Olympyske Winterspullen 1994

De Olympyske Winterspullen 1994, ek wol de XVIIe Olympiade neamd, waarden yn 1994 hâlden yn it Noarske plak Lillehammer fan 12 oant en mei 27 febrewaris.

XVIIe Olympiade
holden yn Lillehammer, Noarwegen
jier 1994
dielnimmende lannen 67
dielnimmende atleten 1.737
eveneminten 61 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 12 febrewaris
slutingsseremoanje 27 febrewaris
edysjes
foarige 1992 Tignes-Albertville
folgjende 1998 Nagano
Temaside  Sport

Akkommodaasjes

bewurkje seksje
 
It Vikingskipet foar it reedriden

De sporten waarden foar it grutste part organisearre yn Lillehammer. Dêrneist waard yn Hamar reedriden; yn it Vikingskipet it langebaanriden en yn it Hamar OL-Amfi it shorttrack en it keunstriden. Yn Gjøvik waarden inkele iishokkywedstriden hâlden.

Akkommodaasje Sport (en) Lokaasje Kapisiteit
Birkebeineren Sky Stadion Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) Lillehammer 34.000
Gjøvik Olympyske Grot Hal Iishockey Gjøvik 5.300
Håkon Hal Iishockey Lillehammer 10.500
Hamar Olympysk Amfiteater Keunstriden, Shorttrack Hamar 6.000
Vikingskipet Reedriden Hamar 10.600
Kanthaugen Freestyle Arena Freestyleskyen Lillehammer 15.000
Hafjell Alpineskyen (slalom, grutte slalom, kombinearre) Øyer 30.000
Kvitfjell Alpineskyen (delgong, super-G, kombinearre) Ringebu 41.000
Lillehammer Olympyske Bob- en Rodelbaan Bobslydzjen, Rodeljen Lillehammer 10.000
Lysgårdsbakken Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen Lillehammer 35.000
Lysgårdsbakken Iepenings- en slutingsseremoanjes Lillehammer 35.000
Stampesletta Medaljeseremoanjes Lillehammer 30.000
Lillehammer Olympysk Doarp Underkommen atleten Lillehammer 2.300
Hamar Olympysk Doarp Underkommen atleten Hamar 500
 
In postsegel oer de Spullen

Op de Spullen fan 1994 stiene seis sporten op it programma en 61 ûnderdielen ferdield oer 12 dissiplines.


Medaljespegel

bewurkje seksje
 Plak  Lân NOK       Totaal
1 Ruslân   RUS 11 8 4 23
2 Noarwegen   NOR 10 11 5 26
3 Dútslân   GER 9 7 8 24
4 Itaalje   ITA 7 5 8 20
5 Feriene Steaten   USA 6 5 2 13
6 Súd-Korea   KOR 4 1 1 6
7 Kanada   CAN 3 6 4 13
8 Switserlân     SUI 3 4 2 9
9 Eastenryk   AUT 2 3 4 9
10 Sweden   SWE 2 1 0 3

Fryske medaljes

bewurkje seksje
Medalje Namme Sport Underdiel
  Rintje Ritsma Reedriden 1500 m
  Falko Zandstra Reedriden 1500 m
  Rintje Ritsma Reedriden 5.000 m

Dielnimmende lannen

bewurkje seksje

In rekordoantal fan 67 lannen die mei oan de Spullen Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje twa jier dêrfoar. De gearstalling fan de lannen liet grutte ferskillen sjen. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Algerije, Bolivia, Kosta Rika, Hondueras, Ierlân, Yndia, Noard-Korea, Libanon, Marokko, de Nederlânske Antillen, de Filipinen en Swazilân. Joegoslaavje mocht fanwegen in ynternasjonale (sport)boykot net meidwaan.

Njoggen eardere Sowjet-steaten kamen net mear as in mienskiplik team út, mar as ôfsûnderlike lannen. Dat betsjutte it debút op de Winterspullen foar Armeenje, Georgië, Kazachstan, Kirgyzje, Moldaavje, Oekraïne, Oezbekistan en Wyt-Ruslân en de rentree fan Ruslân. Mei it útienfallen fan Tsjechoslowakije kamen no ek Tsjechje en Slowakije mei in eigen ploech en debutearren de lannen. Harren debút makke ek Amerikaansk-Samoa, Bosnje-Hersegovina, Israel, Trinidad en Tobago. Fidzjy en Portegal makken harren rentree. Nei de ynternasjonale boykot wie Súd-Afrika wer wolkom.


Keppeling om utens

bewurkje seksje
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
  ·   ·