Schelte van Heemstra

(Trochferwiisd fan Schelto van Heemstra)

Baron Schelte van Heemstra (Grins, 14 novimber 1807 - Martensdyk, 20 desimber 1864 ) wie in Frysk politikus. Hy wie in soan fan Willem Hendrik fan Heemstra (1797-1826) en Johanna Balthazarina fan Idsinga (-1850).

Schelte fan Heemstra

Van Heemstra studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht yn Frjentsjer (1824) en Grins (1828-1830), dêr't er yn 1830 promovearre op it proefskrift "Specimen juridicum inaugurale, exhibens nonnulla de alimentis praestandis."

Yn 1830 waard hy grytman fan Doanjewerstâl en letter fan East-Dongeradiel (1839-1849). Wie lid fan de Steaten en de Twadde Keamer (1844). Schelte van Heemstra steunde Thorbecke (wie yn 1844 ien fan de Njoggenmannen), minister fan de Herfoarme Earetsjinst (1848-1849) en wie Kommissaris fan de Keninginne fan Utert (1850) en fan Seelân (1858). Nei 1848 hinge er hieltyd mear de konservative kant oer. 1862 waard hy minister fan Steat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Heemstra, Schelte van.
  • Levensberichten v.d. Maatschappij der Nederlandse letterkunde - Leien 1865, side 180-223
  • Nieuw Ned. biografisch Woordenboek III 559