Springe nei ynhâld

Rinnen

Ut Wikipedy
De rinsyklus by de minske.

Rinnen is in stadige, symmetryske foarm fan fuortbeweging fan libbene wêzens, oftewol in gong. In synonym foar rinnen is gean, hoewol't dat tsjintwurdich net folle mear yn dy betsjutting foarkomt. Dizze gong is symmetrysk om't alle fjouwer lidden (by bisten) of de lofterlidden en de rjochterlidden (by minsken) der likefolle by brûkt wurde. Kuierjen is in sportive foarm fan rinnen.

By de minske wurde foar it eigentlike rinnen allinnich de beide skonken ynset, wylst de earms der ûnderwilens, troch fan foarren nei efteren en wer werom te swaaien, foar soargje dat it lichem yn lykwicht bliuwt. It rinnen op twa skonken wurdt ek wol bipedy neamd. Dêrby is hieltyd ien foet yn kontakt mei de grûn. Men sprekt fan stean as beide fuotten yn kontakt mei de grûn binne, en fan draven as by fuortbeweging beide fuotten tagelyk los fan 'e grûn komme.

By it rinnen (en by oare foarmen fan natuerlike fuortbeweging) wurde de fuotten yntinsyf brûkt. De anatomyske bou fan 'e minsklike foet is unyk, om't er evoluëarre is sadat de minske (as iennichste sûchdier) oanhâldend rjochtop stean kin. Dêrta is de foet opboud út 26 bonken en 214 knierbannen. De holle bou fan 'e soal fan 'e foet en de S-bûging fan 'e wringe helpe om skokken op te fangen dy't troch rinnen en oare foarmen fan fuortbeweging feroarsake wurde.

In bern leart te rinnen as pjut, as hy of sy twa oant trije jier âld is. De trochsneed faasje fan rinnen is likernôch 4 oant 5 km/h, ôfhinklik fan leeftyd, sûnens en motivaasje. In persoan fan tachtich jier hat yn syn of har libben trochinoar likernôch 120.000 km rûn, oftewol trije kear om 'e Ierde hinne.

De rinsyklus fan 'e minske bestiet út ien folsleine trêd. Ien trêd bestiet út twa passen of stappen, te witten: in stap mei de lofterfoet en in stap mei de rjochterfoet. De minsklike rinsyklus kin ferdield wurde yn ferskate fazen. Om't wittenskiplik ûndersyk oer it algemien yn it Ingelsk publisearre wurdt, is ek de measte terminology oer dit ûnderwerp yn dy taal.

Skematyske werjefte fan 'e rinsyklus by de minske.
  • stânfaze (stance phase)
    • stipe-opfangfaze (shock absorption phase) of gewichtsakseptaasje (weight acceptance)
      • hakkekontakt (heel-strike) of earste fuotkontakt (initial contact) op 0% fan 'e rinsyklus. Dêrby stiet de foet nei foarren ta bûgd, yn dorsifleksje. Dat wol sizze dat inkeld de hakke de grûn rekket, mar de rest fan 'e foet noch net.
      • belêstging (loading response), sadree't ek de rest fan 'e foet de grûn rekket
    • folkontakt of middenstânfaze (mid-stance phase), wêrby't dúdlik wurdt dat de minske in soalgonger (plantigrade) is mei fanôf likernôch 15% fan 'e rinsyklus de hiele soal op 'e grûn. Dat wurdt oantsjut as folslein soalkontakt (foot-flat). De foet dy't folkontakt makket wurdt oantsjut as de ipsilaterale foet. Underwilens set op likernôch 10% fan 'e rinsyklus de oare, kontralaterale foet him ôf fan 'e grûn om oan syn swaaifaze te begjinnen. Dêrmei is de twafuottige (bipedal) faze ôfrûn, dy't begûn mei it hakkekontakt. No begjint de ienfuottige (unipedal) faze.
    • ôfsetfaze (push-off phase)
      • terminale stânfaze, begjinnend mei it loslitten fan 'e grûn mei de hakke (heel-off), omtrint 45% fan 'e rinsyklus. Dêrby bûcht de foet nei ûnderen, yn plantêrfleksje, wêrby't de bal fan 'e foet it gewicht begjint te dragen.
      • pre-swaaifaze (pre-swing phase): sadree't de oare, kontralaterale skonk folslein op 'e grûn stiet, kin de earste, ipsilaterale foet, de lêste ôfset fan 'e grûn dwaan mei de grutte tean, oant ek alle teannen fan 'e grûn los komme (toe-off)
  • swaaifaze (swing phase)
    • inisjale swaaifaze (initial swing phase): de foet is hielendal los fan 'e grûn, mar befynt him noch efter it lichem
    • midswaaifaze (midswing phase): de skonk passearret yn syn swaai de steande skonk en giet dêrby ûnder it lichem troch
    • terminale swaaifaze (terminal swing phase): de skonk swaait foar it lichem út om op 'e nij kontakt mei de grûn te meitsjen

Sadree't de hakke wer kontakt mei de grûn makket is de rinsyklus of trêd foltôge.

De rinsyklus by in fjouwerpoatich bist (yn dit gefal in hynder).

By fjouwerfuottige bisten hjit it rinnen de stap. Sokke bisten hawwe faak mear gongen as minsken, lykas draaf, trijesprong en fjouwersprong.

