Everswyn
everswyn | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sus scrofa | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen ferspriedingsgebiet yntrodusearre troch de minske as eksoat |
It everswyn (wittenskiplike namme: Sus scrofa), ek wol bekend as de ever of evert, it wylde swyn of de wylde baarch, is in sûchdier út it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), de famylje fan 'e bargen (Suidae) en it skaai fan 'e echte swinen (Sus). Dit bist is lânseigen yn hast hiel Jeropa, it grutste part fan Aazje en dielen fan Noard-Afrika, mar komt no ek as eksoat yn oare gebieten foar, lykas de Amearika's en Australaazje. It everswyn is dêr faak ferantwurdlik foar frijwat ekologyske skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Yn Fryslân komt dizze omnivoar inkeld foar yn it uterste súdeasten. Everswinen libje yn famyljetroepen en binne benammen yn 'e skimer aktyf. De domestisearre baarch stammet fan it everswyn ôf en kin him der noch altyd sûnder swierrichheden mei fuortplantsje. Krekt as by bargen wurdt it mantsje in bear neamd, it wyfke in sûch (Klaaifrysk) of mot (Wâldfrysk) en it jong in bigge. De IUCN klassifisearret it everswyn as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It everswyn is lânseigen yn hast hiele Jeropa (útsein Yslân, de Fêreu-eilannen, Noarwegen, sintraal en noardlik Sweden en Finlân, en parten fan noardlik Ruslân. Op 'e Britske Eilannen wie it everswyn al sûnt de Midsiuwen útstoarn troch oerbejaging, mar sûnt de 1980-er jierren binne fral yn súdlik Ingelân wer, sij it yllegaal, everswinen útset en/of troch bisterjochte-akvisten frijlitten út fokkerijen dy't "wyldgebraden" leverje oan eksklusive restaurants.
Bûten Jeropa is it everswyn lânseigen yn Sintraal-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, Iraan, it Nylbekken fan noardlik Egypte oant yn Súd-Sûdaan, de Syrenaika en it Atlasberchtme fan Noard-Afrika; fierders op it hiele Yndyske subkontinint (Sry Lanka ynbegrepen), it fêstelân fan Súdeast-Aazje, Sumatra, Java en de measten fan 'e Lytse Sûnda-eilannen; yn 'e eastlike helte fan Sina, op Hainan en Taiwan, de Japanske eilannen (útsein Hokkaido) en it hiele Koreaanske Skiereilân en yn parten fan Mongoalje en súdlik Sibearje.
As in troch de minske yntrodusearre eksoat komt it everswyn ek foar yn dielen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten: Kalifornje, in part fan Arizona, Floarida en de steaten fan it saneamde Djippe Suden (Súd-Karolina, Georgia, Alabama, Mississippy, Louisiana en eastlik Teksas). Yn Súd-Amearika is it everswyn as eksoat oanwêzich yn súdlik Brazylje, noardlik Oerûguay, eastlik Paraguay en sintraal en súdlik Argentynje. Yn Australaazje libbet dit bist ek as eksoat op hiel Nij-Guineä (sawol yn Papoea Nij-Guineä as yn it Yndonezyske West-Papoea) en yn dielen fan Austraalje (noardlik Nij-Súd-Wales, eastlik en noardlik Queenslân, it noarden fan it Noardlik Territoarium en noardeastlik West-Austraalje).
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân kaam it everswyn foar 1800 frij algemien foar, ek yn Fryslân. Yn 'e Fryske terpen binne in soad skeletten fan swinen fûn, al wiene dat almeast de fersille oerbliuwsels fan bisten dy't bejage, tamakke en opiten wiene. Yn 'e rin fan de njoggentjinde iuw waard it everswyn op 'e measte plakken yn Nederlân útrûge. Yn 1888 krige men by Beetstersweach noch ien te pakken.[1] Yn 1907 waard it everswyn, op oanstean fan prins Hindrik fan Meklenburch-Schwerin, as jachtwyld wer fannijs útset op 'e Feluwe.
Hjoed-de-dei binne der yn Nederlân twa gebieten dy't foar everswinen bedoeld binne: Nasjonaal Park De Hege Feluwe en Nasjonaal Park De Meinwei, by Roerdalen, yn Limburch. Dêrnjonken komme se ek foar yn oare dielen fan Limburch en grutte parten fan Twinte en Drinte, yn it súdeasten fan Noard-Brabân, it Ryk fan Nimwegen en op 'e Utertske Heuvelrêch, hoewol't de Nederlânske oerheid se dêr it leafst wei hawwe wol. Ek yn Fryslân komme everswinen sûnt de Twadde Wrâldoarloch wer sporadysk foar, mar hast útslutend yn 'e uterste súdeastpunt fan 'e provinsje, yn 'e krite fan De Fochtel, Ravenswâld en Appelskea, .
