Hurdfytsen
Hurdfytsen ek wol Hurdfytserij is in sammelnamme foar in ferskaat oan sporten wêr't by gebrûk makke wurdt fan in fyts. Der is in ferskaat oan dissiplines yn de Hurdfytserij. Fan eltse dissipline krijt de wrâldkampioen op in bepaald ûnderdiel altyd de reinbôgetrui. De UCI is de wrâldwide oerkoepeljende organisaasje fan it hurdfytsen.
útrêsting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hurdfytsers haww by it beoefenjen fan harren in fytsbroek, in fytshimd, fytsskuon, fytswantsjes oan en in helm op.
Dissiplines
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferskeidene dissiplines fan de hurdfytserij binne:
- Olympysk:
- Baanhurdfytse Ek Paralympysk
- Berchfytse
- Dykhurdfytse Ek Paralympysk
- Fytskrosse
- Net-Olympysk:
Baanhurdfytse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]sjoch ek Baanhurdfytse
Baanhurdfytse wurdt útoefenne op in ovale piste. De helling fan in piste hat meastentiids in hellingshoek fan 33 graden. Fytsers ride op in baanfyts, dat is in fyts sûnder remmen en fersnellingen.
Berchfytse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]sjoch ek Berchfytse
Berchfytse is in dissipline yn de hurdfytserij wêrby't hja oer rûg terrein fytse mei in berchfyts, dat is in fyts mei dikke banden mei in soad profyl foar ekstra grip, fering, sawol foar as efter, in rjocht stjoer en in protte fersnellingen.
Dykhurdfytse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]sjoch ek Dykhurdfytse
Dykhurdfytse is de bekendste dissipline yn de hurdfytserij. By it dykhurdfytsen wurde de wedstriden holden op de iepenbiere dyk. Der wurde sawol meardaagse as wedstriden op ien dei ferriden. Der wurd by it dykhurdfytsen fytst mei in racefyts.
Fytskrosse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]sjoch ek Fytskrosse
Fytskrosse is in ekstreme sport. De sport ûntstie yn de Feriene Steaten yn de jierren '60. It hat syn oarsprong yn de motorkross. Sûnt 2008 is Fytskrosse in olympyske sport en fytskrossers fytse op fytskross-fytsen, dy hawwe in lyts frame, in breed stjoer en brede bannen.
Fjildriden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]sjoch ek Fjildriden Fjildriden is in foarm fan hurdfytsen dy't foaral yn de wintermoannen beoefene wurdt. In fjildrydparkoers giet oer net ferhurde paden en troch bosk en fjild. It fjildriden bart op on fjildrydfyts die fyts is lykwols hast itselde as in racefyts mar der sit op in ferskate plakken wat mear romte op de fyts om te foarkommen dat er fêstrint troch de drek. Ek wurde der in slach dikkere bannen mei wat mear profyl brûkt as by de standert racefytsbân.