Ulbe van Houten
Ulbe van Houten (Boksum, 23 maart 1904 - Sint-Anne, 22 maart 1974) wie in Frysk skriuwer.
Libben
bewurkje seksjeAs arbeiderssoan en jongste fan fjouwer bern gie er nei de kweekskoalle om foar ûnderwizer te learen. Yn 1922 waard er beneamd as ûnderwizer oan de kristlike De Slotskoalle yn Sint Anne. Letter waard hy learaar oan de MULO yn dat plak. Syn frou, Sieuwke Lep, kaam út Froubuorren. Sadwaande hearden de fiif bern yn de húshâlding Van Houten thús twa talen, mem prate Biltsk mei har en heit Frysk.
Syn earste Fryske boek skreaun er yn 1936. Syn literêre neilittenskip bestiet út ien roman, in ferhalebondel en twa novelles. It neifertellen fan de bibelske ferhalen yn De Hillige Histoarje yn twa dielen, it âlde en nije testamint, seach de grifformearde Van Houten as syn libbenswurk. Yn 1955 krige er dêrfoar yn Boalsert de heechste literêre ûnderskieding fan de provinsje Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.
As taalkundich ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978) mei oan 'e fertaling fan 'e bibelboeken Genesis, Exodus, Leviticus, Numeri, Deuteronomium, Jozua, Rjochters, Ruth, 1 en 2 Samuël, 1 en 2 Keningen, Ester, Psalmen, Spreuken, Preker, Heechliet en Kleilieten.
Wurk
bewurkje seksje- 1937 – De Wraak (koart ferhaal)
- 1938 – De Sûnde fan Haitze Holwerda (roman, 11e printinge yn 2010)
- Nederlânske oersetting: De Zonde van Haitze Holwerda (fert. G. Mulder, Kok, Kampen, 1950)
- Biltske oersetting: De Sonde fan Haitze Holwerda (fert. Sytse Hotzes Buwalda, 2021)
- 1943 – De Rook fan it Lân (ferhalebondel; 2e, útwreide printinge 1965, 3e printinge 1994)
- De Beam
- Fakânsje
- Tillefoan
- Sabbatsreis
- Ferlerne Soan
- Maaie
- Lêste Reis
- Spul om Douwe
- De Wraak
- Brief nei Kanada (sûnt de werprintinge fan 1965)
- Ein fan 'e Mars (sûnt de werprintinge fan 1965)
- 1945 – Ein fan 'e Mars (novelle)
- 1949 – De Hillige Histoarje, Diel I (frije neifertelling fan it Alde Testamint)
- Nederlânske oersetting: De Heilige Geschiedenis, Deel I (oersetting: Wever, Frjentsjer, 1959)
- 1953 – De Hillige Histoarje, Diel II (frije neifertelling fan it Nije Testamint, 3e printinge 1983)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|