Palindroom
In palindroom is in rige tekens (‘symmetryske sekwinsje’) dy't fan lofts nei rjochts en oarsom lêzen wurde kin sûnder dat de sin feroaret. In palindroom is net altiten in sin, mar kin ek in wurd wêze. De wurden of sinnen bliuwe, as men de letters omdraait, gelyk yn foarm en betsjutting.
By in palindroom giet it net perfoarst om wurden of sinnen. Der binne ek palindroomsifers dy't fan lofts nei rjochts en oarsom deselde wearde hawwe (bgl. 1221). It ferskynsel komt ek foar yn de muzyk, dêr't muzykstikken fan foar nei efter en oarsom spile wurde kinne, en men itselde heart.
Wurden
bewurkje seksje- mem
- leppel
- radar
- rotor
Sinnen
bewurkje seksjeBy in palindroom binne ynterpunksje, spaasjes, diakritika en haadletters net fan belang.
- Murk leppele de la om enne… Mo âle de leppel krûm.
- Net ite, fet iten!
- Net tije! Tep ús lof, jim famkes. It is ek maf mij fol sûpe te jitten.
- He?! Sist Mo (kat) tsjin mij: “Ta! Se gnize ‘t út om Ram, nei tsien neven neist ien marmot út Ezinge, sa’t jim nijs ‘t takomt, sis!”? Eh…
Sifers
bewurkje seksjeIt is ek mooglik om mei sifers, datum- as tiidoantsjutting in palindroom te meitsjen. De datum/tiid 20-02-2002 20:02 kin sawol fan lofts nei rjochts as oarsom lêzen wurde en der stiet noch hieltyd itselde. In oare palindroomdatum is 01-02-2010. In simpele rige sifers as 73237 is ek in palindroom.