Springe nei ynhâld

Arabysk Skiereilân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Araabje)
Kaart fan it Arabysk skiereilân.
Satellytfoto fan it Arabysk skiereilân

It Arabysk Skiereilân of Araabje (Ar. al-jazira; "it eilân" of Jazirat al-Arab; "eilân fan de Arabieren", Turksk: Arabistan) is in gebiet yn Aazje, fuort ten easten fan Afrika. It wurdt begrinzge troch de Reade See, de Golf fan Aden, de Yndyske Oseaan, de Arabyske See, de Golf fan Oman en de Perzyske Golf.

It skiereilân omfet de neifolgjende lannen: Saûdy-Araabje, Jemen, Oman, Katar, Koeweit en de Feriene Arabyske Emiraten. Oan de noardrâne lizze Jordaanje en Irak.