Súdlike Oseaan
De Súdlike Oseaan, ek wol de Antarktyske Oseaan, Súdpoalsee of Súdlike Iissee, is de wettermassa dy’t neffens guon geografyske en hydrografyske boarnen Antarktika omfiemet. De oseaan leit súdlik fan de 60 graden súderbreedtegraad. It is de fjird grutste oseaan fan de wrâld en de jongst definiearre nei dat dit yn 2000 nei in beslút fan de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje (IHO) oanfurde waard. De term is lykwols al lange tiid yn gebrûk yn de skipfeart. Geografen binne it noch net oer de noardlike grins fan de oseaan iens, guon beskôgje de oseaan sels as parten fan de Yndyske Oseaan, de Atlantyske Oseaan en de Stille Oseaan.
Súdlike Oseaan | ||
De lizzing fan 'e Súdlike Oseaan neffens de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje, dy't de 60° suderbreedte as noardgrins oanhâldt. | ||
geografy | ||
type wetter | oseaan | |
lokaasje | om Antarktika hinne | |
lân | ferskaat, sjoch hjirre | |
koördinaten | 70° S, 150° W | |
sifers | ||
maks. lingte | 21.000 km | |
maks. breedte | 2.600 km | |
oerflak | 20.327.000 km² | |
djiptegemiddelde | 3.270 m | |
djipste punt | 7.432 m | |
wetterfolume | 71.800.000 km³ |
Geografy
bewurkje seksjeDe Súdlike Oseaan is oseanografysk foarme doe’t Antarktika en Súd-Amearika út mekoar rekken, wêrtroch de Drakestrjitte ûntstie, sadwaande koe de Antarktyske Sirkumpolêre Stream rûchwei 30 miljoen jierre lyn op gong komme, wat betsjut dat de oseaan in stik jonger is as de oare oseanen.
Seeën dy’t yn de oseaan lizze binne de Amundsensee, de Bellinghausensee, in part fan de Drakestrjitte, de Ross See, in part fan de Skotiasee en de Weddellsee. It totale oerflak is 20.327.000 kante kilometer, de totale kustline is 17.968 kilometer lang.
It pakiis fan de Antarktyske Oseaan touteret fan in minimum fan 2,6 miljoen kante kilometer yn maart oant 18,8 miljoen kante kilometer yn septimber, in mear as fersânfâldiging yn oerflak.
Yn de Súdlike Oseaan streamt de Antarktyske Sirkumpolêre Stream. De stream, 21.000 kilometer lang, beweecht him hieltyd nei it easten. It is de grutste seestream fan de wrâld en ferfierd 130 miljoen kubike meter wetter de sekonde, 100 kear safolle as alle rivieren fan de wrâld by elkoar. De Súdlike Oseaan is tige wichtich foar de sirkulaasje fan wetter oer de wrâld, allinne troch dizze oseaan kin it wetter fan de ien fan de grutte oseanen nei de oare oseaan streame.[1] De oseaan foarmet sadwaande in ferbining tusken de trije grutte oseanen. De Antarktyske Sirkumpolêre Stream giet oant de boaiem fan de Súdlike Oseaan oan ta. In fergelykbere streaming dy’t sa djip giet is nearne oars te finen. Foar in omgong om de poal hat de streaming likernôch 20 jier nedich.[2]
De Súdlike Oseaan ferskilt fan oare oseanen dat it net omfieme wurdt troch lân, wat de oare oseanen al hawwe, mar dat it sels lân omfiemet. De noardlike grins fan de oseaan is net lân, mar in breedtegraad, en giet oer yn de trije oare oseanen. In reden dat de Súdlike Oseaan al as aparte oseaan sjoen wurdt is de wetterstream, de Antarktyske Sirkumpolêre Stream dy’t om Antarktika hinne streamt in yn flinke gong, dat it wetter yn de Súdlike Oseaan oan de iene kant fan Antarktika komt bygelyks mear oerien mei it wetter oan de oare kant fan it wrâlddiel dan dat it oerien komt mei it wetter yn de oseaan dy’t dêr noardlik fan leit.
Yn in soad gefallen is de Súdlike Oseaan it tsjinoerstelde fan de Noardlike Iissee, dy’t oan de oare kant fan de wrâld leit.
