Kaviaar
Kaviaar, ek wol it swarte goud neamd, bestiet út de ûnbefruchte aaikes fan de steur. Yn it Westen is kaviaar in delikatesse en dêrom djoer. Guon miene dat de namme komt fan it Perzyske wurd خاگآور (Khag-avar). De earste kaviaariters wiene Perzjers dy't leauwen dat kaviaar har potinsje en úthâldingsfermogen ferbetterje soe. Njoggentich persint fan de kaviaar dy't op de merk brocht wurdt is fan Russyske of Iraanske komôf.
De wylde steur wurdt lykwols slim yn syn fuortbestean bedrige troch fersmoarging fan de Kaspyske See en de Wolga. Yn de 90er jierren wiene de Feriene Steaten en Kanada wichtige leveransiers fan kaviaar oan Jeropa. Dêr waard lykwols de steur ek seldsumer. Dêrom wurdt der ek eksperimintearre mei it kweken fan steur. Op ferskate plakken yn de wrâld, bygelyks yn Spanje, Frankryk, Urûguay, en Kalifornje.[1] wurde kaviaarbuorkerijen opset. Men ûntwikkelt metoaden om de kût te heinen sûnder de fisk te deadzjen, mar net alle 'boeren' binne betûft yn dy (somtiden sjirurgyske) techniken, sadat noch in protte fisk sneuvelet.
Soarten kaviaar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kaviaar fan steur komt út de Kaspyske See
- De Belugakaviaar (Huso huso) (sulvereftige oant swarte kleur)
- De Osciëtrakaviaar (Acipenser gueldenstaedti) (swart oant grieneftich griis)
- De Sevrugakaviaar (Acipenser Stellatus) (donkergriis)
- Kaviaar van steur komt út de Sibearyske Amoer-rivier:
- De Kalugakaviaar (Huso dauricus)
Ek is der imitaasjekaviaar, dy't fan oare fisksoarten komt:
- lompfisk-kaviaar (read of swart, de kleure troch middel fan natuerlike kleuring.)
- wylde salm-kaviaar út Alaska (read fan kleur)
- forel-kaviaar (oranje fan kleur)
Dizze lêste soarten meie yn begjinsel net kaviaar hjitte.
Sardynske kaviaar is feitlik gjin kaviaar, mar de drûge en parste kût fan harder. Dizze spesjaliteit wurdt 'bottarga' neamd. Somtiden wurdt se ek makke fan de aaien fan de tonyn of swurdfisk.
Beskerming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de kaviaarhannel jilde strange kwota.[2] om't de steur oars útstjerre soe. Der wurdt lykwols min op tasjoen, dat de steur yn de Kaspyske See wurdt slim bedrige.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Caviar Cooking For Engineers: Caviar
- Stolt Sea Farm
- Sturgeon population in Hudson River - Steur komt werom yn de Hudson Rivier, seit in stúdzje.
- Kaspyske kaviaar bedrige
Referinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ California Farm Bureau Federation - Boeren bedimje prehistoaryske fisk om delikatesse te krijen
- ↑ news.bbc.co.uk - Ynternasjonale kaviaarhannel oan bannen lein
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Caviar fan Wikimedia Commons. |