Tabak
Tabak is in produkt makke fan de blêden fan de tabaksplant Nicotiana tabacum, dat as genietmiddel smookt, kôge (prûmtabak) en snúfd wurdt.
Tabak is lang brûkt as in enteogeen yn Noard- en Súd-Amerika. Nei de komst fan de Jeropeanen yn Noard Amerika waard it lykwols hannelsguod en in rekreaasjedrug. De populêre tabak late ek ta ekonomyske ûntjouwing fan it suden fan de Feriene Steaten oant it plak meitsje moast foar katoen. Nei de Amerikaanske Boargeroarloch ûntstie de sigaret. De grutte fraach nei dit produkt late rillegau ta it ûntstean en oanwaaksen fan grutte tabaksûndernimmingen oant de wittenskip fraachtekens sette by it tabaksgebrûk, sa mids 20e iuw.
Der binne in protte soarten tabak, dy't allegearre levere wurde troch it planteskaai Nicotiana. It wurd nicotiana (en ek nikotine) is neamd nei Jean Nicot, de Frânske ambassadeur foar Portegal, dy't yn 1559 tabak as medisyn nei it hof fan Catherine de Medici stjoerde.[1]
It gebrûk fan tabak is in sosjaal (mar hieltyd minder) akseptearre foarm fan ferslaving; foaral it alkaloïde nikotine dat yn tabak sit, laat ta wennen en ôfhinklikens.
Fral it brûken fan smookbere foarmen fan tabak, benammen sigaretten, foarmet in wichtige oarsaak fan swierrichheden mei de sûnens oer de hiele wrâld; smokers libje trochsneed 5 oant 10 jier koarter as net-smokers, en in protte syktes hâlde in mear of minder sterk ferbân mei it gebrûk fan tabak, fan longkanker, hertinfarct, beroerte, mûle- tonge- slokdarm- maach- en blaaskanker oant emfyseem en COPD.
Dokters riede it gebrûk fan tabaksprodukten dan ek sterk ôf en yn in soad lannen binne warskôgings op de ferpakking ferplicht. Yn Nederlân bestiet sûnt 1990 de Tabakswet dy't dêrnei hieltiid fierder oanskerpe wurdt om it smoken te ûntmoedigen. De nasjonale oerheid bart jierliks grutte bedraggen oan aksyns op de ferkeap fan tabaksprodukten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|