Grins
bewurkje seksjeBy de twadde gearkomste fan de IHO yn 1937 oer de grinzen fan oseanen en seeën waard ek de Súdlike Oseaan besprutsen, mar it kaam lykwols by de tredde edysje yn 1953 net mear ter sprake. Dat kaam fanwegen de feroarjende hydrografyske grinzen fan de oseaan troch it jier hinne, ek fûnen wittenskippers dat in oseaan omfieme wurde moat troch lân en net krekt oarsom. Letter hawwe lannen sels in grins oantsjutten.
De IHO kaam werom op it ûnderwerp yn 2000. Fan de 68 lidsteaten, reagearren der 28, wêrfan allinnich Argentynje tsjin it foarstel wie in nije oseaan te definiearjen. It foarstel foar de namme Súdlike Oseaan krige 18 stimmen, wêrmei it alternatyf, Antarktyske Oseaan, ferslein waard. De helte fan de stimmen wie foar it lizzen fan de grins op 60 graden suderbreedte, de oare fjirtsjin stimmen wienen foar oare definysjes.
De definysje is lykwols net universeel. Oare organisaasjes, bygelyks de National Geographic Society, lûkt de Atlantyske Oseaan, de Stille Oseaan en de Yndyske Oseaan noch hieltyd troch nei Antarktika. Alhoewol’t artikels op harren hiemside al de Súdlike Oseaan neame.
Yn Austraalje wurdt de Súdlike Oseaan op deselde manear definiearre as de IHO dat docht, mar wurdt al it wetter tusken Antarktika en Austraalje en Nij-Seelân ek as Súdlike Oseaan oantsjutten, sa wurdt it ek op kaarten setten. Kustkaarten fan Tasmaanje en Súd-Austraalje yn it bysûnder tsjutte de gebieten altiden oan as de Súdlike Oseaan en nea as de Yndyske Oseaan.[3]
Territoaria oan de Súdlike Oseaan en syn râneseeën
bewurkje seksje- Argentynsk Antarktika (Argentynje)
- it Australysk Antarktysk Territoarium (Austraalje)
- Bouvet (Noarwegen)
- Brazyljaansk Antarktika (Brazylje)
- de Britske Antarktyske en Súdlike Territoaria (Feriene Keninkryk)
- de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen (Frankryk)
- Keninginne-Maudlân (Noarwegen)
- Macquarie (Austraalje)
- de Nijseelânske Ofhandige Eilannen (Nij-Seelân)
- Peter I-Eilân (Noarwegen)
- it Ross-ôfhinklikheidsgebiet (Nij-Seelân)
- Sileensk Antarktika (Sily)
Klimaat
bewurkje seksjeDe seetemperatuer wikselt fan -2 °C oant 10 °C. Sykloanen lûke eastlik om it kontinint hinne waakse út en troch ta swiere stoarmen troch it temperatuerferskil tusken iis en de iepen see. It see-oerflak fan likernôch de 40e suderbreedtegraad ôf oant de Antarktyske Sirkel hat de sterkste trochsneed wyn op Ierde. Yn de winter befriest de oseaan oant foarby de 65 graden súderbreedte yn de Stille Oseaan en 55 graden súderbreedte yn de Atlantyske Oseaan, wêrtroch de temperatuer oan it oerflak fier ûnder de 0 graden Celsius komt. Op guon plakken hâlde winen út it binnenlân de kustline it heule jier troch frij fan iis.
Natuerlike helpboarnen
bewurkje seksje- Nei alle gedachten tige grutte oalje- en gasfjilden
- Mangaan
- Mooglike goudôfsettings
- Sân en grús
- Farsk wetter yn de foarm fan iisbergen
- Fauna
- Pylkinktfisk
- Walfisk
- Seehûnen
- Plankton
- Ferskate fisksoarten
- 17 soarten pinguins
Natuerlike gefaren
bewurkje seksjeIisbergen kinne it heule jier troch yn de oseaan foarkomme, guon kinne inkele hûnderten meters heech wêze. Lytsere iisbergen, meastentiids fan 0,5 oant 1 meter dik, soargje ek al foar problemen yn de skipfeart. It djippe kontinintale plat hat in flier fan glasiale ôfsettings.
