Herbert Joeks
Herman Jozef van Hugten (Amsterdam, 26 novimber 1915 - dêre, 28 july 1993) wie in Nederlânsk akteur en sjonger dy't bekend waard ûnder de namme Herbert Joeks.
Herbert Joeks | ||
akteur | ||
Herbert Joeks (1958) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Herman Jozef van Hugten | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 novimber 1915 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 28 july 1993 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1953-1991 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeAs bern hat Joeks al belangstelling foar toaniel en hy spilet yn syn jonkheid al gau rollen by it amateurtoaniel. Omdat er fan it amateurtoaniel net libje kin, waard er ferkeaper yn in moademagazyn. De besetting fan Nederlân troch Dútslân yn maaie 1940 docht him weromkommen nei syn âlde leafde; om oan de Arbeitseinsatz yn Dútslân te ûntkommen soe er by in kabaret wurkje. By it selskip Trianon dat ûnder lieding stie fan Dolly Dolores sjongt er Weenske lietsjes en hâldt konferênses. Mar syn nije karriêre duorre net lang; al gau moat er ûnderdûke.
Nei de befrijing hâldt Joeks foar fêst op mei it ferkeapjen fan klean. Rens van Dordt engagearret him foar syn revueselskip. Letter sjongt er by selskip fan Herman Tholen, Gerard Walden en Berry Kievits en by Faveur. Yn 1947 krijt er in fêst kontrakt by it Theater Plezier fan Floris Meslier, dêr't er trije jier wurke. Yn dyselde tiid treedt er ek in protte op foar de radio yn programma’s as De bonte dinsdagavondtrein, Mimoza en Negen heit de klok. As er yn 1951 opstapt by Meslier wurdt er troch de Snip en Snaprevue ynhierd. Yntusken komt de telefyzje ek op en yn 1955 sil Joeks wurkje by de fêste toanielkearn fan de NTS. Tusken 1955 en 1958 spilet er sa'n hûndert rollen yn ferskate produksjes.
As de toanielkearn yn 1958 ûntbûn wurdt giet Joeks fierder as freelancer.
Joeks spile tal fan inoar ûntrinnende rollen yn Nederlânske telefyzjeriges en spylfilms, mar waard fral bekend troch sy rol as de yndiaan Klukkluk yn de telefyzjerige Pipo de Clown. Ek los fan dy searje bliuwt Joeks Klukkluk spyljen, ûnder oare yn spesjale foarstellingen foar bern. Tusken 1974 en 1980 spilet er noch yn it revueselskip fan Coos van de Velde.
Hy stoar 77 jier âld yn it Antoni van Leeuwenhoek Sikehûs yn Amsterdam.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1953 | Sterren Stralen Overal | Begraffenisûndernimmer | |
1955 | Het wonderlijke leven van Willem Parel | Direkteur fan Radio-omrop "De Windwijzer" | |
1958 | Fanfare | Koendering | |
1960 | De zaak M.P. | Fotograaf | |
1975 | Pipo en de piraten van toen | Klukkluk | |
1982 | De Boezemvriend | Pasjint | |
Telefyzjesearjes | |||
1957 | Pension Hommeles | Pensiongast dhr. Bloem | |
1958 | Pipo de Clown | Klukkluk | |
1960 | Bas Boterbloem | ||
1962 | De Avonturen van Okkie Trooy | Loki Loki | |
1968 | Het Dagboek van Joop ter Heul | Fotograaf | |
1969 | Tot de dood ons scheidt | Amtner | |
1972 | Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? | Wjirm Ubag | |
1973 | Swiebertje | Hendrik Kleun | |
1977 | Hollands Glorie | Deagraver Bongerds | |
1978 | Laden maar | Van der Lat | |
1987 | Familie Oudenrijn | Menear van Tongeren | |
1991 | Medisch Centrum West | pasjint |