Springe nei ynhâld

Mûzen en rotten fan de Alde Wrâld

Ut Wikipedy
Mûzen en rotten fan de Alde Wrâld
In hûsmûs.
In hûsmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje: mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
Illiger, 1811
Tekening fan 'e wytpoatbeamrôt, in útstoarne soarte.

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (wittenskiplike namme: Murinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), dêr't û.o. de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Dizze ûnderfamylje bestiet út mar leafst 519 soarten, en is dêrmei grutter as alle sûchdierefamyljes útsein de mûseftigen (dêr't er ta heart) en dy fan de wrotmûseftigen, en ek is er grutter as alle sûchdiereskiften útsein dy fan 'e kjifdieren (dêr't er ta heart) en dy fan de flearmûzen.

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld binne lânseigen yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar komme tsjintwurdich as eksoaten ek foar op alle oare grutte lânmassa's útsein Antarktika. Op plakken dêr't se fan natuere net foarkamen, foarmje se yn 'e regel in slimmen pleach dy't grutte skea tabringe kin oan 'e lânseigen fauna, yn 't bysûnder op isolearre eilannen, lykas yn de Stille Súdsee.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.