Yn de Twadde Wrâldkriich moasten alle Joaden dy't âlder as seis jier wienen in Joadestjer dragen yn in it troch de nazi's besette Jeropa, mei útsein fan Finlân, Noarwegen, Denemark en Vichy-Frankryk. It skaaimerk bestie út in swart tekene seispuntige stjer op giele stof mei de grutte fan in hânpalm en mei de tekst (yn de lânsstaal) yn swarte letters 'Joad'. De stjer wie bedoeld om Joaden te identifisearjen. De Joadestjer moast te sjen wêze en fêst opnaaid op de linkerkant op boarsthichte.

Joadestjer
Dit artikel is in stobbe oer twadde wrâldkriich‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
  • Bein, A. (1990): The Jewish question: biography of a world problem, Fairleigh Dickinson Univ Press.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Joadestjer fan Wikimedia Commons.