Las Vegas (Spaansk foar "De Greiden") is de grutste stêd fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Nevada, en teffens it haadplak fan it omlizzende Clark County. It is in wrâldferneamd fakânsje-oard, dat benammen bekend stiet om syn útwrydske hotels en kasino's. It leit op it plak fan in eardere oäze, midden yn 'e woastyn fan Nevada, dêr't it stedssilhûet fan al fan fierrens ôf te sjen is troch de withoefolle neönferljochtings. Yn 2010 hie Las Vegas in ynwennertal fan 596.000; de hiele stêdekloft (mei foarstêden as North Las Vegas, Henderson en Boulder City) hie dat jiers benei 2 miljoen ynwenners. Las Vegas heart ta de fluchst groeiende stêden fan Noard-Amearika.

Las Vegas
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Nevada
County Clark County
Sifers
Ynwennertal 583.756 (2010)
Oerflak 352 km²
Befolkingsticht. 1.659,5 / km²
Stêdekloft 1.951.269 (2010)
Hichte 610 m
Oar
Stifting 1905
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 36°10′30″N 115°08′11″W
Offisjele webside
www.lasvegasnevada.gov
Kaart
De lizzing fan Las Vegas yn Clark County en yn 'e steat Nevada.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Nevada. Foar oare betsjuttings, sjoch: Las Vegas (betsjuttingsside).

Yn it taalgebrûk wurdt ûnder de term "Las Vegas" trouwens net inkeld de stêd sels beflapt, mar teffens guon gebieten bûten de stedsgrinzen, yn it bysûnder de saneamde Las Vegas Strip, in 6,8 km lang ein fan 'e South Las Vegas Boulevard, dêr't de measte kasino's en hotels oan steane. Dy leit nammentlik eins foar it grutste diel yn 'e selsstannige stêden Paradise, Winchester en Enterprise. Soms wurdt mei "Las Vegas" ek wol de hiele Delling fan Las Vegas bedoeld.

De earste dokumintearre blanke besiker fan 'e Delling fan Las Vegas wie Raphael Rivera, yn 1829. Mei't der ferskate wellen wiene dêr't ûndergrûnsk wetter opbuorrelje, wie it gebiet in oäze mei in griene kleur dy't yn 'e brunige woastyn al fan omfierrens sjoen wurde koe; dêrfandinne dat de Meksikanen it ferneamden nei greiden. Yn 1844, doe't it gebiet noch ûnderdiel útmakke fan Meksiko, waard it besocht troch in wittenskiplike ekspedysje ûnder lieding fan 'e Amerikaanske legerofsier en ûntdekkingsreizger John Charles Frémont. Yn 1848 waard it by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, mei it hiele súdwesten troch Meksiko ôfstien oan 'e Feriene Steaten.

 
De Las Vegas Strip by nacht.

De earste Amerikaanske kolonisten wiene mormoanske misjonarissen út Utah wei, dy't har yn 1855 yn 'e delling fêstigen mei as doel om 'e pleatslike Pajût-Yndianen te bekearen. Letter kamen der mear mormoanen, dy't in fort bouden om 'e rûte te beskermjen fan Salt Lake City, yn Utah, nei San Bernardino, yn Kalifornje, dêr't in hoartsje in florearjende mormoanske mienskip bestie. Yn 1857, ûnder de saneamde "Lytse Boargeroarloch" tusken de mormoanen en it Amerikaanske regear, loeken de mormoanen har út 'e Delling fan Las Vegas werom.

