Springe nei ynhâld

N'Dama

Ut Wikipedy
Keppel N'Dama's yn West Afrika

N'Dama is in koweras út West-Afrika fan it Bos taurus-type. Oare nammen foar it ras binne Boenca of Boyenca (Guinee-Bissau), Fouta Jallon, Fouta Longhorn, Fouta Malinke, Futa, Malinke, Mandingo (Libearia), N'Dama Petite (Senegal). Oarspronklik komme sy fan de heechlannen fan Guinee, mar hâlde no ek ta yn it suden fan Senegal, Guinee-Bissau, Gambia, Maly, Ivoarkust, Libearia, Nigeria en Sierra Leöane. It ras is trypanotolerant, dat it is in gaadlik ras foar kontreien dêr't de tseetseemich in protte foarkomt.[1][2] N'Dama's hawwe in hege tsjinwar foar syktes dy't oerbrocht wurde troch tiken en foar beskate maachwjirmen (Haemonchus contortus).[3]

Yn de 19e iuw waard N'Damafee út Senegal wei ymportearre op it Karibyske eilân St. Croix en dêr letter krúst mei Redpolls, dêr't it ras Senepol út ûntstie.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Charles G. Hickman, Cattle Genetic Resources Elsevier Health Sciences, 1991 ISBN 0444886389 s.34
  2. Oklahoma State University breed profile
  3. FAO study; The state of agricultural biodiversity in the livestock sector s. 99
  4. Oklahoma State University