Hynders, dy't yn dit ferbân, in goed en bekend foarbyld foarmje, rinne mei in faasje fan likernôch 6,4 km/h. Dêrby bewege de skonken yn 'e folchoarder: lofterefterskonk, lofterfoarskonk, rjochterefterskonk, rjochterfoarskonk, sadat der in hoefslach klinkt dy't 1-2-3-4, 1-2-3-4, 1-2-3-4 giet. By it rinnen hat in hynder altyd ien hoef los fan 'e grûn en de oare trije oan 'e grûn, útsein op it koarte momint dat it gewicht oerbrocht wurdt fan 'e iene nei de oare hoef.

Sa't minsken by it rinnen de earms fan foarren nei efteren en wer werom slingerje litte om it lykwicht te bewarjen, bewege hynders ûnder it rinnen de kop en hals lichtsjes op en del om yn balâns te bliuwen. Ideäliter oerstapt de foarútbewegende efterhoef it plak op 'e grûn dat de foarútbewegende foarhoef krekt loslitten hat. Wat mear oft de efterhoef dat plak oerstapt, wat makliker en nofliker de stap fan it hynder wêze sil. Dat is benammen fan belang by it hynsteriden. Underskate hynsterassen en yndividuële hynders ferskille yn 'e mjitte fan noflikens fan harren stap, mar in ruter sil altyd wol in mylde sydlingse beweging merke as in hynder oan it rinnen is.

Guon bisten, lykas kamielen, hawwe in aparte wize fan rinnen (en draven): de telgong. Ek beskate lytsere hynsterassen, lykas de Iislânske ponny, kinne dy wize fan rinnen oannimme. By de telgong bewege de skonken oan wjerssiden fan it lichem har om bar: earst lofterefterskonk en lofterfoarskonk tagelyk, en dan rjochterefterskonk en rjochterfoarskonk tagelyk. Dat jout foar in berider in dúdliker hinne-en-wergeande sydlingse beweging, dy't guon minsken mislikmeitsjend fine. Om't dy beweging wol wat wei hat fan in skip op see, wurdt it kamiel ek wol "it skip fan 'e woastyn" neamd.

Foarmen fan rinnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • algemiene synonimen: soalje, stappe, trêdzje
  • mei rinnen bemjitte: fuotsje, neitrêdzje, úttrêdzje
  • fluch rinne: bokselje, ôfskonkje, sieme, skonkje, snjitskje, snjitte, speakje, strijde, strûze, temskje, temzje, tippelje, tjemskje, tjemzje, tsjemskje, tsjemzje, toffelje, tripkje, tripje, trochbokselje, wol út 'e fuotleasten komme kinne
  • op grutske wize rinne: hipkje, tuge, túgje,
  • yn beskate klean rinne:
    • mei hurd fuotark op in hurde ûndergrûn rinne: kikkelje, klepperje
    • op sokken rinne: hoassokje
    • op toffels rinne: toffelje
    • yn jins ûnderklean (om)rinne: spane
  • mei muoite rinne (algemien): heukerje, hoatselje
    • kreupel rinne: hakkenkrukje, hompje, honkelje, kreupelskonkje, krukke, kwel(t)s rinne, lompe, mankje, oer de side gean, oer de wjuk gean
    • strompelje: bûkelje, knekkelje, poddebûkje, stommelje, stompe, strampelje, strobbelje, stroffelje, strutelje, stuitelje, stuiterje, stutelje, stuntelje, waggelje, wraggelje
    • ûnfest rinne troch dronkenskip: lavearje, skeanbilje, skeangatsje, skuielje, skuilje, slingerskonkje, sokkebalje, stoartelje, stoarrelje, swinkelje, wankelje
  • by nacht (om)rinne: murdzje, nachtravenje, nachtraavje, skynmoanje, waarûlje
  • om 'e nocht of ûnnedich rinne: kloatsekje
  • in protte rinne: soalslypje
  • mei rinnen smoarch meitsje: bepeazgje, bepeaskje, ynklâdzje, ynrinne, klabasterje, modderje, ûnderwâdzje
  • stadich rinne:
    • op in kalme wize: belderje, bjiskje, dangelje, flanterje, gongelje (d.w.s. mei in gongelstôk), ompanderje, panderje, pesjantelje, slinterje, suiskje, traapje, trapkje
    • op in wurge wize: baffelje, fokselje, net út 'e fuotleasten komme kinne, syksokje, sampelje, sjachelje, sjaggelje, sjamperje, sjoddelje, sjoelfuotsje, sjokkelje, sjokke, sjokselje, sjompe, sjottelje, sjouskje, sjouwe, sjuddelje, sjuttelje, skeuvelje, skoffelje, slakje, slydfuotsje, slykje, slykslakje, sljurkje, slofkje, sloffe, sukkelje, tsjokselje, tsjottelje, tsjuttelje
  • mei lytse stappen rinne: fuottelje, trapkje
  • mei swiere stappen rinne: mei swiere trêd rinne, stampe, wâdzje, woarteltraapje
  • ûnder it rinnen mei de stuten draaie: heupwidzje, kontsjedraaie, wipgatsje, wipkontsje
  • temûk rinne: glûpe, hoassokje, slûpe, teantsje
  • mei tsjinnichheid rinne: kloatsekje, kroaskje
  • ûnrêstich (hinne en wer) rinne: bauje, beëarskje, earskje, fiisbilkje, heisterje, jachtsje, omfiisbilkje, omflitterje, omjachtsje, toarkje, wyldzje
  • troch wetter of drek rinne: batse, blabberje, modderje, peazgje, sodsjerinne, sodskje, souskje, wâdzje

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.