Pas tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw setten har op 'e nij Amerikaanske kolonisten yn it gebiet nei wenjen, yn 1905 waard Las Vegas stifte as in halte oan it trochgeande spoar. Yn 1911 krige it de status fan stêd. Doedestiden moast Las Vegas it benammen hawwe fan it spoarferkear en fan 'e mynbou yn 'e omlizzende lânsdouwe. Doe't der almar mear alternative spoarlinen oanlein waard, rekke Las Vegas yn it neigean, mar mei de oanlis yn 1935 fan 'e Hooverdaam, 48 km besúdeasten de stêd, krige it foar it earst wat toerisme. De legalisearring fan gokken, yn 1931, makke doe de bou fan 'e earste kasino's mooglik, dy't bedoeld wiene om 'e toeristen langer fêst te hâlden nei't se de daam besichtige hiene.

Yn 'e fjirtiger jierren fûnen der yn Las Vegas grutte bouprojekten plak, dy't suver folslein it gefolch wiene fan 'e ynfluks fan wittenskippers, dy't yn 'e súdwestlike woastyn oan it saneamde Manhattan Project (de ûntwikkeling fan 'e atoombom) wurken. Yn 'e fyftiger jierren ûntjoech Las Vegas him ta de gokstêd dy't it no is, troch ynvestearrings fan 'e topfigueren binnen de Amerikaanske maffia, lykas Benjamin "Bugsy" Siegel en Meyer Lansky, dy't de kasino's brûkten om har mei misdie fertsjinne ynkomsten wyt te waskjen. Troch de ûnbidige groei dy't Las Vegas dêrnei trochmakke, strûpten oare gokstêden út 'e jierren fyftich, lykas Galveston, yn Teksas, en Hot Springs, yn Arkansas, derûnder.

Las Vegas hjoed de dei

bewurkje seksje

Las Vegas is hjoed de dei ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan 'e wrâld. Behalven om gokken stiet it ek bekend as in sintrum fan 'e pornoyndustry en fan ferskate oare râneferskynsels fan 'e Amerikaanske maatskippij, en sadwaande wurdt it ek wol Sin City ("Stêd fan 'e Sûnden") neamd. Dat imago hat de stêd aldeminst kwea dien; krekt oarsom, dêrtroch hat it de fassinaasje wûn fan miljoenen minsken yn 'e hiele wrâld. Teffens hat it Las Vegas ta it dekôr makke fan withoefolle films en tillefyzjesearjes.

 
Strjitbyld yn in wenwyk fan Las Vegas.
 
De woastyn fan Nevada yn 'e omkriten fan Las Vegas.

Yn jannewaris wurdt yn Las Vegas elts jier it AVN Adult Entertainment Expo holden. Yn april en/of maaie fynt yn 'e stêd it Filmfestival fan Las Vegas plak.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Las Vegas doe in befolking fan 583.756 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.659,5 minsken de km².

Oersjoch fan 'e histoaryske befolkingsgroei:

jier befolking
1920 2.304
1930 5.165
1940 8.422
1950 24.624
1960 64.405
1970 125.787
1980 164.674
1990 258.295
2000 478.434
2010 583.756

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Las Vegas 11,6% âlder as 65 jier en 25,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 8,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.Fierders wie de wurkleazens yn Clark County, net korrizjearre foar seizoensynfloeden, yn 2011 sa'n 14%.[1]

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 47,9% blanken; 31,5% Latino's; 11,1% swarten; 6,1% Aziaten; 0,7% Yndianen; 0,6% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Latino's wiene de Meksikanen de grutste groep, mei 24,0% fan 'e totale befolking fan Las Vegas. Under de Aziaten wiene benammen de Filipino's mei 3,3% goed fertsjintwurdige.

 
Las Vegas fan boppen ôf sjoen.

Berne yn Las Vegas

bewurkje seksje

Stoarn yn Las Vegas

bewurkje seksje

Hotels en kasino's

bewurkje seksje
 
It woastynlânskip yn 'e omkriten fan Las Vegas.

Las Vegas hat in subtropysk woastynklimaat, mei tige hjitte simmers en koarte, mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 40,1 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 13,7 °C. Las Vegas kriget jiers trochinoar mar 106,4 mm delslach.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Clark County unemployment rate

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.