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folgroeide everswinen hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 120–170 sm, mei in sturtlingte fan 15–40 sm. De skofthichte bedraacht 60–110 sm. De bearen hawwe in gewicht fan 60–150 kg en de sûgen weagje 45–100 kg. De bear is dan ek frijwat grutter as de sûch en beskikt oer kromme slachtosken yn 'e ûnderkaak (wat eins de ûnderhoektosken binne), dêr't er rare ferwûnings mei oanrjochtsje kin as men him ferget of oer it mad komt.
It meast opfallende oan it stal fan it everswyn is dat syn skouders heger binne as syn efterliif. Oer de wringe rint in stripe stiif rjochtoppich boarstelhier en de sturt hat in kwast oan it útein. De pels, dy't it hiele lichem bedekt útsein de snút, is ljochtgriis oant dûnkergriis. Lykas by alle bargen is de noasspegel útgroeid ta in soarte fan skiif, dy't it bist brûkt om yn 'e ierde om te wrotten op 'e sneup nei fretten.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Everswinen komme benammentlik foar yn boskgebieten, it leafst leaf- en mingde wâlden mei in protte leechhout en oare ûndergroei, mar ek wol yn âldere nullewâlden, gebieten mei opgeand strewelleguod, reidfjilden, moerassen en moerasbosken.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Everswinen binne krepuskulêre en nokturnale bisten, wat sizze wol dat se benammentlik yn 'e skimer, resp. nacht aktyf binne. Oerdeis jouwe se har del yn ûndjippe kûlen dy't se op drûge plakken yn 'e boskgrûn útgroeven hawwe. Ek grave se gauris gatten op wietere plakken, dêr't dan wetter yn stean bliuwt, sadat se in modderbad nimme kinne. As de dridze opdrûget, komme der parasiten, lykas flieën en tiken yn fêst te sitten, dy't de swinen dan troch tsjin in beam oan te wriuwen mei de opdrûge drekskulfers kwytreitsje kinne. Everswinen meitsje ornaris in gnoarjend lûd, mar kinne heechtoanich piipje as se opwûn of yn panyk reitsje.
Everswinen libje yn matriargale troepen dy't oanfierd wurde troch in âlde sûch en wêryn't sûgen dúdlik in hegere status hawwe as bearen. Sa'n troep, dy't bestiet út in stikmannich folwoeksen sûgen mei harren healwoeksen en jonge biggen, kin útgroeie ta in stik as tritich bisten, al sil in troep fan dy grutte mei gauwens útinoar falle as der brekme oan fretten is. Jonge bearen skiftsje har by it berikken fan 'e folwoeksenens ôf fan 'e troep dêr't se yn opgroeid binne en liede dan in solitêr bestean, behalven yn 'e djoeitiid, dy't tusken septimber en jannewaris falt. Dan foegje se har by de troepen en befjochtsje inoar om it rjocht om mei de rûzige sûgen te pearjen. Dêrby kinne se inoar mei harren slachtosken slim ferwûnje.
Yn echt wylde omstannichheden dogge de sûgen fan twajierrige en de bearen fan fjouwer- of fiifjierrige âldens mei oan 'e fuortplanting, mar yn kultuerlânskippen begjinne se dêr faak al mei op 'e âldens fan 9–10 moanne, as se noch mar krekt geslachtsryp wurden binne. De draachtiid duorret by it everswyn 16–17 wiken, wêrnei't der tusken jannewaris en april ornaris 7–8 streekbûnte biggen smiten wurde. As de earste smeet it troch lykfol hokker reden net hellet, folget der nochris in djoeitiid, mei in twadde smeet tusken augustus en novimber. De sûch fan it everswyn is berucht om har fûleindige ferdigening fan 'e biggen, wêrby't se nearne foar wykt. Yn it wyld wurde everswinen op syn heechsten 9 jier; yn finzenskip rint de libbensferwachting fan 'e bisten op oant wol 30 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It everswyn is in omnivoar dy't net sinnich is. Ikels en bûkenútsjes hawwe de foarkar, mar gers, plantewoartels, poddestuollen, larven, wjirmen, slakken, ynsekten en sels de jongen fan bisten as kninen, kjifdieren of fûgels wurde ek wol iten. Teffens frette everswinen wol ies, itsij fan bisten dy't in natuerlike dea stoarn binne, itsij de restanten fan proaien fan rôfdieren. Se binne opportunisten, dy't it grutste part fan harren kost gearfandelje troch mei har gefoelige noas op 'e boskflier tusken de fallen blêden troch te wrotten. Ies kinne se mei harren skerpe rooksin faak al fan fierrens rûke.