Springe nei ynhâld

Mûldierlieder

Ut Wikipedy
In mûldierlieder yn Sily.

In mûldierlieder is immen dy't mei bagaazje of hannelswaren bepakte mûldieren (of oare lêstdieren) liedt. Soks kaam foarhinne foar yn grutte dielen fan 'e wrâld, yn 't bysûnder yn Jeropa en Noard-Amearika. Dêr is it no sa goed as in histoarysk berop. Yn Súd-Amearika, lykwols, komme mûldierlieders noch rûnom foar, benammen op 'e smelle, steile berchpaden yn 'e Andes.

Sa'n persoan wurdt dêr yn it Spaansk in arriero neamd, fan it tiidwurd arrear, dat safolle betsjut as "bisten opdriuwe". Yn Noard-Amearika waard de oantsjutting muleteer brûkt, dy't weromgiet op it Aldfrânske mulet, de ferlytsingsfoarm fan mul ("mûldier"). Yn 'e Feriene Steaten spriek men yn 'e njoggentjinde iuw ek wol fan in muleskinner, immen dy't in mûldier skin-ne kin, oftewol "te slim ôfwêze".

Yn 'e Andes fan Súd-Amearika wurde mûldierlieders en harren bisten noch altyd ynset foar it ferfier fan kofje, stynske weet, weet, jirpels en withoefolle oare produkten. Benammen yn 'e Kolombiaanske regio Paisa komme se noch rûnom foar. Yn Jeropa komme mûldierlieders inkeld noch foar yn it suden fan Portegal en it súdwesten fan Spanje, dêr't se koark ferfiere út it binnenste fan 'e ûntagonklike koarkiikwâlden nei trochgeande wegen, dêr't de koark oerladen wurdt op frachtweinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.