Iqaluit (útspr.: [iˈkaluit], likernôch: "y-kal-lû-yt"; Inûktitût: ᐃᖃᓗᐃᑦ, útspr.: [iˈqaluit], mei in yn 'e kiel útspr. k-klank) is de haadstêd fan it Kanadeeske territoarium Nûnavût. It is yn dat territoarium teffens de grutste delsetting en de iennichste stêd. De namme komt út it Inûktitût, de taal fan 'e Eskimo's fan Eastlik Arktysk Kanada, en betsjut letterlik: "plak dêr't in protte fisk sit". Iqaluit leit oan 'e súdwestlike kust fan it grutte eilân Baffinlân. De stêd waard yn 1942 stifte en stie oant 1987 bekend ûnder de Ingelske namme Frobisher Bay, nei de oanswettende baai. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2021 hie Iqaluit doe goed 7.400 ynwenners.

Iqaluit
ᐃᖃᓗᐃᑦ
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Kanada
Territoarium Nûnavût
Regio Qikiqtaaluk
Sifers
Ynwennertal 7.429 (2021)
Oerflak 10,5 km² (stêd)
51,6 km² (mei klokslach)
Befolkingsticht. 707,5 / km² (stêd)
Hichte 30m
Oar
Stifting 1942
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 63°45′00″N 68°31′00″W
Offisjele webside
www.iqaluit.ca
Kaart
Iqaluit (Nûnavût)
Iqaluit
Lizzing yn Nûnavût.
Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.