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijân fan it everswyn is de wolf (Canis lupus). Oare rôfdieren dy't in folwoeksen swyn oankinne, binne de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus), it loaihoars (Panthera pardus), de tiger (Panthera tigris) en de brune bear (Ursus arctos). Biggen kinne ek ta proai falle oan bisten as de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), it snieloaihoars (Panthera uncia), de moeraskat (Felis chaus), de oehoe (Bubo bubo), ferskaten soarten earnen en sels de Maleiske bûnte marter (Martes flavigula). Op 'e eilannen Floares, Rinca en Komodo, yn Yndoneezje, is de Komodofaraan, in reuseftige hagedis, de wichtichste natuerlike fijân fan 'e everswinen dy't dêr libje. Fral de bearen binne lykwols net ûngefaarlik en kinne rôfdieren raar tatakelje as dy binnen it berik fan har slachtosken komme. Der binne ferskate dokumintearre gefallen bekend fan sels tigers dy't beswykten oan 'e ferwûnings tabrocht mei swineslachtosken, al oerlibbet it everswyn sa'n striid sels yn 'e regel likemin.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It everswyn hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Op in protte plakken is de minske tsjintwurdich foar it everswyn it wichtichste rôfdier wurden. Bejaging troch ûnkundige (of ûnferskillige) lju liedt faak ta ûnlykwichtige populaasjes fan benammentlik jonge bisten. Yn Nederlân mei it everswyn tsjintwurdich net mear bejage wurde, al ferlient de oerheid somtiden in ûntheffing foar ôfskot as de populaasjedruk op 'e omlizzende gebieten te grut wurdt.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 16 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan it everswyn (Sus scrofa). Dy wurde yn 'e regel yn fjouwer geografyske groepen ferdield mei dêropta de domestisearre baarch:
- westlike ûndersoarten (scrofa)
- Anatoalysk everswyn (S. s. lybica) (de súdlike en westlike Balkan, Anatoalje, westlik Transkaukaazje, de Levant en de Syrenaika)
- Barbarijsk everswyn (S. s. algira) (Atlasberchtme fan Noard-Afrika)
- gewoan of Sintraaljeropeesk everswyn (S. s. scrofa) (meast foarkommende ûndersoarte; Frankryk oant en mei westlik Sibearje, ek it Nylbekken fan Egypte oant Súd-Sûdaan)
- Karpatysk everswyn (S. s. attila) (East-Jeropa, de Kaukasus, eastlik Transkaukaazje en Iraan)
- Mediterraan everswyn (S. s. meridionalis syn. S. s. baeticus) (Andalûsje, Korsika en Sardynje)
- Sintraalaziatysk everswyn (S. s. nigripes) (Sintraal-Aazje, Afganistan, eastlik Iraan, Sinkiang-Oeigoerje en westlik Mongoalje)
Tafoeging fan it Italjaanske everswyn (S. s. majori) oan dizze groep komt soms foar, mar it ûnderskie mei it gewoane everswyn is tige twifelich.
- eastlike ûndersoarten (leucomystax)
- Japansk everswyn (S. s. leucomystax) (Japan útsein Hokkaido en de Rjûkjû-eilannen)
- Mantsjoerijsk everswyn (S. s. ussuricus) (Mantsjoerije, it suden fan it Russyske Fiere Easten en Koreä)
- Rjûkjûaansk everswyn (S. s. riukiuanus) (Rjûkjû-eilannen)
- Sibearysk everswyn (S. s. sibiricus) (eastlik Mongoalje en de Transbaikal fan Sibearje)
- Sineesk everswyn (S. s. moupinensis) (eastlik Sina en Fjetnam)
- Taiwaneesk everswyn (S. s. taivanus) (Taiwan)
- Yndyske ûndersoarten (cristatus)
- Baktrysk everswyn (S. s. davidi) (Pakistan, noardwestlik Yndia en súdeasltik Iraan)
- Yndysk everswyn (S. s. cristatus syn. S. s. affinis) (it Yndysk subkontinint, Sry Lanka, westlik Súdeast-Aazje)
- Sûndaneeske ûndersoarte (vittatus)
- Sûndaneesk everswyn of streekte baarch (S. s. vittatus) (Malakka, Sumatra, Java en de Lytse Sûnda-eilannen)
- domestisearre baarch
- baarch (S. s. domesticus) (domestisearre troch de minske; faak as ûndersoart fan it everswyn beskôge, mar ek wol as in aparte soart klassifisearre: Sus domestica)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Echt swyn
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Yndoneezje
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Papoea Nij-Guineä
- Eksoat yn Paraguay