Sibling is in fan oarsprong Ingelske oerkoepeljende term foar in broer of suster (oftewol in bern fan itselde âlderpear), wêrby't gjin ûnderskie nei geslacht makke wurdt. Dit is in foarm fan earstegraads besibskip. It Frysk noch it Nederlânsk hat in eigen wurd mei persiis dy betsjutting. Om't 'broer of suster' in omslachtige omskriuwing is, wurdt de term 'sibling' benammen brûkt yn wittenskiplike literatuer op it mêd fan 'e geneälogy en de antropology. De relaasje tusken siblings wurdt oantsjut as siblingskip of (op syn Ingelsk) siblinghood. Seksueel kontakt tusken siblings wurdt yn 'e measte minsklike kultueren as taboe en in foarm fan ynsest beskôge. Nettsjinsteande dat wie it yn it Alde Egypte lykwols wenst dat de farao's mei harren eigen suster trouden, al wie dat in útsûndering yn 'e Aldegyptyske kultuer, om't de farao's as goaden beskôge waarden, dy't dêrom net mei sljochtwei folk trouwe koene.

De suskes Else en Hanne Benzon.
Peder Severin Krøyer (1851-1909).

As in broer deselde mem of deselde heit hat as in mei-sibling, mar net beide, is it in healsibling (healbroer of healsuster). In sibling út in eardere relaasje fan in styfâlder is in styfsibling. In bern dat yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is foar de biologyske bern fan syn pleechâlden in pleechsibling. In oantroude partner fan jins sibling kin in skoansibling neamd wurde.

It belang en de krekte definysje fan it begryp 'sibling' ferskilt al neigeraden it ôfstammingssysteem dat yn in maatskippij hantearre wurdt. Yn 'e Westerske kultuer dominearret datoangeande in foarm fan siblingskip dy't yn 'e antropology oantsjut wurdt mei de term personal kindred ("persoanlike besibskip"). Dat is in foarm fan bilaterale ôfstamming wêrby't útslutend folle siblings ta deselde kindred (besibskipskategory) rekkene wurde as de ik-persoan. De oare foarm fan bilaterale ôfstamming is de descending kindred ("ôfstammingsbesibskip"), wêrby't net útgien wurdt fan 'e âlden, mar fan eardere foarâlderpearen, lykas pakes en beppes, oerpakes en oerbeppes, betoerpakes en betoerbeppes of in noch earder pear. Ofhinklik fan 'e fraach hoefier't men weromgiet, wurde dan dus ek neven en nichten, efterneven en efternichten, ensfh. ta jins siblings rekkene.

It tsjinstelde fan 'e bilaterale ôfstamming is de unilineêre ôfstamming, dy't sterk liket op 'e descending kindred-fariant fan 'e bilaterale ôfstamming, mei as ferskil dat òf de famylje oan heitekant (patrilineêre ôfstamming) òf dy oan memmekant (matrilineêre ôfstamming) bepalend is. As de kultuer yn sa'n gefal patriargaal is, lykas dy fan 'e lânseigen Hawaïanen, binne jins siblings dus de bern fan deselde âlden en neven en nichten oan heitekant, mar net de neven en nichten oan memmekant. Is de kultuer matriargaal, lykas by de Yndiaanske Irokezen, út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika, dan is it krektoarsom. By de Irokezen is it trouwens noch yngewikkelder, mei't dêr ek de saneamde parallel cousins en cross cousins in rol spylje, de bern fan siblings fan gelikense sekse en dy fan siblings fan ûngelikense sekse, wêrby't mei cross cousins troud wurde kin, mar mei siblings en parallel cousins beslist net.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kloos, P., Culturele Antropologie: Een Inleiding, 2002 (Koninklijke Van Gorcum).
Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes