De Forel (liet)
De Forel | ||
In side út Schubert syn hânskreaune ferzje fan Die Forelle. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Die Forelle | |
auteur | Franz Schubert (muzyk) Christian Schubart (tekst) | |
taal | Dútsk | |
foarm | liet | |
1e publikaasje | muzyk 1817 tekst 1783 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Forel | |
publikaasje | 2007, yn de Ljouwerter Krante | |
oersetter | Bennie Huisman |
De Forel, yn it oarspronklike Dútsk: Die Forelle, is in libben liet dat yn 'e simmer fan 1817 skreaun waard troch de Dútske komponist Franz Schubert foar solostim en piano. It waard yn 1828 foar it earst publisearre yn 'e Wiener Zeitung. De fjirde en lêste kears dat Schubert de muzyk mei de hân útskreau, droech er it op oan syn freon Josef Hüttenbrenner. Inkeld dy ferzje omfettet in ynlieding op piano. Yn 'e toanoanjaande katalogus fan Schubert syn wurken, gearstald troch Otto Erich Deutsch, is Die Forelle nû. 550, oftewol D550 (de "D" stiet foar "Deutsch").
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tekst dy't by de muzyk heart, komt út in gedicht fan Christian Friedrich Daniel Schubart, dat foar it earst publisearre wie yn 'e Schwäbischen Musenalmanach fan 1783. It giet oer in forel dy't him neatfermoedzjend mei syn eigen saken bemuoit en dan ynienen fongen wurdt troch in angelder. It gedicht wie oarspronklik bedoeld as in warskôging oan jongfammen om har net "oan 'e heak slaan" te litten troch samar in jongfeint (mei miskien wol snoade bedoelings), mar Schubert liet de lêste regels fuort, sadat it liet him konsintrearret op 'e forel en dy syn reäksje op foarfal fan it fongen wurden. Troch de libbene bylden dy't de tekst opropt, yn 'e mande mei de útskroevenens fan 'e meldij, is dit ien fan Schubert syn populêrste en bekendste ferskes wurden.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tekst fan Die Forelle is ûnder de titel De Forel yn it Frysk oerset troch Bennie Huisman. Yn novimber 2007 ferskynde der yn 'e Ljouwerter Krante in parody op Die Forelle fan 'e hân fan Klaas Bruinsma en Hans van den Bosch, mei as titel Forel, Reager, Kat en Knyn. In pear wiken letter helle Pieter de Groot dat nochris oan yn syn kollem Fertel ús nochris fan Schubert syn forel.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](in) Blêdmuzyk fan De Forel yn 'e International Music Score Library Project
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side. |