List fan keningen fan de Kokoseilannen
Dit is de list fan keningen fan de Kokoseilannen, in taeigene titel dy't droegen waard troch John Clunies-Ross, in Skotske seekaptein, en dy syn manlike neikommelingen.
Eftergrûn
bewurkje seksjeClunies-Ross sette him yn 1816 mei syn gesin en guon oare folgelingen nei wenjen op 'e Kokoseilannen, in ûnbewenne arsjipel yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan. Hy stifte der in kokosplantaazje, wêrfoar't er etnysk Maleiske arbeiders oanloek út 'e Kaapkoloanje. Yn 1827 rôp er de eilannen út ta in keninkryk, mei himsels oan it haad as kening Ross I. Yn 1886 waard dy steatkundige sitewaasje formalisearre doe't de Britske keninginne Fiktoaria de Kokoseilannen oant yn ivichheid oan 'e Clunies-Ross-famylje yn lien joech.
Nei Ross I hearsken noch fjouwer oare leden fan 'e famylje as frijwol autokratyske foarsten oer de eilannen, oant Austraalje John Cecil Clunies-Ross (oftewol kening Ross V) yn 1978 twong om alle rjochten op 'e eilannen te ferkeapjen foar de som fan Au$ 6.250.000. Under de oerienkomst behold Clunies-Ross syn eigendom fan it Oceania House, de famyljewente op 'e Kokoseilannen, mar yn 1983 kaam it Australyske regear dêrop werom en waard Clunies-Ross oansein dat er op 'e Kokoseilannen net mear wolkom wie. It jiers dêrop die it Heechgerjochtshôf fan Austraalje de útspraak dat de ûnteigening fan it Oceania House ûnwettich wie, mar dêrop oardere it regear dat der tenei troch gjin inkele oerheidsynstânsje noch saken dien wurde mochten mei Clunies-Ross syn rederij, wat úteinlik late ta it fajyt fan dat bedriuw.
De lêste kening fan 'e Kokoseilannen libbet no yn in boargerhúske yn in foarstêd fan Perth, yn West-Austraalje, mar syn soan, de eardere kroanprins John Clunies-Ross, wennet noch altyd op 'e Kokoseilannen, dêr't er libbet fan it kweken fan reuzemoksels, foar de ferkeap oan akwaria yn Jeropa en de Feriene Steaten. BBC-ferslachjouwer Nick Squires socht him dêr yn 2007 op en skreau oer him it nijsgjirrige stik The Man Who Lost a 'Coral Kingdom' ("De Man Dy't in 'Koraalkeninkryk' Ferlear").[1]
List fan keningen
bewurkje seksje# | kening | keningsnamme | libben | regearperioade |
---|---|---|---|---|
1. | John Clunies-Ross | Ross I | 1786-1854 | 1827-1854 |
2. | John George Clunies-Ross | Ross II | 1823-1871 | 1854-1871 |
3. | George Clunies-Ross | Ross III | 1842-1910 | 1871-1910 |
4. | Sydney Clunies-Ross | Ross IV | 1868-1944 | 1910-1944 |
5. | John Cecil Clunies-Ross | Ross V | 1928-... | 1944-1978 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes:
boarnen: |