Leonid Iljitsj Brezjnev (Russysk: Леонид Ильич Брежнев) (Kamenskoje, 19 desimber 1906 - Moskou, 10 novimber 1982) wie in Sovjetpolitikus dy't efterinoar sekretaris-generaal fan it Sintraal Komitee (1956), gewoan lid fan it presidium (1957) en presidint fan de Sovjet-Uny (1960) wie. Hy late de Sovjet-Uny nei it tiidrek Nikita Chroesjtsjov, fan 1964 oant 1982.

Leonid Brezjnev
politikus
Leonid Brezjnev
Leonid Brezjnev
echte namme Leonid Iljitsj Brezjnev
nasjonaliteit Sovjet
bertedatum 19 desimber 1906
berteplak Kamenskoje
stjerdatum 10 novimber 1982
stjerplak Moskou
partij CPSU
Sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny
amtsperioade 1964-1982
foargonger Nikita Chroesjtsjov
opfolger Joeri Andropov
Foarsitter fan it Presidium fan de Opperste Sovjet fan de Sovjet Uny
amtsperioade 1960-1964,
1977-1982
foargonger Kliment Vorosjilov,
Nikolaj Podgorny
opfolger Anastas Mikojan,
Joeri Andropov
Foarsitter fan it Buro fan it Sintraal Komitee fan de Russyske SFSR
amtsperioade 1964-1966
foargonger Nikita Chroesjtsjov
lid fan it Politburo
amtsperioade 1952-1982
Lid fan it Sekretariaat
amtsperioade 1957-1982

Jonge jierren

bewurkje seksje

Brezjnev waard yn de Oekraïne berne, mar wie etnysk sjoen in Rus. Hy folge in technyske oplieding en wie spesjaliseare yn metallurgy. Ek wie er goed ûnderlein yn de ideologyske teory fan it kommunisme. Dat lêste soarge der foar dat er hurd opgong meitsje koe yn de Kommunistyske Party fan de Sovjet-Uny. Yn de Twadde Wrâldkriich brocht er it ta generaal, ûnder mear troch tsjin de Dútsers stân te hâlden by Novorossiejsk, mar hy wie mear bekend as folkskommissaris foar de partij.

Oan de macht

bewurkje seksje

Yn it tiidrek fan Nikita Chroesjtsjov wie Brezjnev fan 1960-1964 presidint, mar hâlde him ynearsten wat op de eftergrûn. Doe't by de Kubakrisis bliken die dat Chroesjtsjov de stipe fan de partijtop ferlieze soe, pakte Brezjnev syn kâns en liet him, troch handich manûvrearjen, nei foaren skowe as de nije man. Hy waard yn 1964 de earste sekretaris fan it Sintraal Komitee (partijlieder) en nei 1977 ek wer presidint.

Under it bewâld fan Brezjnev waard stribbe nei konsolidaasje fan de Sovjetmacht yn binnen- en bûtenlân, wylst it stypjen fan de ekonomy op it twadde plak stie. Wol waard úteinset mei it ûntsluten fan de gigantyske oalje- en gasfoarrieden fan West-Sibearje. Brezjnev fersterke it Reade Leger en wreide it Russyske romtefeartprogramma út. De troch Brezjnev yn novimber 1968, nei de ynfal fan it Russyske leger yn Tsjechoslowakije, nei foaren brochte stelling, dat de Sovjet-Uny it rjocht hie yn te gripen yn de ûntwikkelingen yn in oar sosjalistysk lân, as de ferwurvenheden fan it sosjalisme yn gefaar komme, waard bekend as de Brezjnev-doktrine.

Mei de FS waard in rige ferdraggen sletten om wapenwedrin te ûntspannen, mar efter de skermen waard der troch de Sovjets allegeduerigen besocht mear ynfloed yn de wrâld te krijen, benammen yn Afrika, it Heine Easten en Aazje. Yn 1979 joech Brezjnev opdracht om it buorlân fan de Sovjet-Uny, Afganistan binnen te fallen doe't troch in wikseling fan it rezjym dat lân út de Russyske ynfloedsfear drige te ûntsnappen. De East-Jeropeeske lannen dy't efter it "Izeren Gerdyn" leinen waarden allyksa troch Brezjnev stevich oan 'e leie hâlden, sa as bliken die by it hurdhandich delslaan fan de "Praachske Maitiid" yn Tsjechoslowakije. Ek waard op syn befel yn 1980 de rop fan de Poalen om mear frijheid troch de Poalske kommunistyske partij de kop yndrukt.

