Barend Biesheuvel
Barend Willem Biesheuvel (Haarlimmerliede, 5 april 1920 – Haarlim, 29 april 2001) wie in Nederlânske politikus en minister-presidint fan de kabinetten Biesheuvel I en Biesheuvel II.
Nei it heljen fan it mulo-diploma gie de grifformearde Biesheuvel nei it Kristlik Lyceum te Haarlim. Hy helle it diploma gymnasium-A, wêrnei't er rjochten studearre oan de Frije Universiteit te Amsterdam. Hy slagge foar it doktoraal eksamen rjochtsgeleardheid yn septimber 1945. Fan 1945 oant 1947 wie er sekretaris fan de Provinsjale Fiedselkommissaris fan Noard-Hollân te Alkmaar. Yn 1947 waard er sekretaris fan de ôfdieling bûtenlân fan de Stichting foar de Lânbou, de foarrinnen fan it Lânbouskip. Biesheuvel waard yn 1952 algemien sekretaris fan it Nederlânske Kristlike Boeren en Túndersbûn (CBTB) en yn 1959 foarsitter. Fanôf 1959 wie er ek lid fan it bestjoer fan it Lânbouskip, fan de Stichting fan de Arbeid, fan de Sintrale Raiffeisenbank en fan de Heidemij.
Fan 1956 oant 1963 wie er foar de Anti-Revolúsjonêre Partij (ARP) lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal en fan 1957 oant 1961 lid fan de Riedjaande Fergadering fan de Ried fan Europa en fan 1961 oant 1963 lid fan het Europeesk Parlemint. Yn de Kabinetten fan Victor Marijnen, Cals en Zijlstra wie er fan 24 july 1963 oant 5 april 1967 ficeminister-presidint, belêste mei Keninkrykssaken, en minister fan Lânbou en Fiskerij.
Fan 1967 ôf wie er fannijs lid fan de Twadde Keamer fan de Staten-Generaal en foarsitter fan de ARP-fraksje. Yn dy perioade wie er ek foarsitter fan it Kolleezje fan de Skipsbou en foarsitter fan de kommisje Heroriëntaasje oerheidsfoarljochting.
Fan 6 july 1971 oant 11 maaie 1973 wie Biesheuvel minister-presidint en minister fan Algemiene Saken fan twa kabinetten mei syn namme. It kabinet-Biesheuvel I stroffele yn july 1972 oer de begrutting 1973. Nei it fuortgean fan DS'70-ministers út it kabinet, dy't in suniger belied woenen, makke Biesheuvel in trochstart mei in minderheidskabinet dat Biesheuvel II neamd waard; der waarden betide ferkiezings útskreaun foar 1973. Biesheuvel II koe it oan dy ferkiezingen úthâlde.
Biesheuvel hat nei syn politike karriêre noch in protte funksjes by de oerheid en it bedriuwslibben hân.
Barend Biesheuvel stoar yn de âldens fan 81 jier en kaam te hôf oan de Bergweg yn Bloemendaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mr. B.W. (Barend) Biesheuvel, Parlement.com
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Barend Biesheuvel fan Wikimedia Commons. |
- Nederlânsk politikus
- ARP-politikus
- Twadde Keamerlid
- Jeropeesk parlemintslid foar Nederlân
- Nederlânsk minister fan Lânbou
- Nederlânsk minister fan Keninkryksrelaasjes
- Fise-premier fan Nederlân
- Premier fan Nederlân
- Nederlânsk konservatyf
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Persoan berne yn 1920
- Persoan stoarn yn 2001