Gertrude Stein
Gertrude Stein (Allegheny (Pennsylvania), 3 febrewaris 1874 - Parys, 27 july 1946) wie in Amerikaansk skriuwster en keunstsamler dy't fan 1903 ôf oan yn Parys wenne en wurke.
Gertrude Stein | ||
skriuwer | ||
Gertrude Stein, foto: Carl van Vechten (1935) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 febrewaris 1874 | |
stoarn | 27 july 1946 (72 jier) | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
streaming | Anglo-amerikaansk modernisme | |
bekendste wurk(en) |
Tender Buttons; Before the Flowers of Friendship Faded Friendship Faded; The Autobiography of Alice B. Toklas; Four Saints in Three Acts; Picasso; Ida | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
De ekstraverte Gertrude Stein behearde ta de kultfiguren fan it keunst- en literatuerfermidden fan har tiid. Stein har hûs oan de Rue de Fleurus 27 yn Parys waard in artistyk-literêre salon. Stein hold har hiele libben kontakt mei ferneamde avant-garde keunstners en skriuwers, lykas in Pablo Picasso, Henri Matisse, Ernest Hemingway, Ezra Pound en Carl Van Vechten. Sy wie dejinge dy't yn it ynterbellum de term Lost Generation ('Ferlerne generaasje') betocht foar in groep Amerikaanske skriuwers dy't nei de Earste Wrâldoarloch nei Parys lutsen wiene sa as Ernest Hemingway, John Steinbeck, Ezra Pound en T.S. Eliot.
Stein har libben wurdt skaaimerke troch twa langduorjende ferhâldingen: de earste mei har broer, de keunstkritikus Leo Stein, fan 1874 oant 1914, en de twadde mei Alice B. Toklas, fan 1907 oant haar dea yn 1946.
Stein wie befreone mei de Amerikaanske komponist Virgil Thomson, dy't hja yn 1926 yn Parys kennen leard hie. Hja skreau de libretto's foar twa fan syn opera's: Four saints in three acts (1934) en The mother of us all (1947). 'Portret fan Gertrude Stein' is in bekend skilderij fan Picasso dat diel útmakke fan de kolleksje Stein. It is no yn it Metropolitan Museum of Art yn New York.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gertrude Stein fan Wikimedia Commons. |