Wubbo Ockels
Professor Doktor Wubbo Ockels (Almelo, 28 maart 1946 - Amsterdam, 18 maaie 2014) wie in Nederlânske natuerkundige en de earste Nederlânske romtefarder.
Libben en wurk
bewurkje seksjeOplieding
bewurkje seksjeOckels studearre natuer- en wiskunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins (RuG), dêr't er yn 1973 cum laude syn doktoraaleksamen behelle. Nei syn oplieding wurke hy foar it Kearnfysysk Fersneller Ynstitút dêr't er ûndersyk die nei ûnder oaren it ferfal fan gammastrielen yn nukleêre systemen. Yn 1978 promovearre Ockels oan dy universiteit.
Yn 1978 waard Ockels, doetiids ferbûn as bysûnder heechlearaar oan de RuG, troch it Jeropeeske Romteagintskip (ESA)) frege mei te wurkjen oan it Spacelab program, in gearwurkingsprojekt fan ESA en NASA.
Astronaut
bewurkje seksjeYn de jierren 1980 en 1981 folge Ockels de astronautenoplieding oan it Johnson Space Center yn Teksas, Feriene Steaten. By de earste Spacelab-flecht, yn 1983, hold Ockels fan de grûn ôf it kontakt mei de wittenskippers fan de bemanning fan de Space Shuttle.
Yn 1985, fan 31 oktober oant 6 novimber, wie er ien fan de bemanningsleden fan de Space Shuttle Challenger. Hy wie as wittenskipper ferantwurdelik foar de mjitapparatuer en de wittenskiplike ûndersiken.
Heechlearaar
bewurkje seksjeYn de jierren dernei hat er wurksum west foar ESTEC yn Noardwyk; sûnt 1992 wie er wurksum as heechlearaar oan de Technyske Universiteit Delft oan de fakulteit Loft- en Romtefearttechnyk. Dêr wie er sûnt 2003 dwaande op it mêd fan duorsume enerzjy.
In tal projekten wer Ockels oan mei wurke hat binne:
- De sinneauto's Nuna, dêr't TU Delft yn 2001, 2003 en 2005 de Wrald Solêrrees mei wûn hat.
- De hegefaasjebus fan Amsterdam nei Grins, dy't in faasje fan 250 km/oere helje kinne soe en oer de normale diken ride kin. Dat soe in alternatyf west hawwe foar de Suderseeline.
Persoanlik libben
bewurkje seksjeOckels wie troud, hie twa bern en twa bernsbern.
Yn 1982 krige Ockels in slimme leptospirose-ynfeksje. Augustus 2005 krige er in hertoanfal. Hy waard better en koe syn wurk oan de TU Delft wer opnimme.[1]
Op 29 maaie 2013 waard nei bûten brocht dat Ockels in aggressive niertumor hie (nierselkanker) mei metastasen op de longfluesen; hy soe noch sa'n twa jier te libjen hawwe.[2] Hoewol't er fan alles besike hat om syn ymmúnsysteem sterker te meitsjen en sadwaande de kanker te bestriden, stoar er 18 maaie 2014 oan de gefolgen fan dy kanker.[3]
Lidmaatskippen
bewurkje seksjeOckels wie lid fan de Amerikaanske Feriening foar Natuurkunde, de Nederlânske Natuerkundige Feriening, Mensa, de Assosjaasje foar Romteferkenners en de Assosjaasje foar Europeeske Astronauten. Teffens wie er ambassadeur fan de Frisian Solar Challenge, in race foar sinneboaten de Fryske alve stêden bylâns. Sûnt 2009 siet er yn it Komitee fan Oanrikkommandaasje fan de stichting Students in Free Enterprise Delft.
Planetoïde
bewurkje seksjeDe Ynternasjonale Astronomyske Uny hat in planetoïde (9496 Ockels) nei Ockels ferneamd. It planeetsje draait tusken de planeten Mars en Jupiter om de sinne en is trochsneed 4,8 oant 11,4 kilometer. 9496 Ockels waard op 26 maart 1971 ûntdutsen troch it Leiensk astronomepear C.J. van Houten en I. Groeneveld.
Underskiedings
bewurkje seksje- Op 15 juny 2000 waard Ockels de Gouden Generaal Snijders-Medalje takend foar syn krewearjen foar belangstelling foar de romtefeart ûnder de jongerein.
- Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Krús fan fertsjinst I. Klasse yn de Oarder fan Fertsjinste fan de Bûnsrepublyk Dútslân
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|