Springe nei ynhâld

Oarlochsfilm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oarlochsdrama)
Byld fan in spile oanfal út The Battle of the Somme (1916).
Foar it filmjen fan Behind Enemy Lines (2001) stelde de Amerikaanske marine it fleandekskip USS Carl Vinson (CVN-70) beskikber.
Filmset fan Zwartboek (2006) op it Plein (Den Haach): de yngong fan de parkeargaraazje wurdt omboud ta bunker.
Filmset fan Zwartboek (2006) op it Plein (Den Haach): Nije of Littéraire Sociëteit De Witte docht tsjinst as haadkertier fan de Dútske Sicherheitstsjinst.
De faak yn Fjetnamfilms brûkte Huey helikopters fotografearre troch in oarlochsferslachjouwer op 16 maaie 1966 yn Súd-Fjetnam.

In oarlochsfilm is in filmsjenre dêr’t oarloch in oerhearskjende rol yn spilet. In oarlochsfilm kin oer de militêre gefjochtshannelings sels gean, mar ek oer it deistich libben fan soldaten yn in oarloch, oer oarlochsmisdieden, oer kriichsfinzenen, oer it libben fan boargers yn in oarloch of yn in besetting, dan wol oer in kombinaasje fan dy ûnderwerpen.

Oer it generaal wurde ûnder oarlochsfilm allinnich films rekkene dy’t oer oarloggen gean fan it begjin fan de 20e iuw ôf. Films oer oarloggen fóár de Earste Wrâldkriich wurde earder ûnder histoarysk drama oardere. Yn de Feriene Steaten wurde films oer de Amerikaanske Boargeroarloch ek as oarlochsfilm beskôge. Films oer fiktive oarloggen lykas yn sciencefictionfilms of fantasyfilms wurde net ûnder oarlochsfilms rekkene.

Dokumintêres oer oarloch wurde net ta it sjenre oarlochsfilm rekkene.

  • In oarlochsfilm bestiet út in kombinaasje fan histoaryske feiten en fiksje. Ek as de film allinnich oer fiktive persoanen en situaasjes giet, wurde dy tsjin de eftergrûn fan in wier barde oarloch set wêrtroch’t it toande dochs in seker realiteitsgehalte hat. In oarlochsfilm ferfollet dêrmei in rol as tinkteken dat de ferskrikkings fan fierde oarloggen libben hâldt.
  • Yn in oarlochsfilm wurdt de haadrol ferfolle troch in persoan dy’t him yn de oarlochssituaasje ûntjout ta in held of troch ferskate persoanen dy’t de oarlochsgefaren troch oparbeidzjen oan kinne. Dat kin guon sjoggers der ta bringe om oarloch en it soldatelibben te idealisearjen.
  • In oarlochsfilm hat oarlochsgeweld en aksjesênes. Krekt as yn in aksjefilm wurde allerhanne stunts en spesjale effekten brûkt om de ferskrikkings fan in oarloch realistysk del te setten mei ferskuorrende bylden en net te hurdzjen lûd. Dêrtroch wurdt guon oarlochsfilms wol ferwiten geweld omwille fan geweld sjen te litten.

In foar it sjenre ynfloedrike stomme film wie The Birth of a Nation (1915). De film lit ûnder oare de Amerikaanske Boargeroarloch sjen op in wize dy’t tinken docht oan de Earste Wrâldkriich dy’t op dat stuit yn Jeropa geande wie.

Yn it tiidrek 1914-1918 wurde troch sawol de Sintrale Mogendheden as de Alliearden dokumintêres makke dy’t ek yn neutrale lannen, wêrûnder de Feriene Steaten, as propagandafilm sjen litten wurde. In foarbyld is de op de Wrâlderfguodlist foar dokuminten opnommen film The Battle of the Somme (1916). Dy dokumintêre toant bylden fan de tarieding op en earste dagen fan de Slach oan de Somme wêrby’t guon sênes neispile waarden.

Charlie Chaplin syn film Shoulder Arms (1918) wurdt beskôge as de earste komeedzje oer oarloch.

Nei de Earste Wrâldkriich rjochten oarlochsfilms har benammen op de ferskrikkings of de doelleazens fan dy oarloch, lykas All Quiet on the Western Front (1930). Mar der wurde ek in soad komeedzjes en aksjefilms oer oarloch makke. Yn dit tiidrek ferkringt de lûdsfilm de stomme film. Foar oarlochsfilms jout dat mooglikheden om oarlochssênes noch ynkringender te meitsjen.

De produksje fan oarlochsfilms kaam yn in fersnelling doe’t de Feriene Steaten yn 1941 belutsen waarden yn de Twadde Wrâldkriich. In soad Britske, Dútske en Amerikaanske films hiene as doel de befolking te mobilisearjen en ienriedigens en patriottisme te befoarderjen. In foarbyld dêrfan is Air Force (1943). Tsjin de ein fan de oarloch soarge de ferfilming fan populêre oarlochsboeken foar in kwaliteitsslach by de oarlochsfilm.

Daliks nei de Twadde Wrâldkriich hiene films in soad omtinken foar belibbenissen fan de krekt weromkommen soldaten, lykas Battleground (1949). Yn de perioade dêrnei wurde in soad films makke dy’t oarlochsbarrens brûkten as eftergrûn foar aksjefilms, mar ek foar dramafilms. Foarbyld fan sa’n aksjefilm is The Guns of Navarone (1961). Yn Nederlân lûkt de op in wier bard fersetsferhaal basearre film De Overval (1962) (filmlokaasje Ljouwert) folle sealen. Benammen yn Ingelân wurde films oer kriichsfinzenen populêr, bygelyks The Bridge on the River Kwai (1957). Yn de sechstiger en santiger jierren wurde grutte fjildslaggen ferfilme, lykas The Longest Day (1962) en A Bridge Too Far (film) (1977).

Troch de Fjetnamoarloch naam de belangstelling foar fiksjefilms mei oarloch as eftergrûn ôf. In soad Fjetnamfilms stiene kritysk foar de Amerikaanske dielname oer. Oarlochsfilms toanden wer faker de ferskrikkings fan oarloch en rjochten har op de effekten fan oarloch op dyjingen dy’t der oan meidiene. Foarbylden dêrfan binne de Koreafilm M*A*S*H (1976) en Fjetnamfilms as The Deer Hunter, Apocalypse Now (1979), Platoon (1986) en Casualties of War (1989).

Yn dizze perioade ûntstiet fernijde belangstelling foar films oer de Twadde Wrâldkriich. Foarbylden dêrfan binne Stalingrad (1993), Schindler's List (1993), The English Patient (1996), Saving Private Ryan (1998), The Pianist (2002), Valkyrie (2008) en de Nederlânske films Zwartboek (2006) en Oorlogswinter (2008). Benammen yn Jeropa ûntstiet ek nije ynteresse foar films oer de Earste Wrâldkriich, lykas A Very Long Engagement (2004). Ek wurde films oer resintere oarloggen makke, lykas Behind Enemy Lines (2002) oer de oarloch yn Joegoslavië, Hotel Rwanda (2005) oer de boargeroarloch yn Rwanda en The Hurt Locker (2008) oer de Irakoarloch.

Kompjûtertechniken en spesjale effekten wurde mei súkses brûkt om de oarloch realistysker as ea earder wer te jaan.