Springe nei ynhâld

Creed II

Ut Wikipedy
Creed II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Caple jr.
produsint Irwin Winkler
Charles Winkler
William Chartoff
David Winkler
Kevin King-Templeton
Sylvester Stallone
senario Juel Taylor
Sylvester Stallone
kamerarezjy Kramer Morgenthau
muzyk Ludwig Göransson
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
New Line Cinema
Chartoff-Winkler Productions
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
Warner Bros. (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Michael B. Jordan
Tessa Thompson
Sylvester Stallone
byrollen Phylicia Rashad
Dolph Lundgren
Florian Munteanu
Wood Harris
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 novimber 2018
foarm langspylfilm
sjenre sportdramafilm
taal Ingelsk (ek wat Russysk)
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $214,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Rocky
● foarich diel Creed

Creed II is in Amerikaanske sportdramafilm út 2018 ûnder rezjy fan Steven Caple jr., mei yn 'e haadrollen Michael B. Jordan, Tessa Thompson en Sylvester Stallone. De film is it achtste diel fan 'e Rocky-filmsearje, en folget as sadanich op Creed, út 2015. It ferhaal giet oer de jonge bokser Adonis "Donnie" Creed, dy't traind wurdt troch boksfeteraan Rocky Balboa as er in nije tsjinstanner kriget: de Rus Viktor Drago, waans heit Ivan yn 1985 Donnie syn heit Apollo by in bokswedstryd deaslein hat. Creed II krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Trije jier nei't er it titelgefjocht om it lichtgewichtbokskampioenskip ferlern hat fan Ricky Conlan (sjoch: Creed) wint de jonge swarte Amerikaanske bokser Adonis "Donnie" Creed it kampioenskip yn 'e swiergewichtklasse fan Danny Wheeler. Nei de wedstryd freget er syn freondinne Bianca Taylor, in mei oanboazjende dôvens oanhelle sjongster, om mei him te trouwen. Bianca wol ferhúzje nei Los Angeles, dêr't Donnie tichter by syn adopsjemem Mary Anne wêze kin en sysels tichter by it fjoer fan 'e muzykyndustry sit. Donnie wol lykwols net út Philadelphia wei om't syn trainer, boksfeteraan Rocky Balboa, dêr wennet.

Underwilens is Ivan Drago, in Russyske eardere bokser dy't yn 1985, 33 jier lyn, Donnie syn heit Apollo Creed by in wedstryd deasloech, syn soan Viktor oan it trainen. Nei syn nederlaach letter datselde jier tsjin Rocky is Drago yn 'e Sovjet-Uny yn ûngenede fallen. De pommeranten fan it lân woene neat mear mei him te krijen hawwe, hy rekke de tagong ta syn heechweardige boksfoarsjennings kwyt en sels syn frou Ludmilla gie by him wei. No't Donnie Creed de wrâldswiergewichtkampioen is, sjocht er in kâns om syn âlde gloarje werom te winnen troch Viktor tsjin Donnie fjochtsje te litten. Om dat foarinoar te krijen makket er gebrûk fan 'e tsjinsten fan 'e lûsje Amerikaanske bokspromoater Buddy Marcelle. Drago siket Rocky op yn Philadelphia, mar dy fynt it min idee. Dêrop spilet Marcelle op Donnie syn gefoel foar grutskens en syn ferlet om wraak te nimmen foar de dea fan syn heit oant er mei it gefjocht tsjin Viktor Drago ynstimt. As Rocky wegeret dat beslút te stypjen, set Donnie mei Bianca ôf nei Los Angeles en lit Rocky yn Philadelphia efter.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Los Angeles sette Donnie en Bianca har nei wenjen yn in lúkse appartemint deunby de filla fan Mary Anne, de widdo fan Apollo Creed. Dyselde is likemin in foarstanner fan Donnie syn gefjocht mei Viktor Drago, mar se beseft dat se him net op oare gedachten bringe kin. Donnie begjint foar it gefjocht te trainen ûnder begelieding fan Tony "Little Duke" Evers, de soan fan 'e âlde trainer fan syn heit. Krekt as Donnie en Bianca harren nije libben yn Los Angeles op 'e fuotten krije, blykt Bianca swier te wêzen. Donnie is arrogant en selsfoldien. Hy traint hurd foar de wedstryd, mar is derfan oertsjûge dat er sûnder swierrichheden winne sil. Little Duke besiket him om 'e nocht op syn swakke punten te wizen.

