Timóteüs (apostel)

Timóteüs (Gryksk: Τιμόθεος; betsjutting: "de God earjende"; Lystra, 17Masedoanje, 97) wie in kristlike apostel yn de earste iuw nei Kristus en neffens de oerlevering de earste biskop fan Efeze.

Timóteüs op in otterdoksk ikoan
 
Brânskildere raam yn de katedraal fan Kildare (Ierlân)

Doe't de apostels Paulus en Barnabas Lystra oandiene om it evangeelje te bringen bekearden in soad minsken harren ta it kristendom, nei't Paulus dêr in kreupele genêzen hie. Under de bekearlingen wie mooglik ek de jonge Timóteüs, de soan fan in Gryk en de joadinne Eunike. In pear jier letter kaam Paulus mei Silas werom yn Lystra en doe wie Timóteüs yn de gemeente al in respektearre gemeentelid. Ek syn mem, dy't Timóteüs fan syn bernetiid ôf fertroud hie makke mei de Skrift, en syn beppe Loïs hiene it nije leauwen oannommen.

Timóteüs wurke nau mei de apostel Paulus gear en him waarden allerhanne taken tabetroud by de soarch foar de noch lytse en jonge kristlike mienskippen. As soan fan in Gryk wie Timóteüs lykwols net besnien. Alhoewol't de besnijing foar kristenen net needsaaklik wie, soe dit wol ta swierrichheden liede kinne by it preekjen yn de synagoge. Dêrom liet Timóteüs him fan Paulus besnije, sa't er mei it bringen fan it evangeelje makliker tagong krige by de Joaden.

Timóteüs reizge mei Paulus nei Troäs, nei Filippi, nei Tessaloníka, Beréa en Korinte. Hy skreau brieven mei Paulus en wie by Paulus yn Rome doe't er finzen siet. Paulus stjoerde Timóteüs nei ferskate gemeenten om te helpen by de opbou en de ferdjipping yn it leauwen. En doe't Paulus foar de twadde kear finzen siet yn Rome hie Timóteüs de lieding oer de gemeente yn Efeze en moast er dêr de dwaallear tsjingean. Yn Hebreeërs 13:23 wurdt skreaun dat Timóteüs sels ek fêst sitten hat fanwegen it leauwen.

Paulus liet dúdlik blike dat Timóteüs him tige tadien wie. Hy joech heech op fan de trou fan Timóteus, sa't in soan trou wie oan syn heit (Filippiërs 2:22). Yn syn earste brief oan de gemeente fan Korinte neamde Paulus Timóteüs syn "leave en trouwe soan" [1]. Paulus skreau twa brieven oan Timóteüs. De earste brief skriuwt Paulus oan syn "echte soan yn it leauwen" [2] Yn de twadde brief rjochtet Paulus him ta "syn leave jonge" [3]

De dea fan Timóteüs

bewurkje seksje

Timóteüs wurdt de earste biskop fan Efeze neamd. De tradysje ferhellet dat hy stoar as martelder, nei't hy him fersette tsjin in feest mei wylde útspattings.[4] In oare ferzje is dat Timóteüs him fersette tsjin de ferearing fan Diana. It folk brocht him dêrnei om mei stokslagen en stiennen.[5] Syn omskot waard fan Efeze nei Konstantinopel brocht en dêr yn de Tsjerke fan de Hillige Apostels te rêste lein by de apostels Andréas en Lukas.

Timóteüs waard eartiids oanroppen foar maagklachten, om't er dêr tidens syn libben sels in soad lest fan hân hat.

In ôfbyldings wurdt Timóteüs faak as biskop ôfbylde. Yn syn hân hâldt hy in skriftrol of knots. Somtiden lizze by de fuotten stiennen of de stikken fan it byld fan Diana.

Betinkingsdagen

bewurkje seksje
  • Roomsk-katolike Tsjerke: 26 jannewaris
  • Protestanske Tsjerken (Anglikaansk en Lutersk): 26 jannewaris
  • Otterdokske Tsjerken: 4 jannewaris, 22 jannewaris
  • Armeenske Tsjerke: 21 jannewaris
  • Koptyske Tsjerke: 18 jannewaris
  • Syrysk-otterdokske Tsjerke: 21 jannewaris, 22 jannewaris, 11 maaie

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Korintiërs 4:17
  2. 1 Timóteüs 1:2
  3. 2 Timóteüs 1:2
  4. https://www.heiligenlexikon.de/BiographienT/Timotheus.htm
  5. Sancti. Nog meer heiligen herkennen ISBN 90-80829-01-3