Glenevis (Alberta)
Glenevis (útspr.: [ɡlɛn'ɛvəs]) is in útbuorren yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, dy't 25 ynwenners telt. It leit yn Lac Ste. Anne County, oan Highway 43, likernôch 71 km noardwestlik fan 'e stêd Edmonton. Yn Glenevis is it haadkertier fêstige fan 'e Alexis Nakota Sû Naasje (Alexis Nakota Sioux Nation), in Noardlike Stony-stamme.
Glenevis | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Steat | Alberta | |
County | Lac Ste. Anne County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25 | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 53°47′23″N 114°31′01″W | |
Kaart | ||
Lizzing fan Glenevis yn Alberta.
|
Klimaat
bewurkje seksjeGlenevis hat in lânklimaat, mei mylde simmers en tige strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –7,1 °C. Der falt jiers trochinoar 585,6 mm delslach; yn 'e winter komt dat yn 'e regel del yn 'e foarm fan snie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |