Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm
Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm Academy Award for Best Animated Feature | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste lange animaasjefilm | |
útrikt troch | Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) | |
frekwinsje | 1x yn it jier | |
datum | febrewaris / maart | |
plak | Hollywood (Los Angeles) | |
ynsteld | 2001 | |
1e útrikking | 2002 | |
offisjele webside | ||
oscars.org |
De Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, eins de Academy Award foar Bêste Lange Animaasjefilm (Ingelsk: Academy Award for Best Animated Feature), is in Amerikaanske priis op it mêd fan animaasjefilms, dy't sûnt 2002 elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange animaasjefilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, dy't útrikt wurde troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is. Yn 'e folksmûle wurdt de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm gauris de "Oscar foar Bêste Tekenfilm" neamd; dat is wat misliedend, om't net inkeld tekenfilms, mar bgl. ek lange animaasjefilms dy't makke binne mei stop-motiontechniken der om meitingje, wylst koarte tekenfilms krekt net meidogge (dy hawwe harren eigen priis, de Oscar foar Bêste Koarte Animaasjefilm).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lange tiid fersette de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS), dy't al sûnt 1929 de Oscars útrikt, him tsjin 'e ynstelling fan in priis foar animaasjefilms mei it argumint dat dêr yn in willekeurich jier gewoan net genôch fan makke waarden om soks te rjochtfeardigjen. Dêrby kaam noch dat der foar it meastepart fan 'e tweintichste iuw eins mar ien grutte animaasjestudio wie: de Walt Disney Animation Studios. Ynstee fan animaasjefilms in eigen priis ta jaan, waard sadwaande út en troch in spesjale Oscar takend foar útsûnderlike produksjes, lykas yn 1938 foar Snow White and the Seven Dwarfs, yn 1989 foar Who Framed Roger Rabbit?, en yn 1996 foar Toy Story. Fierders koene lange animaasjefilms yn teory 'gewoan' meitingje nei de Oscar foar Bêste Film, hoewol't mar ien (Beauty and the Beast, by de útrikking fan 1992), dêr ea foar nominearre waard.
Tsjin 2001 wie troch de opkomst, fanôf de twadde helte fan 'e 1990-er jierren, fan wichtige konkurrinten fan Disney (lykas DreamWorks Animation en de Pixar Animation Studios) de jierlikse produksje fan animaasjefilms sa tanommen dat de AMPAS syn stânpunt oangeande in aparte priis foar animaasjefilms op 'e nij besjen moast. Der waard besletten en stel de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm yn, dy't foar it earst útrikt waard yn 2002 foar films makke yn 2001. Dêrby waard wol it betingst yn 'e regels opnommen dat de priis net útrikt wurde soe yn jierren dat der minder as acht films dy't meitingje koene yn 'e bioskopen iepenen. Pas yn april 2019, doe't de nije priis alhiel ynboargere rekke wie, waard dy regel ôfskaft.
Behalven foar de Oscar for Bêste Lange Animaasjefilm kinne animaasjefilms ek nominearre wurde foar oare Oscar-kategoryen, lykas de Oscar foar Bêste Film of de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film. Dat bart lykwols yn 'e praktyk mar komselden: inkeld Up en Toy Story 3 waarden yn 2010 , resp. 2011 nominearre foar de Oscar foar Bêste Film. Waltz with Bashir waard yn 2009 nominearre foar de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film en is de iennichste animaasjefilm dy't dat ea oprêden hat.
Winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1934 ôf wurde de Oscars útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "2001", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 2002.
jier | lân | winner | regisseur |
---|---|---|---|
2001 | Shrek | Andrew Adamson en Vicky Jenson | |
2002 | Spirited Away | Hayao Miyazaki | |
2003 | Finding Nemo | Andrew Stanton | |
2004 | The Incredibles | Brad Bird | |
2005 | |
Wallace & Gromit: The Curse of the Were-Rabbit | Nick Park en Steve Box |
2006 | Happy Feet | George Miller | |
2007 | Ratatouille | Brad Bird | |
2008 | WALL-E | Andrew Stanton | |
2009 | Up | Pete Docter | |
2010 | Toy Story 3 | Lee Unkrich | |
2011 | Rango | Gore Verbinski | |
2012 | Brave | Mark Andrews en Brenda Chapman | |
2013 | Frozen | Chris Buck en Jennifer Lee | |
2014 | Big Hero 6 | Don Hall en Chris Williams | |
2015 | Inside Out | Pete Docter | |
2016 | Zootopia | Byron Howard en Rich Moore | |
2017 | Coco | Lee Unkrich | |
2018 | Spider-Man: Into the Spider-Verse | Bob Persichetti, Peter Ramsey en Rodney Rothman | |
2019 | Toy Story 4 | Josh Cooley | |
2020 | Soul | Pete Doctor en Kemp Powers | |
2021 | Encanto | Jared Bush en Byron Howard | |
2022 | Guillermo del Toro's Pinocchio | Guillermo del Toro en Mark Gustafson |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |