Springe nei ynhâld

Jane Porter (Britsk skriuwster)

Ut Wikipedy
Jane Porter
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jane Porter
nasjonaliteit Britsk
berne 17 jannewaris 1776
berteplak Durham (Ingelân)
stoarn 24 maaie 1850
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre histoaryske romans, toaniel
perioade 1e helte f.d. 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Thaddeus of Warsaw
The Scottish Chiefs
jierren aktyf 18031850
offisjele webside
n.f.t.

Jane Porter (Durham (Ingelân), 17 jannewaris 1776Londen, 24 maaie 1850) wie in Britsk skriuwster fan histoaryske romans en toanielstikken. Hja waard benammen ferneamd troch har boeken Thaddeus of Warsaw, oer de Poalske opstannen yn 'e 1790-er jierren, en The Scottish Chiefs, oer de Midsiuwske Skotske frijheidsstrider William Wallace.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porter waard yn 1776 berne yn 'e stêd Durham, yn noardlik Ingelân, as de trêde fan fiif bern yn it gesin fan William Porter en Jane Blenkinsop, dat ta in foarnaam fermidden hearde. Yn har jonkheid moat se tige lang en tsjep west hawwe, en fanwegen har earnstich foarkommen krige se yn dy tiid de bynamme la Penserosa ("it Prakkesearjende Fanke"). Nei har heite ferstjerren ferfear it gesin nei de Skotske haadstêd Edinburch, dêr't Porter fierder opgroeide. De ferneamde skriuwer fan histoaryske romans sir Walter Scott kaam dêr geregeldwei by harren oer de flier.

Letter ferhuze it gesin nei Londen ta, dêr't Porter en har susters yn 'e kunde kamen mei in stikmannich froulike figueren út 'e Ingelske literêre wrâld, lykas Elizabeth Inchbald, Anna Laetitia Barbauld, Hannah More, Elizabeth Hamilton en Elizabeth Benger. Ferskaten fan Porter har bruorren en susters waarden ek ferneamd; sa ûntjoech har suster Anna Maria Porter har ek ta skriuwster, wylst har broer sir Robert Ker Porter in keunstskilder fan namme waard.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei sir Walter Scott stie Jane Porter oan 'e widze fan 'e histoaryske roman. Hja ûntjoech in grut tal narratologyske helpmiddels foar it skriuwen fan dat sjenre, en is dêr yn it Feriene Keninkryk noch altyd ferneamd om, hoewol't hja ynternasjonaal sjoen alhiel yn Scott syn skaad stiet. Ien fan har earste wurken, Thaddeus of Warsaw, út 1803, is in ier foarbyld fan sa'n histoaryske roman, dêr't Porter grut súkses mei hie. It boek waard teminsten 83 kear werprinte, en oerset yn it Frânsk en it Dútsk.

In gravuere fan 'e skriuwster yn in printinge út 1846 fan The Pastor's Fireside.

Thaddeus of Warsaw ("Taddéus fan Warsjau") fertelt it ferhaal fan 'e Poalske ealman Thaddeus Sobieski, in fiktive ôfstammeling fan 'e renêssansistyske Poalske kening Jan III Sobieski, en dy syn ûnderfinings yn 'e 1790-er jierren, doe't de Poalen om 'e nocht besochten de opdieling fan harren lân troch Ruslân, Prusen en Eastenryk tsjin te kearen. Porter basearre har wurk foar in diel op 'e eachtsjûgeferslaggen fan Poalske flechtlingen yn Ingelân, en krige foar de roman lof taswaaid fan Tadeusz Kościuszko, de held fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't yn 'e 1790-er jierren sels lieding jûn hie oan 'e Poalske Opstân fan 1794.

In oar tige ferneamd wurk fan Porter is de histoaryske roman The Scottish Chiefs, út 1810, dy't it libbensferhaal fan 'e Midsiuwske Skotske frijheidsstrider William Wallace beskriuwt. Ek mei dat wurk hie hja in protte súkses, net inkeld yn Grut-Brittanje, mar ek yn Frankryk, dêr't de oersetting yn 't earstoan ferbean waard troch Napoleon. Ek hjoed oan 'e dei is dit noch in tige populêr boek op 'e Skotske skoallen, dêr't it op 'e lêslist fan mannich in learling pronket.

Noch wer in oare histoaryske roman fan Porter har hân wie The Pastor's Fireside, út 1815, dat oer de lettere Stuart-dynasty giet. Krekt as safolle oaren út har tiid wie Porter fassinearre troch de romantyske dichter Lord Byron, en de (fiktive) smjunt út The Pastor's Fireside, hartoch Wharton, is dan ek wol omskreaun as "in ûnmiskenbere byroanyske ôfspegeling".

Fierders skreau Porter ek it toanielstik Switzerland, wêrfan't de foarstelling yn 1819 mei opsetsin sabotearre liket te wêzen troch de haadrolspiler Edmund Kean, sadat it nei de premiêre neat mear opfierd is. Hoewol't ek it stik Owen, Prince of Powys, dat yn 1822 nei trije foarstellings stillein waard, faak oan Porter taskreaun wurdt, wie dat winliken fan 'e hân fan Samson Penley. Wol skreau Porter noch Tales Round a Winter Hearth (1821), Coming Out (1828) en, tegearre mei har suster Anna Maria Porter, The Field of Forty Footsteps (1828). De roman Sir Edward Seaward's Diary (1831) waard troch Jane Porter redigearre, mar de skriuwer wie har broer, dr. William Ogilvie Porter, sa docht bliken út Porter har briefkerij dy't yn bewarring is by de Universiteit fan Durham.

Yn har lettere jierren skreau Porter benammen koarte ferhalen foar in ferskaat oan tydskriften. In soad dêrfan liet se anonym publisearje, of mei inkeld har inisjalen "J.P." derûnder. Dit koartere wurk behannele in breed skala oan ûnderwerpen, fan 'e Russyske tsaar Peter de Grutte en de Súdamerikaanske frijheidsstrider Simón Bolívar oant de ûntdekkingsreizger yn Afrika Dixon Denham.

Jane Porter ferstoar yn 1850, yn 'e Britske haadstêd Londen.

  • 1803 – Thaddeus of Warsaw
  • 1810 – The Scottish Chiefs
  • 1815 – The Pastor's Fireside
  • 1819 – Switzerland
  • 1821 – Tales Round a Winter Hearth
  • 1828 – Coming Out
  • 1828 – The Field of Forty Footsteps (mei Anna Maria Porter)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.