th Annual Collection | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2005 | Hugo Award | nominearre | bêste profesjonele redakteur | n.f.t. |
Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 21th Annual Collection | ||
2006 | Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing | Best of the Best: 20 Years of The Year's Best Science |
2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 22nd Annual Collection | ||
2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2007 | Hugo Award | nominearre | bêste redakteur (koarte fiksje) | n.f.t. |
Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 23rd Annual Collection | ||
Sidewise Award for Alternate History | wûn | bêste koarte fiksje | Counterfactual | |
2008 | Ditmar Award | wûn (dield 1e plak) | bêste sammele wurk (mei Jonathan Strathan) | The New Space Opera |
Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 24th Annual Collection | ||
wûn | bêste blomlêzing (mei Jonathan Strathan) | The New Space Opera | ||
Shirley Jackson Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei Jack Dann) | Wizards | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei Jack Dann) | Wizards | |
2009 | Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing | Galactic Empires |
2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | ||
wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 25th Annual Collection | ||
2010 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei Jonathan Strahan) | The New Space Opera 2 |
British Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Songs of the Dying Earth | |
Ditmar Award | nominearre | bêste sammele wurk (mei Jonathan Strahan) | The New Space Opera 2 | |
Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
3e plak | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Songs of the Dying Earth | ||
2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 26th Annual Collection | ||
wûn | bêste blomlêzing (mei Jonathan Strahan) | The New Space Opera 2 | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Songs of the Dying Earth | |
2011 | Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. |
2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 27th Annual Collection | ||
wûn | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Warriors | ||
Science Fiction Hall of Fame | ynhuldige | lid | n.f.t. | |
2012 | Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. |
wûn | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 28th Annual Collection | ||
2013 | Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. |
2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 29th Annual Collection | ||
2014 | Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. |
2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 30th Annual Collection | ||
wûn | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Old Mars | ||
World Fantasy Award | wûn | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Dangerous Women | |
2015 | Locus Award | wûn | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Rogues |
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Rogues | |
2016 | Locus Award | 2e plak | bêste blomlêzing | The Year's Best Science Fiction: 31st Annual Collection |
wûn | bêste blomlêzing (mei George R.R. Martin) | Old Venus | ||
Skylark Award | wûn | bydragen oan science fiction | oeuvre | |
2017 | Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. |
2018 | Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. |
wûn | bêste blomlêzing | The Book of Swords | ||
SFWA Award | wûn | Kate Wilhelm Solstice Award | oeuvre | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Book of Swords | |
2019 | Hugo Award | wûn | bêste redakteur (koarte fiksje) | n.f.t. |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing | The Book of Magic | |
wûn | bêste redakteur | n.f.t. | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Book of Magic |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |