Noardstrân (Noardfrysk: di Ströön) is in earder Frysk eilân yn it Noardfryske part fan de Waadsee. It heart ta de Kreis Noard-Fryslân yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein. Noardstrân krige yn 1936 troch in daam ferbining mei de fêstewâl, wylst de polder Beltringharder Koog sûnt 1987 in twadde fêste ferbining foarmet. It eardere eilân hat dan ek mear wei fan in skiereilân

Noardstrân en omkriten om 1650 hinne
Tsjerkhôf fan Odenbüll

Bestjoerlik sjoen foarmet Noardstrân twa gemeenten: Noardstrân en Elisabeth-Sophien-Koog. Ta de gemeente Noardstrân heart ek it lytse eilân Nordstrandischmoor, ien fan de Halligen, dat lykas Noardstrân troch in daam mei de fêstewâl ferbûn is.

It eilân makke oarspronklik diel út fan it eardere eilân Strân. Yn 1634 mei de Burchardifloed waard dit eilân foar in grut part fuortspield. It oare part fan it eilân dat bestean bleau is it tsjintwurdige Pelweerm.

Fan Strucklahnungshörn út wurdt oer de Norderhever, de seestrjitte tusken beide eilannen, in feartsjinst op it buoreilân Pelweerm hâlden. Dit fear is ûnôfhinklik fan it tij en hat in fêste tsjinstregeling.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·