By de wedstryd tsjin Viktor Drago faget Drago de flier oan mei Donnie, dy't earnstich ferwûne rekket mei twa brutsen ribben en in skuorde nier. Donnie behâldt de titel lykwols om't Viktor diskwalifisearre wurdt nei't er Donnie noch in terwinkel ferkeapet as dy al op 'e knibbels leit. Nettsjinsteande dat beskôgje de measte fans fan it boksen Viktor Drago neitiid as de swiergewichtkampioen fan 'e wrâld yn alles behalven namme. Hy wurdt tige populêr yn Ruslân, dêr't de doarren nei de macht ynienen wer iepen geane foar syn heit Ivan en himsels. Ek syn mem Ludmilla, dy't syn heit en him stikke litten hat doe't Ivan Drago de wedstryd tsjin Rocky ferlear, komt ynienen wer opdaagjen, hoewol't se no troud is mei in oare man. Neitiid ferslacht Viktor de iene nei de oare tsjinstanner, mar hy, Ivan en Buddy Marcelle binne út op in revânswedstryd tsjin Donnie Creed om it swiergewichtskampioenskip te bemachtigjen.

Donnie makket ûnderwilens in minne tiid troch, mei't net inkeld syn lichem skansearre rekke is, mar fral ek syn ego. Hy fielt him almar mear ôfsletten fan 'e wrâld en sels syn relaasje mei Bianca rint skea op. Uteinlik is it syn mem Mary Anne dy't Rocky freget om del te kommen. De âlde bokser reizget mei de trein nei Los Angeles en wit dêr Donnie ta in fermoedsoening mei him te bringen. Donnie bepraat him om him wer te trainen foar in twadde gefjocht mei Viktor Drago, mei't er it gefoel hat dat er nea wer in echte kampioen wêze sil as er dyselde net op oertsjûgjende wize ferslacht. Ear't it safier komme kin, skinkt Bianca it libben oan in dochterke, dat Amara komt te hjitten. Rocky wurdt frege om har peetheit te wurden. De bange fermoedens fan Donnie en Bianca komme út as Bianca har dôvens erflik blykt te wêzen en Amara der ek mei oanhelle is.

Om him diskear goed te trainen foar it gefjocht mei Viktor Drago nimme Rocky en Little Duke Donnie mei nei in gammele trainingsfasiliteit yn 'e Mohavewoastyn fan Kalifornje. Dêr lizze se har derop ta om him mear úthâldingsfermogen te jaan en him te learen om deunby syn tsjinstanner te bliuwen en klappen te ynkassearjen om sels by steat te wêzen om ek rekke klappen út te dielen. De revânswedstryd wurdt op oanstean fan 'e Drago's yn Moskou holden. It gefjocht is diskear lykwichtiger, en Donnie bliuwt omgong nei omgong oerein yn 'e striid tsjin Viktor Drago. Mei't dyselde wend is om bokswedstriden te winnen mei in knock-out, hat er oant no ta nea langer as fjouwer omgongen hoegen te fjochtsjen. As it gefjocht mar oanduorret en Donnie trochset sels nei't er op 'e nij in rib brutsen oprint, rekket Viktor sadwaande útput.