 
1974: Brezjnev en Ford slute in oerienkomst oangeande de beheining fan it tal kearnwapens.

De jierren santich betsjutten foar Brezjnev en de Sovjet-Uny wat ynfloed en prestiizje oanbelange in hichtepunt. Dat kaam foaral troch gesichtsferlies fan de FS yn de earste helte fan it desennium troch de Watergateaffêre en de ferlearne Fietnamoarloch. De Amerikaanske presidint Jimmy Carter stribbe fan 1976 ôf nei ûntwapening en lei de klam op Détente, mar dy polityk smiet foar de FS yn de rest fan de wrâld net folle respekt en sympaty op. It SALT II-ferdrach dat yn 1979 tekene waard nei 7 jaar fan ûnderhanneljen, hie as doel in grutte stap te setten yn it ûntspanningsproses, mar doe't seis moannen letter de Sovjet-Uny Afganistan binnenfoel, wie dat fuort de ein derfan. SALT II is nea ratifisearre.

Yn de Tredde Wrâld hie de Sovjet-Uny op in protte plakken in finger yn de brij by de revolúsjonêre befrijingsbewegings oant en mei de eigen 'eftertûn' fan Amearika yn Midden- en Súd-Amearika. Beide supermachten seagen dan ek eltse machtswikseling of lokaal konflikt troch de bril fan it kâlde-kriichstinken. It Reade Leger stribbe de FS foarby yn oantallen wat materiële sterkte en oanfalskrêft oangie. Yn it Westen waard wol twifele oan de kwaliteit derfan en oan de loyaliteit fan de Warsjaupaktbûnsmaten yn gefal fan in echte kriich, mar beide partijen yn de Kâlde Kriich wienen it deroer iens dat soks nea yn in direkte konfrontaasje op proef steld wurde moast.

Begjin jierren tachtich kearde it tij lykwols foar de Sovjet-Uny trochdat de FS in ambisjeuze ynhaalslach ynsette ûnder presidint Ronald Reagan. Op 't lêst koe de Sovjet-Uny dat net mear byhâlde omdat de ekonomyske basis fan it lân te swak wie. Nei de dea fan Brezjnev waard him earnstich ferwiten dat er nea wat oan de ekonomy dien hie. Dêrom wurdt tsjintwurdich syn regearingstiidrek yn Ruslân oantsjutten as de jierren fan de Grutte Stagnaasje.

Brezjnev joech yn 1979 opdracht ta de ynvaazje fan Afganistan om dat lân yn de Russyske ynlfoedsfear te hâlden. Dit waard foar de Russen krekt sa'n drama as de Fietnamkriich foar de Amearikan west hie. Gorbatsjov soe letter de troepen tebek helje. Neist dizze misrekkeningen waard Brezjnev letter teffens persoanlike idelheid, nepotisme en habsucht ferwiten. Hy besocht syn ynkompetinte soan Yuri Brezjnev in lukrative baan yn it Russyske bedriuwslibben te besoargjen. Syn dochter Galina Brezjnev mocht de baas wêze oer it Russysk Steatssirkus.

Lêste jierren

bewurkje seksje

De lêste jierren fan Brezjnev's bewâld wienen in tiidrek fan delgong en stagnaasje. Drankmisbrúk, korrupsje, gigantyske fergriemen fan grûnstoffen en miljeufersmoarging namen hân oer hân ta. It Sovjet-rezjym hie totale kontrôle oer de media yn eigen lân, mar koe net ferhoalen hâlde dat de heechste lieder oan it ôftakeljen wie. Op it lêsten ferskine hy amperoan yn it iepenber, ek net by gelegenheden wêrby dat wol moatte soe, en as er der al by wie, wie er amper te ferstean.

Brezjnev ferstoar yn 1982 en waard troch Joeri Andropov opfolge. Dizze lei fuortendaliks de klam op mear arbeidsdissipline, dêr't bliken út die dat it rezjym sels ek wol ynseach wêr't it yn Brezjnev's bewâld oan ûntbrutsen hie. In oantal fan Brezjnevs famylje en freonen waard fanwegen korrupsje feroardield.

  • Sakwa, Richard, Soviet Politics in Perspective, 1998.
  • Sakwa, Richard, The Rise and Fall of the Soviet Union, 1999.
  • Childs, David, The Two Red Flags: European Social Democracy and Soviet communism since 1945, 2000.
  • Ulan, Adam Bruno, Understanding the Cold War: a historian's personal reflections, 2002.
  • Oliver, Michael e.a., Economic Disasters of the Twentieth Century, 2008.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leonid Brezhnev fan Wikimedia Commons.