Kameraregisseur

(Trochferwiisd fan Kamerarezjy)

Kameraregisseur, ek wol oantsjut mei de Ingelske term director of photography (soms ôfkoarte dat DoP of DP) is in berop yn 'e filmyndustry dat hiel simpel útlein de midden hâldt tusken regisseur en kameraman. Wylst de regisseur him taleit op it aktearjen, hâld in kameraregisseur him dwaande mei de technyk fan 'e opname. Dêrmei fertaalt er in senario nei de úteinlike bylden fan it aktearjen dy't de regisseur hawwe wol. De kameraregisseur draacht de folsleine ferantwurdlikheid foar it hiele fotografyske proses op in filmset of by tillefyzje-opnames. Under de opnames fan in film of tillefyzjeprogramma wurket in kameraregisseur tige nau gear mei de regisseur en mei de produksje-ûntwerper (ek: production designer). Hy of sy is belutsen by alle stadia fan 'e produksje: preproduksje, storyboard, lokaasjescouting, de eigentlike opnames fansels, en postproduksje.

In kameraregisseur oan it wurk.

Yn Nederlân, dêr't kameraregisseurs feriene binne yn 'e Netherlands Society of Cinematographers (NSC), is it gebrûklik dat regisseur en kameraregisseur de dekûpaazje fan in film of tillefyzjeprogramma tegearre dogge, sadat ûnder de opnames net in protte tiid oan diskusje ferlern giet. Ynstee kin de oandacht fan 'e regisseur dan folslein nei de akteurs útgean, wylst de kameraregisseur de ynset fan kamera's en beljochting regelet. Hy makket gebrûk fan linzen en filters om 'e just sfear te skeppen, en fan kamerafiering om it ferhaal fan 'e regisseur op 'e juste wize yn byld te bringen en dy syn kreätive fisy te ûnderstypjen. De kameraregisseur stiet dêrby oan it haad fan 'e saneamde kamera-ôfdieling of yn it Ingelsk it camera department. Dêrûnder falle alle meiwurkers op in filmset of by tillefyzje-opnames dy't har dwaande hâlde mei kamera's en beljochting, lykas kameralju, grips en gaffers.

Hoewol't it wichtichste wurk fan 'e kameraregisseur op 'e set dien wurdt, is er ek yn 'e postproduksje behelle. Hy beslist dan yn oerlis mei de regisseur ûnder mear hokker laboratoariumprosedee op 'e filme bylden tapast wurde sil, en òf en sa ja, hokker kleurkorreksje brûkt wurde sil. De krekte ferhâlding tusken de kameraregisseur en de regisseur hinget ôf fan ferskate faktoaren, lykas harren wurkrelaasje en de pleatslike filmkultuer. Yn guon sitewaasjes hat in kameraregisseur hast folsleine frijheid, mar it komt ek geregeldwei foar dat de regisseur sels beskate besluten nimt oangeande kamerastânpunten en linskar. As kameraregisseur en regisseur inoar goed kenne, giet de gearwurking fansels makliker, sa't it gefal wie mei bygelyks regisseur Paul Verhoeven, dy't gauris gearwurke hat mei kameraregisseur Jan de Bont. In soad kameraregisseurs (lykas Jan de Bont) meitsje op in stuit yn harren karriêre de oerstap nei de funksje fan regisseur.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.