Yn 'e tsiende omgong set Donnie fannijs de oanfal yn en slacht er Viktor twaris del. Dy wol lykwols net lizzen bliuwe en klaut eltse kear wer oerein, ek al hat er de krêft net mear om sels effektyf werom te slaan. Nei't er foar de twadde kear delgien is, ferlitte de Russyske pommeranten en Ludmilla de seal, mei't se in nije nederlaach tsjin in Amerikaanske bokser oankommen sjogge en dêr neat mei te krijen hawwe wolle. Ivan Drago kriget foar it ferstân dat Viktor gelyk hie, doe't er him earder frege wat er eins mei dy lju wol dy't him jierren lyn falle litten hawwe. Wylst Donnie trochgiet mei op Viktor yn te slaan, beseft Ivan dat syn soan mear foar him betsjut as alle rom en gloarje yn 'e wrâld, dat hy smyt de handoek yn 'e ring om foar te kommen dat Viktor deaslean wurdt. Donnie wurdt útroppen ta winner en Bianca en Little Duke jouwe har by him yn 'e boksring, mar Rocky lûkt himsels werom mei de wurden "Dit is dyn tiid," en giet middenmank it publyk sitten om ta te sjen.

Michael B. Jordan.
Tessa Thompson.
Sylvester Stallone.

Nei it gefjocht geane Ivan en Viktor Drago nei hûs yn Kiëv, dêr't se neitiid tegearre traine. Rocky reizget nei Vancouver om foar it earst yn jierren wer kontakt te sykjen mei syn fan him ferfrjemde soan Robert. As er dêr oanskillet, wurdt der iependien troch syn pakesizzer Logan, dy't er noch nea sjoen hat. Robert nûget him deryn. Donnie en Bianca besykje mei de lytse Amara, dy't no mei gehoarapparaatsjes tarist is, it grêf fan Apollo Creed.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Adonis "Donnie" Creed Michael B. Jordan
Bianca Taylor Tessa Thompson
Rocky Balboa Sylvester Stallone


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Mary Anne Creed Phylicia Rashad
Ivan Drago Dolph Lundgren
Viktor Drago Florian Munteanu
Tony "Little Duke" Evers Wood Harris
Buddy Marcelle Russell Hornsby
Danny Wheeler Andre Ward
Ludmilla Drago Brigitte Nielsen
Robert Balboa jr. Milo Ventimiglia
Logan Balboa Robbie Johns
Apollo Creed Carl Weathers (inkeld op argyfbylden)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Creed II is it achtste diel út 'e Rocky-rige. De film waard regissearre troch Steven Caple jr., dy't wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Juel Taylor en Sylvester Stallone. As produsinten wiene by it projekt belutsen Irwin Winkler, Charles Winkler, William Chartoff, David Winkler, Kevin King-Templeton en Stallone foar de filmstudio's Metro-Goldwyn-Mayer, New Line Cinema en Chartoff-Winkler Productions. Der wie foar Creed II in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Kramer Morgenthau, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Sweedske komponist Ludwig Göransson. De opnamen setten yn maart 2018 útein en duorren oant en mei 7 juny fan dat jier. Der waard filme yn û.m. Philadelphia, Los Angeles en Nij-Meksiko.

De distribúsje fan Creed II waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer yn in joint venture mei Annapurna Pictures, en om utens troch Warner Bros. De film gie op 14 novimber 2018 yn premiêre yn it Lincoln Center yn New York, wêrnei't er op 21 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It byhearrende soundtrackalbum waard op 16 novimber útbrocht troch platemaatskippij Sony Classical Records.

Fan 'e filmkritisy krige Creed II oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Owen Gleiberman fan Variety de film as "opwinend en effektyf", dêr't er oan tafoege dat Creed II makke wie mei "tawijing en feardichheid". Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Creed II in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 292 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It fêsthâlden fan [de film] oan 'e fêste formule fan 'e franchise liedt ta in ferfolchfilm sûnder folle echte ferrassings, mar de tiidleaze generaasjetematyk huft der noch altyd goed yn." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Creed II in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 45 resinsjes.

Creed II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $115,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $98,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $214,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $164,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn Creed II konkurrinsje fan û.m. de animaasjefilm Ralph Breaks the Internet en de krystfilm Four Christmases.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)