Hanoi
Hanoi Hà Nội | ||
Clockwise from left: Turtle Tower yn Hoan Kiemmar, sintrum Hanoi; Ho Tsji-Minh Mausoleum; oeragebou; sunset over the Red River from Long Bien Bridge; Temple of Literature; One Pillar Pagoda | ||
Bestjoer | ||
Lân | Fjetnam | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.500.000 (2009) | |
Oerflak | 186,22 km² | |
Befolkingsticht. | 1.943,4/ km² | |
Hichte | 19 m | |
Oar | ||
Stifting | Haadstêd fan de Đại Việt 1010 Haadstêd Fjetnam 2 septimber 1945 | |
Tiidsône | ICT (UTC+7) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
hanoi.gov.vn |
Hanoi, mei in rûsde befolking fan 6,5 miljoen (2009), is de haadstêd fan Fjetnam. De stêd Hanoi is in part fan de gemeente Hanoi. De stêd leit op de rjochter ouwer fan de Reade Rivier (Sông Hồng), yn de fruchtbere delta, sa'n 60 kilometer fan de mûning fan de rivier yn de Golf fan Tonkin. Hanoi leit 1.760 km benoarden Ho Tsji-Minh Stêd.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Hanoi is jûn troch keizer Minh Mang yn 1831. Hà betsjut rivier en nội is binnen, dat de letterlike betsjutting fan Hanoi is binnen de rivier. De âlde namme Tonkin betsjut Eastlike haadstêd, lykas Tokio.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in subtropysk klimaat mei in wiete simmer en drûge, koele winters. Likern^ch 8 moannen yn it jier is der delslach 8, de oare 4 moannen binne drûch. De trochsneed delslach is 1682 mm yn it jier.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hanoi en omkriten wiene grif al yn 3000 f.Kr. bewenne. Ien fan de earste permanint bewenne delsettingen dêr't fan witten is, is Cổ Loa, stifte om 200 f.Kr. hinne.
Hanoi waard de hoofdstad fan doetiidsk 'Fjetnam' yn de 7e iuw. De âlde Sineeske namme Đông Kinh, waard Tonkin en waard letter troch de Europeanen de hiele regio mei oantsjut. Yn de 11e iuw waard de stêd Thang Long neamd. Yn 1637 festige de VOC in faktorij yn Tonkin, mei Carel Harsinck oan it haad. Dy hannelspost wie wichtich foar de eksport fan side nei Japan. Hanoi waard yn 1873 troch de Frânsen ynnaam en waard nei 1887 de haadstêd fan de Uny fan Yndosina.
Dan yn 1940 wurdt Hanoi troch de Japanners beset neidat Frankryk belies jûn hie. De stêd waard yn 1945 befrijd wêrnei't it regear, foarme troch de Viet Minh ûnder Ho Tsji-Minh, dêr húsmanne. Tusken 1946 en 1954 waard der yn it gebiet om Hanoi swier fjochte tusken de Viet Minh en it Frânske leger. Op 21 july 1954, mei de ûndertekening fan de Akkoarden fan Genêve, waard it de haadstêd fan it ûnôfhinklike Noard-Fjetnam.
Yn de Fjetnamkriich waard Hanoi bot bombardearre; fral de ynfrastruktuer sa as brêgen en it spoar hienen dêr swier fan te lijen. Doe't de Fjetnamkriich dien wie, waard Hanoi op 2 july 1976 de offisjele haadstêd fan de sosjalistyske republyk Fjetnam.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ankara (Turkije), sûnt 1998
- Bangkok (Tailân), sûnt 2004
- Peking (Sina), sûnt 1994
- Seoul (Súd-Korea), sûnt 1996
- Warsjau (Poalen), sûnt 2000
-
Hoan Kiemmar
-
Chua Mot Cot
-
My Dinh-stadium
-
It mausoleum fan Ho Tsji-Minh
-
Keangnam Hanoi Landmark Toer yn oanbou
-
Sint Joazef-katedraal
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vietnam Travel Guide - Hanoi (fia webargyf)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hanoi fan Wikimedia Commons. |