Yn de skipfeart steane de breedtegraden 40, 50 en 60 bekend as de “Roaring Fourties”, de “Furious Fifties” en de “Shrieking Sixties”, fanwegen de hurde winen en grutte weagen dy’t ûntsteane trochdat de wyn frij spul hat en net ôfremme wurdt troch lân.
In gefaar is ek dat it gebiet fier fan syk- en rêdingsfasiliteiten ferwidere is.
Miljeu
bewurkje seksjeHjoeddeiske saken
bewurkje seksjeGefaren foar it miljeu binne:
- Hegere ultrafiolette strieling troch it gat yn de osonlaach wat de primêre produksje fan fytoplankton mei 15% fermindere hat en de DNA fan guon fisken skansearre hat.
- Unwettige, netmelde en netregulearre fiskerij, benammen de fangst fan fiif oant seis kear mear Patagonyske Toskefisk dan troch de regulearre fiskerij fong wurdt en wat nei alle gedachten de duorsumheid fan de fisk beynfloedet.
- In soad fûgels komme fêst te sitten yn de netten fan de fiskers, wêrtroch se om komme.
Ynternasjonale oerienkomsten
bewurkje seksjeAlle ynternasjonale oerienkomsten dy’t de oseanen fan de wrâld oanbelangje jilde ek foar de Súdlike Oseaan. Fierders binne der noch in stik as wat oerienkomsten makke dy’t spesjaal foar dizze oseaan opgean:
- Ynternasjonale Walfiskfeartkommisje: Dizze organisaasje hâld tasjoch op de walfiskfeart yn it gebiet. Japan erkend dizze taak net en docht út en troch ûndersyk nei walfisken yn it gebiet en hâld der walfiskjachttochten.
- Convention for the Conservation of Antarctic Seals: Beheind de jacht op seehûnen.
- Convention on the Conservation of Antarctic Marine Living Resources: Regulearret fiskfangst yn it gebiet.
In soad lannen ferbiidzje it sykjen en it eksploitearjen fan minerale boarnen súdlik fan it Polêre Front, dat yn de midden fan de Antarktyske Sirkumpolêre Stream leit.
It Antarktysk Ferdrach omfiemet it part fan de wrâld dat súdlik fan de 60 graden suderbreedtegraad leit[4], it ferbied alle oanspraak dy’t lannen dogge op Antarktika en de eilannen yn de Súdlike Oseaan skrapt.[5]
Ekonomy
bewurkje seksjeFan 1 july 1998 oant 30 juny 1999 hat de fiskerije 119.898 ton fong, wêrfan 85% planktonkreeft wie en 14% Patagonyske Toskefisk. Ynternasjonale oerienkomsten gienen fan start oan de ein fan 1999, om sa de yllegale, netmelde en netregulearre fiskerij tsjin te gean. Dizze lêste foarmen fan fiskerij hawwe yn 1998-1999 fiif oant seis kear mear Patagonyske Toskefisk fong dan legale fiskerij.
Yn de simmer fan 1998-1999 hawwe 10.013 toeristen de Súdlike Oseaan en Antarktika besike.
Havens
bewurkje seksjeDer binne net in soad havens oan de súdkante fan de Súdlike Oseaan, it iis beheind it gebrûk fan havens ta in lytse perioade midden yn de simmer, sels dan hawwe guon havens iisbrekkers nedich om de haven iisfrij te krijen. De measte haven op Antarktika wurde bewâlde troch ûndersykstasjons fan oerheden en bliuwe, útsein foar needgefallen, ticht foar kommersjele skipfeart of priveeskippen. Skippen yn in haven súdlik fan de 60 graden suderbreedtegraad wurde ynspektearre troch waarnimmers fan it Antarktyske Ferdrach.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- It CIA World Factbook artikel oer de Súdlike Oseaan
- The Fifth Ocean fan Geography.About.com
- NOAA In-situ Ocean Data Viewer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Southern Ocean fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Oseanen fan de Ierde | ||
---|---|---|
Atlantyske Oseaan - Yndyske Oseaan - Noardlike Iissee - Stille Oseaan - Súdlike Oseaan | ||
· · |