Skalsum
Skalsum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Skalsum leit noardeastlik fan Frjentsjer en súdwestlik fan Peins. De doarpskearn leit oan de Doarpsstrjitte, Tsjerkestrjitte en Frjentsjerterwei. De buorskip Molswert heart ek by Skalsum. Tegearre mei Boer, Sweins, Peins en Rie foarmet Skalsum it Frjentsjerter Fiifgea.
Skalsum | ||
Nikolaastsjerke (2018) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 145 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 3,42 km², wêrfan: - lân: 3,38 lân km² - wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 42 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 11' N 5° 34' E | |
Kaart | ||
Op 1 jannewaris 2023 hie Skalsum 145 ynwenners.
Namme
bewurkje seksjeIn âlde foarm fan de namme is 'Scalkesum' (1275). De hjoeddeiske namme wurdt yn alle gefallen sûnt 1425 brûkt. Oan it ein fan de 16e iuw wie de Fryske fariant 'Scalzum. It earste diel komt fan de persoansnamme Skalk, dat oarspronklik 'feint' betjut.[1] It twadde diel betsjut 'hiem'.
Skiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeIt doarp foarmet mei de noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjerter Fiifgea. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en pleatsen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral it poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou. Foaroan de dyk, op de hoeke, stiet de mânske (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de 1870-1880. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare sadat it liket oft de wenning fan grutte blokken natoerstien boud is.
Oant 1939 stie der in mole yn Skalsum. East fan Skalsum stiet De Skalsumermole, in poldermole út 1801.
De bekendste bolle fan Nederlân, Sunny Boy kaam fan Skalsum.
Sûnt 2018 leit Skalsum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).
Mienskip
bewurkje seksjeOan de Doarpsstjitte stiet it doarpshûs.
Tjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Skalsum).
De oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke is boud oan de ein fan de 12e of begjin 13e iuw. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn de súdlike muorre, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem. De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes dêr’t in pear grutte finsters yn stean. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. It ynterieur hat in iken preekstoel mei sniene panelen fan 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e iuw. De toer hat in 19e iuwsk foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e iuw wie de toer noch begroeid mei klimop. Meidat dêr skealik fûgelguod yn húsmanne is dy roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’.
Ferienings
bewurkje seksjeDe grutste feriening fan Skalsum is keatsferiening "Ons Genoegen". De op ien nei grutste feriening is de biljertferiening. Skalsum hat ek in skoft in fuotbalferiening hân mei de namme Freno, mar yn 1970 gyng dy tegearre mei de fuotbalklub fan Frjentsjer.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 121 | 205 | 201 | 186 | 178 | 171 | 120 | 137 | 140 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne yn Skalsum
bewurkje seksje- Jentje van der Sloot (1881), keunstskilder
- Andries van der Sloot (1884), keunstskilder
Strjitten
bewurkje seksjeDoarpsstrjitte, Frjentsjerterwei,, Tsjerkestrjitte, Peinserwei, Ryksstrjitwei.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|