Merakelspul
In merakelspul is in literêr sjenre en in foarm fan toaniel dy't benammentlik yn 'e Midsiuwen in protte brûkt waard en fuortkaam út it liturgysk toaniel.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 'e Midsiuwen withoe machtige Roomsk-Katolike Tsjerke fersette him yn 't earstoan ferheftich tsjin folksfermaak en strjitkeunsten, dy't troch de geastlikheid as te útskroeven beskôge waard en as ôflieding fan wat echt wichtich wie, nammentlik it leauwe. Mar meitiid saksearre dy wjerstân almar mear, oant yn 'e Lette Midsiuwen hieltyd faker strjitmuzikanten en toanielspilers ynset waarden by fierings en prosesjes fan 'e Tsjerke. Dat makke sokke rituëlen ynteressanter foar de befolking; it waard dus brûkt as lokkebrea om 'e leauwenden yn 'e tsjerken te krijen. Uteinlik kaam dêr ek wer in krieming op, mei't de tsjerklike otterdoksy stadichoan begûn te finen dat sok liturgysk toaniel syn doel foarby skeat en in te wichtich plak yn 'e tsjerketsjinsten begûn yn te nimmen. Dêrop ferpleatste it him nei de strjitte, dêr't it him ûntjoech ta merakelspullen.
Karakter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Merakelspullen hiene sadwaande in sterk religieuze lading. By de ûntknoping spilen de Faam Marije en/of oare hilligen in wichtige rol troch te soargjen dat it ferlern like libben fan sûnders dochs noch te'n goede kearde. Huzen en strjitten foarmen it dekôr fan dit soarte fan toanielstikken.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Merakelspullen binne oerlevere in ferskaat oan talen, mei dêrûnder Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Wat it Nederlânsk oanbelanget, is Mariken van Nieumeghen fierwei it bekendste merakelspul.